Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

13 09 12

 

Twastriid. Dat wie it wurd wat juster de hele jûn de tillefyzje teistere. De oare partijen wiene lytser of net grutter wurden fanwege de twastriid tusken Rutte en Samsom. Twastriid,   ik sil jim dat útlizze. Yn de 60-er jierren bygelyks stienen der twa man op redens dy’t der fier boppe út stutsen, Ard en Keessie. Cees Verkerk, in bourgondyske kasteleinssoan en Ard Schenk de stugge noardhollânske boeresoan. Cees wie earst baas, mar linkendewei waard Schenk better, en dus moast Cees him wapenje. Dy begûn dan moarns by it brochje mei “goh Ard jonge wat sjochst der min út”. En ûnder de kofje nochris, bist wol goed. En sa gie der troch, krekt salang dat Schenk siik op bêd gie en Verkerk de oare deis kampioen waard. Letter is dat omdraaid. Mar alles gie altyd oer dy twastriid. Ard en Keeesie kinne we allegear noch, mar wit we noch dat yn dyselde Nederlânske ploech sokke jongens sieten as Peter Nottet, Jan Bols, Jappy van Dyk út Rûgehuzen. Neuh , opslokt troch de twastriid. Yn 1989 fersloech de Amerikaanske hurdfytser Greg Lemond  de Fransman Laurent Fignon mei acht sekonden yn de Tour de France. Mar wa wit noch dat ús eigen Gert Jan Theunisse fjirde waard efter Delgado. Yn in twastriid sjoch je net nei trije en fjouwer. De einspurt fan de alvestêdetocht 1997 gie tusken  Eric Hulzebosch en Henk Angenent. De leste wûn en Hulzebosch hat alle sinten mei sjongen fertsjinne. Mar ik ha de kwis faak dien, net ien mear dy’t wit dat Bert Verduin tredde waard. En hielendal nimmen wit mear dat Henk van Benthem en Arnold Stam ek yn de kopgroep sieten. De rest fan de polityk is dus de lêste wike fersopen yn het debat tusken Mark Rutte en Diederik Samsom. Media, opinypeilers en de minsken ha dat yn’e midden skoot en de rest die net mear mei. En sa sitte se aanst allegear yn  in hoekje yn de Keamer. Wilders realiseart him dat Nederlanders folle minder mei Europa hat as mei moslims. Buma stie dan noch as in idiote winner tusken de dom lûd razende CDA-ers, mar Sander de Rouwe laket net mear, no dan is it oer dêrre. En hjir ek, de PvdA it CDA foarby yn Dongeradiel Tsjong. De SP is  krekt  dy bûten de boat fallende Gertjan Theunisse, net ien mei my lije en ik bin ek noch altyd heul ûngelokkich. Pechtold moast krekt dwaan as lake hy, D66 hie ommers wûn, mar it laitsjen kaam net oan de eagen ta. De ferliezers rôpen allegear, dizze útslach is it fûnemint foar in nij begjin, mar it is in fûnemint fan niks is niks. Se dogge allegear net mear mei. De media nimme de twastriid noch inkel as útgongspunt. At se aanst tegeare regeare , en at se dat no dogge mei D’66 en/of it CDA omdat se dan ek yn de Earste Keamer in mearderheid ha en omt dy beide partijen noch wol wat goeie jongens ha foar in ministersbaantsje en omt der ek wat tuskenspul yn moat om tichterby elkoar te kommen, toch sille de media de kommende tiid elke komma dy’t sein wurdt by de VVD checke by de PvdA en oarsom ek. Alles. En wat oaren sizze docht net tersake en wurdt troch de minsken net mear heard. De twastriiders moate fjochtsjend en stridend betrouen fan de befolking herwinne, in krisislân der boppe op helpe, en oer helpen praat ek noch de soarch en de sike hûzemerk regelje. En en passent noch in europeesk belied mei gearstalle. De twa striders moatte ien leger wurde.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s