Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

03 09 12

 

Dêr bin we wer. Moai dat we foarút sjogge altyd yn dit rubrykje, oars moasten we de hiele simmer noch troch. Dan moasten we it bygelyks oer Harns ha, oer dat it dêr in seldseme bende is. Net inkel no nei de Visserijdagen, ek yn polityk en oar opsicht. Mar ja dat hienen we ek al foarsein daliks nei de gemeenteriedsferkiezingen, de wyn is dêr sa fris wurden, dat it der no stjonkt. Hie no oer oardel wike ek mar gemeentlike ferkiezings yn Harns dien, kostet neat ekstra’s. Want no wit sawat elkenien wol dat it isolemintegedrach fan de measte partijen net wurket. We hiene it ek ha kinnen oer Piet Adema, dy’t der as deputearre foar soarge dat it gedoch mei dy sintrale as op sa’n wize mis gien is, dat er him no wer as boargemaster profileare kin. En Sietske kin de troep mar wer oprêdde, mar ik wik Adema, hân oerspile, de as komt der net. Mar it alderslimste wie fansels de gemeente SW Fryslân dy’t ynienen sei dat se meidwaan wolle yn de oerlizzen fan de stêdelike gemeenten Ljouwert, eeh sorry Grins, Assen, Emmen en dan pas Ljouwert. Doe ha dy bestjoerders fan Grins en Assen efkes yn de súdwesthoeke west en doe ha se sa ferskriklik lake, de wetterpoarte stiet der noch fan te skodzjen. Dus we kin it better oer de takomstige saken ha. Bygelyks dat je as studint oan de NHL learareoplieding no ek wer oeren folgje kinne yn Grins. Ja ho ris efkes, op 17 febrewaris 1989 ha de kommissarissen Wiegel en Von… , sorry Vonhof en Wiegel ôfpraat yn in soarte fan gevuld herenakkoart, dat it heger ûnderwiis nei Ljouwert soe, en dan moat je net, noch amper 23 jier letter it al wer nei Grins ta foezelje. Want se sette der ek noch by dat sokke oeren yn Grins geunstich wêze soene foar studinten út Grinslân, Drinte en Oerrisel. Oerrisel, en dan nei Grins, ja kom no, nei Ljouwert dy blaarkoppen, allegear. Wat sil we no beleve. Krekt as mei it CJIB. Ja it is de meast idioate en ûngelokkige ôfkoarting, dy’t ek net út te sprekken is, CJIB, Centraal Justitieel Incasso Bureau yn Ljouwert. Jo witte wol, jo ride te hurd, dy 30 is sels yn de ien te stadich, no ja, dan krij je soms in bryfke fan Bouke CJIB mei de fraach wat jild oer te meitsjen. Wilders soe sizze, wat jild oer te meitsjen nei de Grieken, mar dy kinne al dy boetes net iens ferwurkje yn harren finansiële húshâlding. Dat CJIB kaam hjir yndertiid, sa fan dêr moat ek ris wat stean en we ha no dochs kompjoeters, dus wy bliuwe baes yn Den Haag. En it waard ferkocht ûnder de noemer spriedings rykstsjinsten. It wreide o sa moai út. Mar no, no is it safolste gebou al wer te grut, kin we dat ek ferhiere oan in skjinmakbedriuw yn Ljouwert. En der moat ek minsken út, it wurd fiersten te grut. En aanst moat der fêst noch mear minsken út, elkenien krijt dan gewoan ien kear yn de fjouwer wike automatysk in boete foar wyldpisjen en it wegerjen om snie te romjen. We witte net iens mear wat sprieding fan  rykstsjinsten is, wa brûkt dy term noch. Alles skoot wer nei Den Haach, Amsterdam of Grins. De Ljouwerter Krante mei dan grutsk opskriuwe dat Fryslân heech op de Olympyske leider stie, yn Den Haach witte se net mear dat Marrit har Warten al of net noch bestiet, en, slimmer, it kin harren helendal neat skele. Yn de programma’s fan de polityke partijen foar de kommende ferkiezings is Fryslân net te finen. O ja, dat it opdûkt wurde moat, en dat is net slim want om dy polityke partijen mei Friezen bêst harren identiteit bewarje. De identiteit fan in kloaterich, earm, net in boat mear ferhierend, net meipratend, net meitellend, en de eigen taal ferliezend folkje wat tusken in tal megabuorkerijen, dy’t dêr moai yn dat grien stean kinne, omtoarket ?

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s