Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

11 09 12

 

Trije grutte blunders juster yn myn ferhaaltsje. Ferskriklik. Alderearst sis ik Samson, it moat Samsom wêze, mar dy oaren lulle hieltyd troch dy hinne. Fierder tocht ik dat se de âlde Jeen van der Berg rêstich yn syn eigen Hearrenfean litte soenen foar it startskot foar Lutz har oerstallige alvestêddetocht, lit se dy man nei Snits touterje om te sjitten, fotootsje, reade sjaaltsjes, krante, omrop, klear. Dat stiet foar dizze ferkiezings ommers domme Lok, it giet net om ynhâld mar om  byldfoarming. En ten tredde sei ik dat Anja Haga alfde stiet by de christenunie, mar doe die ‘k fannemoarn de kieslist iepen om alfêst efkes te oefenjen en ik seach ynienen dat dy achtste stiet. No dan hat se noch wol in lyts kânske om der yn te kommen, mar at je wis wêze wolle,  dan moat jim goed foarkarstimme. Ja en doe tocht ik ek lit ik it hjoed dan mar efkes ha wat dizze ferkiezingen oan Frysk en Friezen op dy listen opsmite. Ja, nee, jo ha gelyk, jo stimme op in partij hoe’t se tinke oer besunigingen, soarch, Europa, mar wy ha’t dan wol oer fleanbasis, Sionsberg, lânbou. Want opfallend wie ferline wike by de diskusje by omrop fryslân dat dy Fryske kandidaten in hiel apart lûd hearre lieten oer Fryslân, dat moast o sa selstandich bliuwe, de kandidaten hiene net iens mear yn’e gaten wat der har eigen lannelike programma’s stie. In contradictio ynterminus, mar wol hiel leaf. No de partijen mar efkes bylâns yn folchoarder fan opkomst. De VVD. Je soene wat ferwachtsje kinne fan de Stellingwerver Halbe Zijlstra op 7, mar der hat bliken dien dat dy gjin tiid foar Fryslân hat yn syn iver om de hiele kulturele wrâld te fernielen. No Anne Wil Lucas op 28, doarde net iens foar de Fryske tillefyzje, Aukje stiet te fier fuort , nee we sil it wol ha moatte fan Pieter Duisenberg, soan fan âld Hearenfeaner en PvdA man Wim, dy komt der sûnder  foarkarstimmen ek wol yn, en moat dan op in back bench Heech profileare. Lutz Jacobi stiet by de PvdA  op 11, dus dy sit net yn noed, mar at se no in hiele bulte foarkarstimmen  krijt, dan kin se samar minister fan milieu wurde en dat soe de ljippen yn Fryslân wol goed útkomme. En de PvdA hat it dochs goed mei ús foar, Jacques Monasch, 19, komt der ek wol yn, en at de PvdA yn it regear komt wurdt dy fansels steatsiktaris foar wentebou tink ik. De PVV bestiet net yn Fryslân, ja Sietse Fritsma stiet op 7, mei dan in Fryske namme ha, mar hy hâld inkel fan Roemenie, dêr wol er alle allochtonen ûnder bringe. No it CDA is fansels Frysk kleure, it CDA libbet inkel op it plattelân, en al dy foarkarstimmen foar Joop Atsma moat earne hinne, dat kin wol nei de ivich laitsjende Sander de Rouwe op 3. En Harry van der Molen sit efter op de fyts, 21, en hopet dat it pears plus CDA wurdt, dan skoue der wer  steatsiktarissen oan. Hoewol dan helje se fansels de Jan Kees de Jagers en Joop Atsma’s dochs wer op. De SP is ûnfrysk, Jos van der Horst pas op 50, skrasse. Mar dan D66.Op 9 Pia Dykstra, Friezinne, al is se dat wolris fergetten. Magda Berndsen op 10, wie hjir plysjebaas, mar at se no echt Frysk tinkt, neuh. Mar de nûmer 11, Sjoerd Wiemer Sjoerdsma.  At je sa hiete, bin je Fries, kin net oars. Watte? Berne yn Eindhoven. Opgroeid yn Limburg. Wennet no yn East Jeruzalem? Mar jonges, Sjoerd Wiemer Sjoerdsma moat in Fries wêze, moat sa’t dat yn moai geef Frysk hiet, fryske roots ha. No en rootsers, dêr kin we wat mei. No, Groen Links is it tsjindiel fan Grien Links en by de christenunie bin we by Anja Haga wer werom. No en al dy oare partijen, dêr sil wolris wat Frysk tuskentroch skimerje, mar dêr moat je eins net op stimme. We moat der fan ôf dat je fia ien sa’n gedoochseteltsje wer in idioate regearing krije. En foar my is it ek better, minder partijen, minder blunders.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s