Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

19 09 12

 

Ynterpellaasje. Interpellatie. Letterlik seit Van Dale is dat: vraag om inlichtingen in een vertegenwoordigende vergadering aan één of meer leden van het bestuur gericht, in het bijzonder een vraag door een kamerlid buiten de orde gesteld aan de minister over enig punt van algemeen belang. Tsja. Buiten de orde, dat is wol hiel bysûnder. Boppedat liicht Van Dale, want it is net in Keamerynterpellaasje, dy ha hjoed wol wat betters te dwaan oer de formaasje en it ôfskied en sa, mar dit bin twa interpellaasjes yn provinsiale steaten. Dêr boartsje se Twadde Keamerke, mei sels twa saken bûten de oarder. Poeh. No stiet der fierder ek gjin hout op’e aginda, mar soks is te aardich om dochs efkes te kommen. Temear dêr ien fan de beide ynterpellaasjes wol hiel komysk is. Nee net om de ynhâld, earnstich genôch. Max Aardema fan de PVV wol witte werom at Skier yn Sjina makke bussen krijt. Hy fynt dat de Fryske ekonomy eins dizze oarder ha moaten hie, en net in Sjinees bedriuw wat ek noch 5 miljoen stipe krijt fan de Sjineeske regearing. As heare we Obama oer dy Sjineeske autoyndustrie. No der haffelt Aardema dan allegear fragen by, mar ien dy fyn ik wol heel moai. Hoe komme dy bussen hjir eins en at se ûnderhâlden wurde, of stikken binne, duorret it wol hiel lang foardat der hjir út Sjina ien is om it wer te meitsjen. En wit dy man wol dat er dan ek noch mei de boat moat? No ja hy freget it net letterlik, mar bedoeld soks wol. Mar de ynterpellaasje dy’t wól yn de media komme sil giet oer de sintrale as, de wei fan neat nei nearne. Werfan je je dus ôffreegje kinne oft it wol algemien belang is, of inkel Dokkumer en Damwâldster belang. De ynterpellaasje komt fan Grien Links en der is ek noch in ynkommen bryf fan Better As, jim witte wol, dat bin  al dy âld steateleden dy’t har der noch mei bemoeie wolle en no dus in ienfâldiger as ha wolle en mei twatûzen hantekenings freegje om de saak noch ris te behanneljen, dus ek te besjen. Ik wit net hoe’t it allegear komt, dat soe bêst nochris kinne. Want yn andert op de ynterpellaasje fan Grien Links, hoe kin jim sa stom wêze dat jim noch mar 60 persint fan de grûn ha, en hoe kom jim op tiid oan dy oare 40 persint, seit it provinsiaal bestjoer no, seit Sietske Poepjes, dat kloppet. Piet Adema hat faalt, en wy sil besykje it noch op tiid klear te krijen. No dat krij’t se net, want de Better As jongens dy hâlde dy grûnbesitters no fansels yn’e stokken. En dan moat de provinsje mear betelje as fjouwer euro per fjouwerkante meter, en dat mei wer net fan de Rekkenkeamer, dy’t fynt dat de provinsje al fierstentefolle betelle hat yn it ferline. Foegje dêr oan ta dat elke politikus no hast safier is dat it dochs echt ûnsin is om trije menuten earder fan Dokkum nei Burgum te fleanen en dêrfoar sa’n knoarre jild út te jaan. Dat wol sizze lannelike politisi dy’t it foar it sizzen ha. Want it CDA mei hjir dan noch omraak yn it pluusj sitte, mar dat is sawat foarby. En de sintrale as is sûnt jier en dei in CDA wei, foar in CDA gemeente , dy’t no ek yn mearderheid ek al PvdA stimde. Oan de oare kant is de meast protesterende, Grien Links sawat fuortfage, dat je witte it net. Mar soks telt allegear mei optheden en at je elke sint dy’t je net útjaan hoege foar wat oars brûke kinne, foar de Sionsberg miskien, dan kin it aanst wolris delkomme op inkel it ferbetterjen fan in pear gefaarlike sitewaasjes. Mar dat krijt dan pas stâl oer sis mar sa’n tweintich jier. Werby de provinsje hieltiid mear en faker op de bealch krije sil werom at se dy 60 persint yndertiid sa djoer kocht ha en wer at se dy no foar brûke sille. En at Aardema der dan noch is dan kin dy miskien nochris in ynterpellaasje dwaan oer werom at it wurk net dien wurde koe troch de Sjinezen, want dy bin toch goedkeaper.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s