Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

04 09 12

 

De dei dat Abe Bonnema, de ferneamde Fryske arsjitekt, stoar (9 augustus 2001) wie in ekstra tsjustere dei. Omt dyselde Abe Bonnema yn syn testamint skreaun hie dat hy wat miljoentsjes neiliet oan Ljouwert, en dat se dêr mar in moai Fries Museumpke fan boue moasten. En wy erfgenamen kinne dêr net mei omgean hè. Wy witte net hoe’t we soks behannelje moatte. Wa begjint, wa docht wat. Provinsje? Stêd? No earst mar ris efkes sjen, dan efkes prate, miskien……..   no ja sa hobbele dat jieren troch. No alve jier, alve jier nei it ferstjerren fan Abe Bonnema stiet der in nij Fries Museum op it Saailân yn Ljouwert. It is trije, fjouwer kear sa djoer wurden as at Abe syn bedoeling wie, ek al omt it  bout waard nei in hiel soad geâldehoer, it waard inkel mar letter en letter, en sa kamen we yn de krisis telânne. It is in gebou wurden wêrfan ik my ôffreegje oft Abe it wol moai fûn hie, en it is op it plak wer’t it no stiet in monstrum, it hie oeral en benammen yn de romte past, mar net op it Saailân. It Saailân hie ivich in grut iepen plein bliuwe moatten omjûn troch statige serieuze gebouen. Mar goed, no begjin ik ek al wer te haffeljen en dat moat net, want boppe sit Abe Bonnema him dea te laitsjen oer it ûnfermogen om sa’n jefte te fersulverjen. Boppedat jonges, it is noch net klear hear. It gebou stiet der wol, mar it moat noch ynrjochte wurde. Dat duorret, pak’m beet in heal jier sizze se, dus yn de museum tradysje in jier. Mar it is net iens wis at it allegear wol trochgean kin. Want it komt net goed mei de sinten. Tonnen tekoart, at it net mear is, want by tekoarten sizze se tonnen at it miljoenen binne. En dat sil it wol wêze, want nimmen kin de âlde gebouen fan it museum kwyt. Wa wol dy ek ha, wat moat je der mei. No ja, se stean yn de begrutting: hjir krij we safolle miljoen foar en dêr safolle ton. Nee dus. Streekjes yn de boekhâlding. Reade streekjes. En no sil se jûn yn de Ljouwerter gemeenteried te set oer it folgjende probleem. It Fries Museum hat in rekkentsje krigen fan de gemeente Ljouwert, ozb, in ton. Se sloegen efteroer op de keale flier fan it museum. In ton. It Fries Museum en dan ozb? We bin der toch foar en fan jim. Mar CDA en PvdA ha al sein, ozb is ozb, betelje. Dat sil Harry van der Molen en Sjoerd Feitsma jûn werhelje yn it ramt fan de ivige striid tusken stêd en provinsje as it oer saken as provinsjehûs en Fries museum giet. Dat bin nammentlik oarlochssitewaasjes. Provinsje en gemeentebestjoerders sizze wol dat soks no net mear sa bot oan de oarder is, mar oer sokke lytse saken, in ton is yn harren tinken in lytse saak, bin se altyd dwaande om elkoar it libben sûr te meitsjen, want at Ljouwert fêsthâld oan de ton, moat de provinsje subsydzje foar it museum wer omheech. De ton moat wy dus betelje en dêr sit net ien fan dy lju mei, mar degene dy’t it ús ôffreegje moat, wol dat ek wer it leafst net, want dan kom je wer sa raar yn de peilings telânne. En dus wol ik no eins witte wa hat de begrutting fan it Fries Museum makke. Wa hat dy ton der net yn set. De provinsje net omt dy ek fynt dat it museum gjin ozb betelje moatte soe. Dan hienen se dat lûdop sizze moatten. Of hat ien fan it museum sels dy begrutting makke. En hat de stêd Ljouwert dy’t alles te krijen hân hat mei dy begrutting net sein, hee jong der moat noch in ton oan de ferlieskant stean. Dêr is helendal neat sein, se ha har allegear de bek hâlden. En foardat it museum offisieel iepene is in rekken fan in ton stjûrd. Formalisme yn wat eins in mienskiplik stribjen wêze moatte soe om te kommen ta in moai museum. En dat is noch folle beskamsemer as dat je net witte wat je mei in erfenis fan 18 miljoen oan moate.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s