Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

01 09 12

 

It is hjoed in spannende dei. In ferskuorrend spannende dei. Nee, Rutte en Samsom bin  noch net klear, boppedat da’s al net mear spannend,  dy skriuwe gewoan it D66 programma oer. Nee, wy, hjir yn it noarden, ha in spannende dei. Grinslân, Drinte en Fryslân. In wurgjend spannende dei. Yn de rin fan de moarn, in oere as tsien aanst, dan komme der mailtsjes binnen. By de Ljouwerter Krante, Dagblad van het Noorden, by de regio-omroppen. Ja ik tink dat it ek noch wol wat fierder giet, de Volkskrante en de Telegraaf en de NOS en Pow Nes krije fêst ek in mailtsje. Dat mailtsje komt fan de Noardelike Rekkenkeamer. Ik moat earlik sizze, it is my ûntkaam dat der in noardelike rekkenkeamer wie, mar at je efkes trochtinke is it fansels wol logysk. Ja wy libje wol yn trije ferskillende provinsjes mar de oerheid dondere sûnt de 60-er jierren inkel jild nei it hiele noarden. Motto, rêdt jim der ûnderling mar mei. No dus hat der in trochrinnende kâlde oarloch west tusken benammen Grins en Fryslân, al soe it dan inkel mar wêze omt Grins alles wat se ha noardelik neame en dus ek tochten en tinke dat al dat noardelik jild inkel foar harren is. No ja dat is net mear út te finen fansels, útsein as der in noardelike rekkenkeamer is dy’t alles  op in hoop smyt en dêr dan de konkluzjes útlûkt. No en dy konkluzjes foar de perioade 2007-2010, dêr bin se no yn 2012 mei klear. Sa let, da’s altyd wat spitich want dan kin je it net mear feroarje allegear, mar ja we witte yn elk gefal wa’t eventueel net doocht hat, en dan kin je no moai syn of har opfolger derút donderje, sa wurket polityk yn dit nearzige lântsje. Dus wy krije aanst in mailtsje. Deryn stiet wat Grinslân, Fryslân en Drinte yn dy tiid  ferkeard dien ha mei it oankeapjen fan grûn, dat witte we al, dêr giet it benammen om. Dus dan stoue we de provinsje yn en hâlde alle belutsenen in mikrofoan foar, we sette oeral in kamera op: en mar freegje, hoe is ’t mooglik dat jim dat bedrach betelle ha foar dat stikje grûn. Tusken heakjes, dat is in stomme fraach, want al dy ferslachjouwers ha gjin lover ferstân fan grûnprizen. Je kin wol seure, mar jo en dy politikus witte ek net hoe’t dy ûnderhannelingen gien binne. En ik wit wol dy grinzer amtner hat it it swierste hân, want mei in boerke yn Grins oer jild hannelje, dat liket my in grûn foar selsmoard. Yn Fryslân krijt Piet Adema fansels op‘e bliksem en seit Sietske Poepjes dat it no allegear goed regele wurde sil, want dat is al bard by de sintale as. En at yn de wei by Donkerbroek itselde bard is,  ja dan hat de Fryske ûnderhanneler gewoan net op kinnen tsjin de Fryske boerkes, of dy ha in kursus hân fan harren Grinzer kollega’s. Mar dat nijs hearre jim hjoed noch net hear. No ja it mei om acht oere jûn frij komme. At de regionale omroppen klear binne mei de útstjoeringen, at de kranten al lang lêzen binne. Dus it begjint by de NOS, RTL, SBS en POW News. Dat saakje komt oan yn it Hard van Nederland en dingesBoulevard. En sa kan it dus barre dat de saak folle grutter wurdt as it at wurden hie mei inkel wat regionale belangstelling. Want wy wisten al dat minsken harren lân net fergees fuortdogge, en sels de priis bepale. Dat docht de Rekkenkeamer nammentlik net yn it foar. Inkel efternei. En dat kin elk.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s