Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

12 09 12

 

Oer in pear menuten al dan begjint it stimmen. Wat ha’k dêr sin oan. En it wurdt ek tiid hear, der wiene al in hiel soad minsken dy’t justerjûn leaver nei it fuotbaljen seagen as nei it safolste debat, dat foar in hiel soad minsken sa linkendewei miereneukerich geâldehoer is. Mar wy Nederlanders witte ús taak. Der stean no al minsken mei harren ferkiezingspaske en it riidbewiis foar de doar te wachtsjen, netsjes yn de rige foar it stimburo. Op Skier riidt al in bus om elk ierenbetiid by it gemeentehûs te bringen, dêr wurdt om twa oere stiekem al teld en om twa sekonden oer njoggenen jûn is de útslach fan Skier op tillefyzje. De media dy’t de saak no in moanne ferskriklik oerdreaun ha, bin hjoed wer op de routine toer,  hebt u al gestemd, u vindt dat u moet stemmen, ik zie dat de regen u niet hindert en wat hebt u gestemd of mag ik dat niet weten. Undersikers freegje dat ek, stiekem en om 30 sekonden oer njoggenen komt de gokte útslach op de tillefyzje. En oant ien oere ta, ferskuorrend spannend. Hearlik, hearlik. En wat moai dat ik no noch in pear menuten ha, want der bin in alderheislikst soad minsken dy’t yn dy rige stean en noch net witte wa’t se aanst in read kleurke jaan sille. Dat neame dy oerdriuwers sweefjende kiezers, krekt as is dat dom, mar dat bin gewoan minsken dy’t goed lang neitinke om alles wat der yn dizze kampagne útbraakt is te ferwurkjen ta in oardiel. En wit goed minsken, dat oardiel is fan libbensbelang foar ús lân, foar de ûntwikkeling en de takomst, foar ús bern. Dus stimme we gewoan óf VVD, óf PvdA, sadat we se twinge om gear te wurkjen en it programma fan D66 dus útfierd wurdt, al mei dy dan fêst net meidwaan, dat lit se oer oan it CDA, dat wol altyd mei alle winen mei. En minsken dat is ek it bêste, want wat ha wy in yngewikkeld systeem. Der dogge hjoed 20 partijen mei. Folsleine ûnsin. Doch no gewoan wer it âlde links en rjochts. Of nee, want de PVV is heal hiel rjochts en heal hiel links. Sil we mar gewoan sizze liberaal en sosiaal? Dus by it CDA de âlde roomsen en kristlike historisi nei Rutte en de AR jongens nei Samsom. D’66, de whisky sûpers en piiprokers nei liberaal, it jongfolk nei de sosialisten. Grien links hup yn de PvdA en fecht dêr mar om alles sa grien mooglik te meitsjen. De SP ek nei Samsom en dan mei de fakbûnsjongens besykje de hiele partij wat mei te krijen yn de ynkommensferskillen, sadat it ultra der wer wat ôfgiet.  Ek by de sosialisten in hoekje foar de bisteleafhawwers, de Thieme famkes krije dêr dan folle mear omtinken as yn de hel fan de liberalen. De PVV-ers nei Rutte, dêr is ek noch wol in bankje foar de moslimhaters. De merkwurkjende ûndernimmers komme dêr toch ek telânne.  En yn beide partijen ek fan dy 50 plus fregers, je ha rike en earme grizen. Fierder gjin lytskes mear, net om elke tongerslach sels in oare partijtsje oprjochtsje, dat is betiizjend foar de kiezer. Soks moat je net foar de tillefyzje útfechte mar yn efterôfsealtsjes. Neam it ek mar net mear VVD of PvdA, at soks tefolle identiteit is, neam it mar NL,  Nederlân liberaal, en NS, Nederlân sosiaal. En wit jim wat no it aldermoaiste is, de minsken ha dit allegear sels al útfûn. At we de enkêtes leauwe meie en dy ha noch noait doocht dus doge se no wol ris in kear, dan ha de minsken sein, links of rjochts, VVD of PvdA, twa partijen dy’t elkoar dan wol beskuldigje dat se mear nei bûten gien binne, mar dy’t dus aanst yn dizze swiere tiden  de hannen yn ien slane en der wat fan meitsje. Inkel, en dat sil jûn blike, der is altyd in winner, en dy hat wat mear te sizzen. Mar sjoch net raar at it ferskil mar ien stim is. Der rêst dus in swiere taak op al dy lju dy’t de stimmen telle moatte jûn.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s