Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

04 07 12

 

Yn  Fryslân ha je Fryslân Marketing en Tourist Info Fryslân. Dwaande om Fryslân fol te laden mei toeristen. Dat kin se net allinne, derom ha se oeral fasallen en dy hiete ek oeral wer oars. Yn de wâlden ha je Toeristisch Netwerk de Friese Wouden, in gearwurkingsferbân fan toeristyske ûndernimmers en organisaasjes en gemeenten. Ik hie der noch nea fan heard, mar se besteane, dus moat je lêze wat se skriuwe, yn it Nederlânsk, want oars kin de Dútse toeristen it net lêze. Het gebied de Friese Wouden profileert zich als Land van natuurlijk ritme. Ja, de klok rint ek yn Houtigehage lyk mei dy yn oare plakken yn Fryslân, dat sit wol goed. Eén van de dragende elementen van deze belofte wordt gevormd door de vele boerderij- of streekproducten, die in de regio worden gemaakt en verkocht. De streekproducten worden in diverse restaurants verwerkt in allerlei smaakvolle gerechten. Daarmee wordt de regio letterlijk op de kaart gezet. Tsja, wat bedoele se dêr no mei……o, ja fansels: de menukaart, dêr wurdt it op set. Ja wis. Boerderij- en streekprodukten. Tsjong. Op’e kaart  Sterker, yn in blêdsje, no ja dat neame sý fansels in magazine. Een culinaire reis door de Friese wouden. Dy wurdt fannemiddei presinteard, oan deputearre Sietske Poepjes noch wol en dat Makkumer famke moat it dan ha oer de smaak fan wâldprodukten en dus der ek yn omhaffelje. Se is went oan wytfisk mei sûrstip, no krijt se tusearte. Tusearte is in typysk wâldprodukt, wat je fierder ek oeral krije kinne, mar dan hite se oars, dan hite tusearte beantsjes. Yn Starum wie eartiids in grienteboer dy kaam blykber út de wâlden, dy skreau op syn boerd snij– en tussenbonen. No dy Starumers seine dan, geef my mar boantsjes. Mar at in wâldman it oer beantsjes hat, bin dat brúne beanen. Dat is ek in streekprodukt, wâldbeantsjes. Mar Sietske krijt tusearte, tink ik, ik bedoel om de namme soe dat moatte. Miskien dat se it dan wol op de oare wize klearmeitsje, in  pear oeren siede mei in grouwélich stik wiet spek deryn, wat dan sa tusken de beantsjes troch smelt, tusearte yn de pot. Dat waard troch dy earme wâldboerkes net makke, dat wie foar dy rike klaaiboeren. Mar derom mochten dy wâldlju dat noch wol. Wy wâldlju meie alles wol, want sa ryk wie eartiids alles no ek wer net. We meie de snoekbears sa’t se dy yn Makkum bakke ek wol hear. En der komme hiel wat lju yn de Fryske wâlden dy’t dat ek o sa graach meie.  Dus at dat Netwerk, nee dat Toeristisch Netwerk Friese Wouden in projektlieder oansteld, dy’t projektlieder is fan de smaak van de Friese Wouden en se jeuzelje dêr fannemoarn en –middei in pear oeren op om, yn in soarte fan te grut meitsjen fan alles wat gewoan wêze moatte soe, wit dan ek dat smaak hiel wat persoanliks is, it iene fyn je lekker, it oare gewoan en der is ek wol guod wat je net lekker fine. En at toerisme ophong wurde moat oan de smaak fan minsken dan  moatte gesinnen dus soms hiel ferspraad mei fakânsje. Mem nei India foar riis mei pilaf, it soantsje nei Dublin foar Irish Stew, de dochter nei Mexico foar de taco’s en heit nei de tusearte yn Katlik, want dêr ha se it hjoed ommers oer de smaak van de Friese Wouden. Mar ik bin bang dat se dêr net witte wat tusearte binne.

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s