Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

03 10 12

 

Sil we it hjoed ris dwaan mei in lyts ynsjoch yn wat der sa al yn ús aginda stiet. In wedstriid foar oranjekoekebakkers yn de Tynje. Dêr net hinne jonges. Ja ik wit wol, oranjekoeke is in Frysk produkt, mar altyd komt dy ferslachjouwer  werom mei trije doazen oranjekoeke, dêrom giet hy der ek hinne en foar’t je it witte haffelje je dêr wer yn om, en dat moat net. Der bin ek allerhande rieds- en riedskommisjegearkomsten. Frjemd, by de ried fan Harns stiet letterlik: neat bysûnders. Dat kin net. Yn Harns is it altyd oars en dus altyd bysûnder. Ik bedoel komt Frisse Wind al wer, of blaze dy earne oars, no dan sit se fêst op de publyke tribune. Hoe giet de ried dêr mei om en hoe giet dat allegear knoffelich fierder om der wer wat struktuur yn te krijen, ensafuorthinne. It moat bysûnder wêze. Dat is it bygelyks ek by de dyk de  N381. Ja sa hyt de wei Drachten Donkerbroek. Dat dogge se tsjintwurdich ek by de filemeldingen. Een lange file op de A12 en de A 4, daar kunt u zelfs niet langs. Het verdient aanbeveling via de N314 en de S201 verder te gaan. Ik bin it paad dan allang kwyt. En je moat dus ek net ús N381 op, want de ferbreding fan it lêste karrepaad fan Europa, sitaat Inez Pultrum, is der noch lang net. Nee, want it blykt dat dêr yn de midsieuen, ja hoe ist mooglik ek al folk wenne. En dêr wolle se no de itenspantsjes en de krulspjelden wer fan opdolle.  Midsieuen, no ja de dyk fan doe leit der no noch, we gean wol oer Grins nei Drinte. Erben Wennemars dy komt fan Dalfsen hjirhinne, dy kin gewoan oer it Fean. Hy moat nei Ljouwert, want dêr sil hy op de karrièredei fan de NHL sprekke. Immen dy’t safolle fertsjinne oan it reedriden dat er gjin karrière hoegde, hoewol je kin in reedriderslibben ek in karrière neame. Set’m op  Erben. Jjjjjjongens kkkkopje der by houwe, en altijd possssssitief het leven inkijken. Ja dat dogge se tsjintwurdich, sportkoryfeeën oproppe om sealen fol gewoane minsken yn beweging te krijen. Ekstra diminsje. Foppe de Haan moat fannemoarn ek. Tegearre mei Annemarie Jorritsma en Liesbeth Spies. Sju Liesbeth is fan it regear, Annemarie fan de gemeenten en se prate by it IPO kongres yn it WTC. IPO betsjut alle provinsjes, alle CdK’s, alle deputearren, watte, alle steateleden fan Nederlân bin yn Fryslân om te praten oer  de gearhing tusken oerheid en maatskippij. En Foppe is de ienige fan de maatskippij, de rest is allegear oerheid. O ik sjoch it al foar my wat der aanst bart, o hearlik. Foppe sil sizze dat de oerheid in kloaterige bende is. Dy’t it skoalswimmen en de gjimmestyk yn in hoekje dondere hat. Ofsjoen dat it betsjut dat we net sa gau wer nije Erben Wennemarskes krije betsjut it fansels ek dat ús bern te dik binne. Hy sil ek sizze dat de oerheid der foar soargje moat dat de âlders de gelegenhyd krije om der foar te soargjen dat dy bern ek bûten skoalle oan sport dogge, en dan net inkel damjen of kompjoeterracen. Hy sil en passent de provinsje Fryslân kapittelje dat se Thialf yn in hoekje soald ha wylst se mear as in miljard op it boekje stean hienen en ha. En dy provinsiale politisi sille har de earen spitse, want dy polityke ferhaaltsjes fan Liesbeth en Annemarie kin se wol dreame, mar dit? Al dy IPO lju meie de middeis yn in bus de provinsje yn. Wettergedoch besjen mei Van Erkelens, Waadgedoch mei Margreeth de  Boer of de Fryske Oranjes mei Bearn Bilker. Mar se sille net goed sjen en harkje want se sitte noch mei Foppe de Haan yn de knoei. Dat hindert ek neat, want dy busreizen foegje foar Fryslân neat ta. Foppe ek net, oan de ein fan de middei sil it polityke gefoel it dan wer winne fan sûn ferstân. Ach Foppe syn ferhaal wie foar Liesbeth en Annemarie, net foar ús. Dy borrel en oranjekoeke kin we no wol ha.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s