Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

26 09 12

 

We krije hjoed wer in dei dat we wat mear ynsjoch krije en wille belibje kinne oan de romte yn Fryslân. It wurdt dien troch Atelier Fryslân. Dy ha…… , watte? , wit jim net wat Atelier Fryslân is. Bliksem. No, dat is in ynstânsje dy’t frege en net frege adfyzen jaan kin oer wat wy mei de romte kinne. Ja it is in provinsiaal orgaan, mar ús provinsje hat allegear organen yn it libben skopt  dy’t net oars dogge as alles wat de provinsje docht feroardiele, dus we meie ferwachtsje dat Atelier Fryslân sa no en dan ek wol tsjin it romtelik belied fan de oerheid yngiet. Neffens my ha se geweldige grutte argewaasje hân fan it hûzepark dat oer de rûnwei oan de noardkant fan Snits bout wurde, dat kin net oars. Allinne we ha se net heard, de media hâlde tsjintwurdich  net mear fan adfyzen, dy wolle risseltaat. No dat komt der hjoed miskien wol út at je yn Westhim binne, want dý romte hat Atelier Fryslân  opsocht. In wrâld fan romte, je kin dêr oan alle kanten nei de einder sjen. At it adfys dêr mar net is om der ek sokke idioate hûzen del te setten as yn Snits. No ja en se komme ek net fierder as wat frege en net frege adfyskes en dêrom wie folle wichtiger dat der justerjûn yn de pleats fan Klaas Oevering yn Idzegea wat minsken wiene dy’t der echt mei dwaande binne om te praten oer hoe’t it lânboubelied yn de súdwesthoeke wêze moatte soe. En at je it oer lânboubelied ha, dan ha je it ek oer lânskiplik belied. Sju Klaas Oevering is net inkel boer mar ek foarsitter fan de skriezekrite Idzegea en dy hat alle boeren yn dy streek no sa’n bytsje op ien line: se passe har oan oan de griedefûgels. En perfesser Theunis Piersma lei út dat der dus mear skriezen oerbliuwe as earne oars yn de provinsje. Mar hy moast opbokse tsjin in lânbouman, Klaas Osinga fan de LTO dy’t sketste dat Europa aanst alle lânbousubsydzjes oan Roemenie jaan sil en dat de Fryske boeren dus har eigen  paad sykje moatte yn in wâld weryn at Albert Heijn de prizen bepaalt. En perfesser Jouke van Dijk wie frege om ris in ekonomyske skets te jaan fan sudwest Fryslân , en dy wie der wol hiel posityf oer, yn Fryslân falt alles noch ta en yn de hiele sudwesthoeke, ynklusief de Friese Meren noch mear, mar at je wat wolle yn de takomst mei de lânbou en it lânskip dat moat je dat wol ferkeapje want oars is it net te beteljen. Ferkeapje? Toerisme sei Jouke. Skriezetoerisme. Ik sjoch it al foar my, lytse paadsjes troch de greiden hinne en allegear rûnlieders dy’t oanwize, dêr sit in skries. Wêrre? Dêrre. Ik sjoch neat, ik gean der wol hinne. Nee dat mei net want dan giet dy skries fuort en dy komt ek net wer werom. No werom bin ik hjir dan. Boppedat feroaret it lânskip net wêzentlik yn de súdwesthoeke at it mear op de skries rjochte wurdt, it persintaazje blomkelân is inkel wat grutter. Mar ek wer net te grut, want dy boer moat ommers noch bestean kinne en dêr is wer minder europeeske subsydzje foar. No ja en doe wienen de deputearren Kramer en de Vries al wat fersichter fansels, want foardat se it witte moat se aants 3000 boeren ûnderhâlde, we wit no wêr’t dat Nuon miljard foar is. Foar de súdwesthoeke bliuwt dan noch mar ien ding fan Jouke oer, skriezemolke. Nee net molke fan in skries, mar sa neam je dat at je wat djoerdere molke op de merk smite, en dat minsken dat dan keapje kinne om de skries yn stân te hâlden. Streekprodukten. Jan Douwe van der Ploeg is back, hy hiet no Jouke van Dijk. Mar Jouke, wy keapje ek gjin griene stream en Albert Heijn  konkurreart ús der sa wer út, gjin probleem, no ja dy skriezeboeren bin dan faillyt, mar dat moat Jannewietske dan mar wer oprêdde. En der komt de adfysgroep Atelier ek op út fansels hjoed. Lit we alles samar wat hâlde  at it no is. We wol mei ús allen fan alles, mar we kin neat. Want ek lânskip, romte, fûgels en lânbou bin in kwestje fan sinten.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s