Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

09 09 12

Ik krij sa linkendewei djip respekt foar de listlûkers fan de polityke partijen. Jeetje, wat ha dy wat te lijen, elke moarn, elke middei en elke jûn mar wer tsjin elkoar beuke en at de dei hast oer is dan komme yn slachoarder Pauw, Witteman, Knevel, van de Brink, Nieman en Wester en wa al net dêr omhinne om de dei te evalueerjen en je ek noch ris sûnder meilijen sjen te litten dat je earne in komma fergetten binne. Of je hiene je eagen net sa iepen dwaan moaten at je immen narje. En dan moat je dus folwoechsen sokke berneftige krityk slikke, én tsjinprate want oars liz je by de minsken tús hielendal al yn de ôffalamer. Fan sa’n man as Paul Witteman  hie’k soks net ferwachte, it betellet goed seker sokke ûnsin. Earme listlûkers. En stel je foar je meie in oare listlûker net, ik bedoel ja se joue elkoar hieltiid hantsjes mar ik krij ek wolris hantsjes fan minsken en dan tink ik hie dy mar yn de bûse hâlden, ik hoech dyn hannen net. Mar at je no echt ien net meie. En dy hinget jo ek noch ivich en altyd yn’e bek. Ik soe’m op in gegeven stuit by de strik pakke en yn de hoeke delsette en sizze ast dat no noch in kear seist dan hou ik dy it sikenhûs yn, ik bin wól in sosiale feguur, smoarge …… En jûns smiet ik Knevel der efter oan. Ik bin ek net geskikt foar de polityk, politisi bin gjin echte minsken. Mar it is dan wol logysk dat der fan sa’n partij mar ien meidocht en net mear, dat soe echt oarloch betsjutte. Dy oaren dogge dus yn alle rêst en yn eigen omjouwing de meast frjemde dingen. Twa derfan barre hjoed yn Fryslân. Jeen van der Berg, oars in ferneamd ynheller fan finishskotten jout no it startskot. Lutz Jacobi , de numer 11 fan de pvda docht in alvestêddetocht. Yn twa dagen. Alve, alve snappe jim, dus begjint se yn Hearenfean.. Begrype jo it. It sil wol symboliek en handichheidsjes troch elkoar hinne griemd wêze. No docht Lutz it net rinnende hear, der hat se in hiele simmer foar nedich. Dus se skoot bygelyks Starum efkes binne, de trije pvda-ers dy’ t der wenje stean mei in read sjaaltsje by it froutsje, kopke kofje en dan bzzzt wer troch mei de auto nei de Hylper leugebank. No ja Lutz kin dat, Samson leit út dat it better foar de minsken harren jild wêze soe, Lutz seit it is ek noch wol gesellich, eeh sosiaal.Hoewol? Ík bin der foar jim?… Anja Haga stiet ek alve, mar dan by de Christen Unie en dat rêdt Slob net op tink ik. Mar Anja sit dêr ek net mei, komt wol, docht as steatelid earst noch goed mei, en dan bin je dêr samar boppe, safolle froulju lizze der noch net op de kristlike merk. Mar Anja docht as nûmer alve net in alvestêddetocht, Anja docht in hûskeamerpetear. Dus se giet nei in hûskeamer yn Drachten en praat dêr mei de minsken. Je moat je der apart foar opjaan, dus ik wit net at je der ien foar ien komme, of allegear tagelyk, mar it sil sa no en  dan ek wol een algemien petear weze yn in romte mei sa’n tsien oant tweintich minsken. Nee gjin 20 dan sit it te grôtfol. Mar sa’n petear komt ek goed hear, sjoch ik hiendal sitten, je prate mei CU-minsken dy’t dochs al op je stimme, kin  hielendal gjin kwea. Mar wit jim wat ik sa moai fyn. Om healwe tsienen is de kofje en té op, dan moat je wer nei hûs. Op in tiidstip dat de polityke diskusje altyd op in hichtepunt rint sitte de CUminsken wer rjocht foar Andries Knevel. Da’s pas leauwe.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s