Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

10 07 12

 

Juster waard it lannelike sifer bekind, der bin mear as 750.000 minsken dy’t der net yn slagje de skulden dy’t se ha, ek noch te beteljen. Hjoed komt al it regionale antwurd, yn Ljouwert is yn de Oranjeseal fan it stêdhûs in Expertmeeting Armoede. Ik ha noch nea fan myn libben op in ekspertmeeting west, dus ik moast googelje om der efter te kommen wat in ekspertmeeting is. No  dat is in byienkomst fan in groep spesialisten om in spesifyk ûnderwerp út te djipjen en te fertalen  nei in heechweardige tapassing yn de praktyk. En dan is earmoede dus it ûnderwerp, dat wurdt troch dy lju jûn útdjippe en dan fertaald nei in  heechweardige tapassing yn de praktyk, eeeh ….. no ik sil dêr net langer letterlik oer neitinke, want dan lês je dat spesialisten jûn útsykje sille dat we better yn earmoede libje kinne en dat is no krekt net de bedoeling. De gemeente Ljouwert wol nammentlik earmoede foarkomme en at dát net mear kin, dan wolle se de earmoede  bestride. Dat is taal dy’t je fersteane en begripe, mar dan sakket it daliks wer ôf yn wolwêzenstaal, de sintrale fyzje fan Ljouwert, siz mar wethâlder Andries Ekhart, is dat elkenien, wat syn of har finansiële sitewaasje ek is, de kâns ha moat om diel te nimmen oan de mienskip. Dat is baarlike nonsens yn in lân wat de lêste fyftich, sechtich jier inkel mar dwaande west hat om de finansiële ferskillen tusken minsken sa grut mooglik te meitsjen. We ha net in mienskip weryn deselde kânsen binne foar elkenien. Hoewol ik miskien sa no en dan in pilske mear keapje kin as in grutte groep minsken, kin ik lang net itselde wat in soad kennissen en freonen wol kinne. Dus is it leaf wat wethâlder Ekhart seit, mar de measten fan dy 750.000 minsken (en dêr sitte de bilêstingskulden en hierefterstannen noch net iens by, dus de earmoede is noch grutter) sille altyd ôfgeunstich sjen bliuwe nei de ynkommens fan bankdirekteuren. Selfs at harren earmoede oplost wurde soe troch de eksperts. Ja, en dat bart  fansels ek net, we komme sa linkendewei wer yn de tiid wer werom dat ditsoarte spesialisten allerhande rigeltsjes betinke, werfan dan net mear as de helte oernaam wurdt troch de oerheid. It bin ek noch allerhande fan dy frjemde rigeltsjes, dat immen dan at dy net genôch fertsjinnet de tagongskaart foar it swimbad en de bibliotheek fergees krijt, wylst hy of sy net swimme kin en noait lêst. Om mar net te sprekken dat je dan fergees nei it fuotbaljen kinne of oare soksoarte kloaterige regelinkjes. Je moatte fansels ien grutte hiel goeie regeling yn Nederlân ha, no ja je kin sizze ferdiel dat jild wat better en mear gelyk dan hat echt nimmen earne lêst fan, mar soksoarte kommunistyske gedachten mei ik net mear ha neffens ús mienskip, der moat striid yn sitte, dat neame we dan merkwurking en dat soe de mienskip better meitsje sizze de measten. Ik ha der neat fan murken. Boppedat, at je de ôfrûne jieren sjogge, at in bank yn’e skulden komt dan wurdt dy holpen. Mei jild. Sels al sit dy bank yn Griekenlân of Spanje. At in gewoan mins syn skulden net mear betelje kin wurdt der in ekspertmeeting hâlden. Mar jild ho mar. Dus prate dy spesialisten jûn fleurich yn it gemeentehûs, oer earmoede yn de praktyk, earmoede yn sifers, earmoede by bern en soksoarte saken en dernei sil yn de diskusje bliken dwaan dat de measte earmoede yn harren tinken sit. Omt Ljouwerter eksperts ek neat feroarje kinne oan in wrâld weryn de keapers en ferkeapers fan oandielen alles bepale wat der in de beurzen bart fan minsken, en de mienskip dat like goed gewoan gewurde lit. Miskien sieten de echte eksperts dochs wol yn de Occupybeweging.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s