Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

20 09 12

 

Ien kear yn de twa moanne kin je Gast van de Raad wêze yn de gemeente Sudwest Fryslân. Hjoed is it wer safier. Tsien minsken sille hjoed Gast van de Raad wêze. Dat witte se presies want je moat je dêrfoar opjaan. Ik tink dat je dêrnei efkes goed neisjoen wurde, want se kin net minsken as Gast krije dy’t it bestjoer omâldehoere wolle. Dat bin wol mear as tsien, mar dy meie dus net komme. Der kin trouwens elke kear tolve komme, mar dit is leau’k de twadde kear en it slinkt al wat. En dat is spitich, want it is fansels o sa moai om dat ris mei te meitsjen. As je komme op sa’n riedsgearkomste dan kom je net krekt as de oaren tsjin healwe achten, want dan begjint it, nee je komme earder, en dan  krij jo in VIP behanneling. Nee gjin broadsjes en molke, nee jo wurde ûntfong troch guon riedsleden. No dat is dochs wol hiel bysûnder, in echte VIP behanneling, want riedsleden prate noait mei gewoane minsken hear. Watte, se lizze jim sels wat út. Se fertelle wat se dogge om sa’n gearkomste hinne, wat de amtners dwaan moatte soenen, da’s allegear in soad hear. En al dy drokte fan it yn elkoar skouen fan gemeenten, tsjonge jonge, we begripe no pas alles. En o heden, jo krije as Gast van de Raad ek noch ynsjoch yn de te behanneljen aginda, dan lizze se sels út hoe’t it gean sil allegear. Dat witte se dus blykber al tefoaren. En dan komt it moaiste momint fan de dei. Dan komme boargemaster en wethâlders deryn en dy jouwe jo, inkel Gast van de Raad, in hân. In hân fan Marten Offinga. It is net te leauwen. Of fan Hayo Apotheker. No ja en dernei wurd je fan Gast van de Raad wer gewoan minsk, dan mei je op de publyke tribune sitten gean, njonken al dy oare gewoane minsken dy’t dêr al sitte. Jo krije hjoed trouwens in spesiale VIP behanneling, it is wol in hiel bysûndere ried. Want ik kin my net foarstelle dat se it net efkes ha sille oer in amtner dy’t twa kontrakten makke hat oer it Houkepoortprojekt, en de hântekening fan Apotheker stiet op beide kontrakten. Werom is dy amtner eins skorst? De gemeente hat twa kontrakten, ien fan 7 en ien fan 14 miljoen. De oannimmer hat inkel ien fan 14. No dan kin je toch moai as gemeente dat fan dy 7 sjen litte, mear betelje we net. Ha dy kloaten yntusken al tsien bettelle, foar in projekt wat o syn allersleaust útfierd wurdt, allinne al om de tiid fan de minsken kostet it dy 7 miljoen mear. Wa betellet no 14 as 7 ek kin? En ha se Apotheker dy kontrakten foar de noas skood yn in hiel protsje en hat er net goed sjoen. Of is de hântekening neimakke. Wat wie no de bedoeling fan dy amtner, en wêr is hy, Ibiza of de sel. Of mei se neat sizze omt it ûnder de rjochter is? Mar wat moat in rjochter mei in leger kontrakt dwaan, der wint dochs neat ien mei?  Kin je de gemeente Súdwest Fryslân sa maklik besoademiterje? Hingje we dy man op, of wie hy stiekem stjûrd troch de wethâlders en krijt er letter in sulveren wetterpoarte? Moat alle amtners no ek wer neisjoen wurde. Eeeh ……en dan is der noch immen op de tribune dy’t freget werom at de ried it allegear net sjoen hat. Dat wurdt frege troch in Gast van de Raad. Want dy hat krekt heart hoe yngreven de riedsleden alles besjen en kontroleare moatte, oft de amtners en b en w it wol goed dien ha. Dan wurdt it stil.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s