Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

05 07 12

 

Fannemoarn om 10 oere wurdt it swurd fan Grutte Pier út it Fries Museum oan de Turfmerk helle. Eins bestiet dat museum al in pear dagen net mear, it is no in soarte fan opberchsintrum fan Frysk guod wat aanst nei it Saailân moat yn it Nije Fries Museum, it spul leit dêr no noch wat te slommerjen en net ien merkt it dat dat swurd efkes fuort is, nettstjinsteande dat it wol tige Fryske skiednis is fansels. Sju wy ha it dan altyd oer 1435 dat we de Hollanders wer yn see dreaun ha by Laaksum, en dêr stean we noch elk jier nasjonalistyske ferskes by te sjongen, mar de Hollanders bin dêrnei gewoan wer kaam fansels. Sadwaande waard de Kimswerter boer Pier Gerlofs Donia fan syn buorkerij raamd, de hiele soai waard yn’e brân stutsen. Doe waard Pier Gerlofs Donia lulk, en at Pier Gerlofs Donia  lulk waard dan barde der wat. Hy hie al tsien kear de sterkste man wedstriid yn Europa wûn, it wie wat in onbehouen breed man, bytsje wurden, hy sloech der leaver wat yn om. En no wie hy lulk. Dus hy sette  in helm fan6 kiloop syn brede holle, dy moast er spesiaal bestelle by in goudsmid yn Engwierrum, en doe’t er dat ding ophelle hong dêr ek in geweldich grut swurd, fan twa meter 13, dy 13 sentimeter wie’t wrâldrekord.  As úthingboerd, hjir wennet en wurket in smid. Pier Gerlofs Donia raamde dat swurd fan de muorre, sette de helm op en socht lju dy’t deselde kleur jaskes hiene as de Hollanders dy’t syn buorkerij yn’e brân stutsen hiene. No dy wiene der sat, en dan die Pier Gerlofs Donia efkes in Wedden dat meiJos Brink, wa kin de measte koppen yn ien kear fan Hollanders ôfslaan mei dat swurd. Sloesh. Ja, Rindert Straatsma hat  eartiids betocht dat se dan earst anderje moasten op dy fraach bûter brea en griene …..mar da’s ûnsin, dy tiid hie Pier Gerlofs Donia net, hy sloesjte inkel mar. En hy fûn it sok moai wurk dat hy hat it dêrnei altyd trochdien, sloesh, mei twa hannen. Faak mearder koppen tagelyk, dy Hollanders wiene bêst benaud foar him.. Dus hy wie wol wat wreed en dêrom komt syn swurd no efkes yn it Rotterdamske Maritiem museum ûnder de titel piraten. No ja, hy wie eins gjin piraat, hy wie gewoan in koppensneller, mar goed toen dan mar, witte dy Hollanders folle. Dat swurd giet dus efkes nei Rotterdam. En ik moat earlik sizze dat benaud my wol wat. Dat betsjujt nammentlik dat Fryslân sûnder syn ferdedigingswapen sit. Yn de psychologyske betsjutting. It swurd fan Grutte Pier, it hat noch nea bûten de Fryske lânsgrinzen west, inkel doe’t  Pier Gerlofs Donia meifoer de Sudersee op, en dêr allerhande Saksyske en Hollânske mêsten yn ien raam fan de skippen sloech. Sloesh. O nee, kreaaak, bats. Mar dit komt net goed, de grize giet my oer de grouwe, en se bin no yn it âlde Fries museum inkel noch mar de rommel oan it poetsen , alle bloed moat derôf. Frjemd hé, soks seit folle mear as bygelyks de hiele fleanbasis, dy’t sels útgroeid is ta wichtich Europeesk ferdigeningsstasjon. At in Russyske piloat it paad kwyt is, omt er op de koptillefoan nei André Hazes sit te harkjen, sûzje de Fryske padfinders der op ôf om him it paad te wizen. Mar it seit my neat. Se meie yn de Twadde Keamer sizze dat de JSF net komt, dêr is elkenien lokkich mei, dan  mei se dêrnei ek konkludeare dat it hiele swikje hjir sawat opromme wurde moat, dat it gjin doel hat dat  de Russen te plak wiist wurde salang at dy moai nei Hazes harkje. Fuort mar mei dat spul. Mar se meie dat swurd fan Grutte Pier nét fuortsjouwe. Ik wit wol, Fryske Kimswerter bern soargje hjoed dat it yn Rotterdam komt, en de bern dêrre witte aanst presies hoe’t Pier Gerlofs Donia sloesje koe, allegear moai. Mar ik fiel my wol wat ûngerêst hear.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s