Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

17 09 12

 

Hjoed is it wer it begjin fan in hiele rare perioade foar it eilân Flylân. Nee, nee, se bin dêr net yn de war omt de PvdA no foar it earst sûnt it bestean fan Flylân de oerhân hat oer de VDD, nee. Ja, dat docht wol sear, mar der  hingje o sa fleurich no reade flagjes. Se hingje wol wat op in frjemd plak, op warskôgingsbuorden.  Sju, by de Flyhors stean buorden, der stiet op: dit is in prachtich natuergebiet mar jim moat hjir net komme fan hjoed oan en mei 28 septimber en op 8 en 9 oktober ek net.  En it skynt dûbeld sa gefaarlik te wêzen at se de reade PvdA flaggen derby hingje. In tiid lyn leinen der ris in pear skippers te baggerjen, en it wie wol moai waar, dus se giene efkes de wâl op, want efter de buorden soe miskien ek noch wol in Heineken boerd te finen wêze. “Wêr soenen dy reade flaggen foar hingje?” “Wit net ju, ha in pear jonkjes ophong seker”. Se soene op stap. Doe kaam der sa’n F16 oanfleanen yn in almeugend leven en dy smiet in pear bommen del op de Flyhors. No se wiene hiel gau wer oan board. Echte bommen ôfsmite op de Flyhors, it is hast tradysje. In sinleaze tradysje, de Afghanen hingje gjin reade flaggen mear op en wêr moat we dan mikke, sizze dy piloaten. Wat soe sok bommesmiten op de Flyhors no kostje. Ja dat kin je dus net fine he. Der stiet earne wol in almeugend grutte finansiele post foar oefenjen, mar hoefolle dit no is. Ja it is goed dat dy F16-ens oefenje yn it begelieden fan Russyske fleantugen  dy’t de koptillefoan hjir net brûke omt wy hjir hieltiid Rene Froger draeie. Dat moat foar de feiligens fan ús lân,  piloaten sûnder koptillefoan, jeetje. Mar skerpe bomme ôfsmite?  Of soenen se dat yn Libië echt dien ha, sûnder dat Sap it wist?  Dizze wiken op de Flyhors, rekkenje mar dat it miljoenen kostet. En it giet gewoan troch. We moat eins folle better ynsjoch ha yn oerheids jild. En lokkich, aanst om acht oere jout Andries Ekhart in taljochting op de begrutting fan de stêd Ljouwert. En dy ferslachjouwers moat hurd, want om njoggen oere folget de taljochting op de provinsjebegrutting, troch al wer in PvdA lid Jannewietske de Vries, dy begruttingen wurde mei reade flaggen ynhelle. Werom at it sa betiid is? No dat easket de Ljouwerter Krante, dan kin se dy begruttingen noch meinimme yn de krante fan hjoed oars lizze se in dei efter op de radio en tillefyzje, wylst der dochs in hiel soad minsken harren ynternet lêze. En wat foar belang ha wy no by dizze begruttingen. Dy komme in pear dagen foar Prinsjesdag út, en soenen der in ferfolch op wêze moate. Je witte ommers no al, dy begruttingen doge net, want yn dy begrutting fan Jan Kees de Jager stean dingen dy’t er net ferteld hat oan Andries en Jannewietske. Sterker, Rutte en Samsom sitte hieltiid stiekem te praten en wat dêr útkomt stiet der helemaal net yn en Samsom sil dat ek net oerlizze mei Andries en Jannewietske. Waardeloaze begruttingen. Boppedat sizze Andries en Jannewietske net iens alles. Sil Jannewietske de bygelyks de klamtoan lizze op dat Nuon miljard werfan noch net in sint útjûn is, nee fansels, dat stiet net yn in begrutting. Lûdop kleije, tagelyk dat miljard stiekem bedobje. Of nee, no begryp ik it allegear. At se klear is mei har heale útlis giet Jannewietske dat miljard  bedobjen op de Flyhors, dat sjitten is mar ôflieding. Dêrom hingje dy reade flagjes dêrre.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s