Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

05 09 12

 

Jûn komme de lannelike listlûkers by elkoar foar in noardelik debat. Dus wurdt dat debat yn Grins hâlden.  En it is mar lokkich dat Fryslân krekt as Grins krimp hat, dan ha je der as Fries miskien ek noch wat oan, it wurdt ek op ús tillefyzje útstjoerd. Dat komt, it debat is ûntstien troch krewearjen fan de trije kommissarissen fan de keninginne. No stiet by de listlûkers dy’t komme Rutte noch net, at dat sa bliuwt dan hat ús VVD-kommissaris Jorritsma dus faalt, at je je eigen listlûker der net iens krije, dan gnize dy oare beide PvdA jongens je út fansels. Mar it kin noch feroarje, want wat moat Rutte at al dy oaren hjir omhingje, folders ferspriede yn Wassenaar? No miskien is dat ek noch wol ferstandich, want wat hâldt in noardelik debat yn? Ha wy as twifeljende kiezers dêr noch wat ekstra’s oan? Ja fansels hoe giet Den Haach aanst om mei de bûtenkanten fan Nederlân, mar dat jildt likegoed foar Limburg en Seelân. No dêr koenen se de coffeeshops en de Hedwigerpolder net iens ûnder kontrole krije, lit stean dat se in nije koalesintrale yn de Eemshaven wer werom draeie kinne en dat soe al moate want der komme hieltiid aardiger foarmen om enerzjyk te dwaan , mar ja at je dan yn Fryslân in wetterprojekt krije oan de Ofslutdyk, ja dat kin net, dan moat Grins earst eigen stroom ha. No ja miskien kin se de sintrale as tusken nearne en neat noch werom draeie, sterker al dat jild wat de Friezen sparre ha kin ek wol nei Den Haach, dan hoege dêr wer minder besunigings te kommen, en dy Friezen sitte jûn dochs net yn’e seal. Dat is wol spitich, want fansels gean alle fragen oer in nije provinsje. Dy soe it noarden hiete kinne, mar it wurdt dus Grinslân. Fryslân en Drinte moatte derby oanslúte, Pechtold seit it jûn mei klam, docht krekt of hat hy it betocht. En hy sit bot yn’e midden en it midden is mateleas populêr yn ferkiezings werby nimmen wit wat hy of sy kieze moat en wy binne allegear sokke kalvinistyske midden lju, dat Pechtold en syn D’66 miskien wol gelyk krije sille fan al dy oaren dy’t ek in bytsje nei dat midden skoue moatte, oars wolle wy en de Telegraaf har net mear. Sju, se ha wol gelyk, wetterskippen opheffe en dan ien grutte provinsje meitsje. Us gemeentlike weryndielings joue al oan dat soks op den duur hiel besparjend wêze sil. En dan kin de belêsting dy’t wy no oan de provinsje betelje, moai nei Den Haach. In stik as 4 provinsjes oerhâlde dus. In soad amtners mei betiid pensoen, wurdt it belied eindelik ek wat oars, wurket dûbel sa goed. Wat dy trije kommmissarissen har net beseffe is dat der ek mar ien kommmissaris mear hoecht te wêzen, en wý kinne dan moai yn diskusje bringe at de keninginne neat mear te dwaan hat, ek in idee fan Pechtold, kin wy har kommissarissen dochs ek wol ôfskaffe. No ja sa’ n soarte diskusje, krekt as soene alle mienskiplike programma’s, it alâlde yntegraal struktuurskema Noorden des lands, herenakkoarden, ISP’s yn it ferline o sa goed wurke ha. It noarden hat noch nea as ien gehiel wurkje kinnen. O ja wat ha we geweldich sjampanje dronken by it saneamde Langman akkoard, mar we ha neat oars dien as ús eigen Fryske ferhaal. En de drinten hiene har eigen ferhaal ek, dy stean ûnder Fryske lieding. Eins soenen we der dus jûn by wêze moatte om te sizzen dat it yn normale ferhâldings better wêze soe sa’n noardelike provinsje, mar dat wy net mei elkoar kinne en dat it ek noch  folsein tsjin alle gefoelens yngiet. Wat seinen jo? Dat ik der dan mar hinne moat. Nee ik gean nei Warkum, dêr hat Freek de Jonge in ferkiezingskonference. De titel is nammentliik al tsien kear sa moai as noardelik debat, want deryn beskriuwt hy de politisi dy ’t dwaande binne mei ney it noarden of de rest fan it lân mar harsels te profilearen. Mierenneukers.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s