Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

28 09 12

 

Ik ha in haat-leafdeferhâlding mei de Ljouwerter Krante. Dêr is neat mis mei, it is ús grutste konkurrint as it giet om hoe’t je de minsken ynormeare. De grutste konkurrint fan de Ljouwerter is de Telegraaf en dêr koene se it dochs net fan winne, dus smieten se har mar op ús. No en dat wie foar har earst maklik te winnen, se seine eartiids at wy it net earst krije dan besteegje we gjin omtinken mear oan jim organisaasjes of eveneminten yn’e krane, en no ja dy lju wiene dan skitende benaud, want se wiene yn de measte gefallen der wol ôfhinklik fan. Dus dat wie wat wrotten foar ús, mar mei’t we mear stjoertiid en mear gelegenheid krigen koenen we it sa no en dan ek ris winne. Bygelyks de parsekonferinsje oer it heareakkoard yn febrewaris ‘89 rjochtstreeks útstjoere en dan net te hurd mei it boarst foarút rinne. Letter waard it allegear wat gewoaner, in suver wol aardiche sportieve konkurrinsje, prima. Rimmer Mulder waard haadredakteur, in hiel oar man as de eardere potentaten, en  Hylke Speersta ek, ik koe wol goed mei harren, sterker ik ha noch in tiidsje in wyklikse kollum by harren hân. Letter waarden se wer wat sûrder by de Ljouwerter,  benammen at der by ús wat barde, dat woene se graach sa negatyf mooglik fertale. At we neat sizze woene omt we dat ûnderling ôfpraat hiene kamen der fize rotstikjes yn de LC. Wy ha der noait oer taald by harren. Ik bedoel doe’t sy krekt kompjoeters hiene kaam in redakteur in kear per ûngelok yn it sinteprogramma telânne en seach ynienen dat syn kollega’s folle mear krigen. Ik ha heard dat it echt oarloch west hat, mar dat kin minsken yn Fryslân dochs neat skele. Mar netsjinsteande alles, ik lês alle dagen de Ljouwerter Krante. It giet optheden wat hurder as eartiids, de stikjes bin smeller en megerder, mar alla, dan kin je der sels noch wol in kear efteroan belje. Mar de Ljouwerter Krante is in begryp yn Fryslân. Al moat we ek earlik sizze dat it abonnemintetal werom rint.

Dy Ljouwerter Krante ferskynt fan moarn ôf yn tabloid. Ja tabloid is in fakterm, dy’t minsken net hiem is. Tabloid. Werom no sa’n ingelsk wurd. No ja it stiet ek yn de Van Dale …..eeeh tabloid is papierformaat ter groote van ongeveer een halve traditionele krantenpagine. O we krije dus moarn in heale krante, sis dat dan. Goh, dan krij we seker ek de helte fan it abonnemintsjild wer werom wat we yn it foar al bettele ha. In heale krante. Spitich. Want wy Friezen lêze op ús eigen wize de krante. We gean net yn de stoel efter de geraniums sitten, nee we spriede de krante út op’e grutte tafel, leafst de keukentafel en gean dan faak op’e knibbels op’e stoel sitten om alles goed lêze te kinnen. In moai oerke. Mar no dus noch mar in healen, te lêzen efter de geraniums, mar twa tredde fan de Friezen moat ynienen ek in sterkere lêsbril ha. En op de helte fan de pagina kin ek nog mar de helte fan de tekst, dy’t se al fermindere hiene. Go, dan ha je deis noch mar fiif menuten wurk tink ik om de Ljouwerter te lêzen. We wiene dat ek al went fansels, at we de sport of de kultuur krigen, de bylagen. Dan sieten je te lêzen en dochs wienen je te hurd klear foar je gefoel, dan blêdderen je him troch en dan tochten je, ja ik ha alles al hân. Mar je witte dus noch mar de helte. Boppedat, ssst,wit jim wat yn de Van Dale ek noch by tabloid stiet. Boulevardkrante, sensaasjeblêd. Presies, de konkurrint fan de Telegraaf dy’t se sa graach wêze wolle.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s