Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

02 07 12

 

It artikel yn de Ljouwerter Krante fan sneon oer Frits Migchelbrink, de âld direkteur fan de Noardelike Untwikkelings Maatskippij, en oer âld perfesser Jan Oosterhaven dy’t him mei regionale ekonomyske polityk dwaande hâlde, sil hjoed en noch wol langer neitrilje. En terjochte. Beide âlde mannen giene teset oer it Langman akkoard, wat we hjir yn it Noarden yndertiid, yn 2000 as in soarte fan Bibel ûntfongen ha: no koe it net mear mis gean, safolle jild, 6 miljard, ynfesteare yn in wat we sels as efterbleaun gebiet beskôgen. No ja, we ha hjir 13.400 nije banen krigen, mar de fraach is hiene dy no net kaam at der net ynfesteard wie. Evalueare dus. No, wêr’t Migchelbrink en Oosterhaven har bot oan steurden wie de wurkwize, it hottefyljen fan de trije provinsjes tsjin elkoar. Dat hat ús wer jierren en jierren efterút brocht. Mei wjersin sizze se noch: als er iets in Groningen kwam moest dat ook in Friesland en Drente komen. Dus kaam der nea wat gruts. Eemshaven wie klear foar romme stipe, romme ûntwikkeling, mar ja dan wiene der Friezen dy’t begûnen te seuren dat Harns ek oan see lei. De spoarline fan Hearenfean nei Grins, al of net futuristysk, is ek sa’n foarbyld, kaam der úteinlik net, se koene it net iens wurde. Mar seit Migchelbrink, Fryslân mocht ek saken allinne dwaan, mar doch it dan goed. Hy neamt de Westergosône, wa wit noch wat dat is en it is der noch altyd en der wurdt ek noch hieltiid jild yn pompt en nimmen wit wer’t dat bedarret, hy neamt de Westergosône een monsterlijke zone, maar ja het moest tegenover de A7. En der is noch neat feroare seit er, Thialf is al twa kear it ferkearde paad ynskood troch de politisi, omt se it dêr yn Ljouwert hieltiid oer Akkrum Sud ha. Bêste Migchelbrink, poerbêste Oosterhaven. Jim ha helendal gelyk. It Noarden bestiet net en at fierder yn Nederlân de gewesten ien wurde, sitte Fryslân Grins en Drinte noch yn har eigen spraakferwarrend tintsje. Noardelik belied is ûnsin, wurket net, no doch der dan ek net oan mei. Mar Migchelbrink en Oosterhaven, dat sizze wý al 100 jier. Friezen wolle net mei Grinzers, dy’t it Noarden as harren gebiet beskôgje, mar rekkenje dan ek mar dat je it sels ekonomysk minder krije. En ýn Fryslân? Ach, dat sizze we al 600 jier. De lju dy’t altyd fan it begjin ôf oan de Westergosône neat fûnen hiene gelyk. En dat wie yndertiid echt al mear as de helte fan de befolking. De lju dy’t gûle omt Thialf net goed delset waard en wurdt, hiene en ha gelyk. De lju dy’t oer de ambysjes fan Harns laitsje ha en hiene gelyk. De striid tusken Drachten, Hearenfean en Ljouwert is lachwekkend, dat fine we eins allegear. Mar, we ha mei ús allen ek neat feroarje kinnen. Wêrom net. Omt de politisi leaver elkenien in bytsje jouwe, as dat de saak op it goeie plak telânne komt en we der allegear wat oan ha. Polityk is ferdeel, heers mar faal dus. Spitich. Ik soe van Klaveren, Jansen, Heldoorn, Baas, Walsma, Bijman, Ploeg, Liemburg, Mulder,  Galema om sa mar wat nammen te neamen,  der ek noch wol ris oer heare wolle. Wat ha jim yndertiid sein, wat tochten jim echt en ha jim dat wol ferdedige, en hoe fine we dat werom. Of soe der net ien mear de mûle iependwaan, en wol se it inkel oer dy 13.400 banen ha.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s