Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

08 10 12

 

In bidbook is neffens Van Dale net mear as in prospektus. In reklamedinkje dus. Sa’t we der optheden safolle troch de spam hinnegriemd krije. U hebt een auto gewonnen. En dan stiet der earne hiel bot en lyts ûnderyn, at je teminsten foar fjouwer jier meidogge oan de ien of oare lotterij, en tafallich ek noch it goede nûmer ha. Ik fertink al dy lju derfan dat se dy auto nea útlotsje. Mar hieltyd mear minsken traapje deryn en sa sil it dus ek net lang mear duorje dat je ek yn de WW in post krije foar lotterijen, dêr bin je dochs wol in pear tientsjes oan kwyt per moanne at je hieltyd wer ja yntoetse op jo i pad. Sels al bin de measte lotterijen foar in goed doel, je wurde mei hast misdiedige praktiken konfronteard. Mar we stean der by te springen en te dûnsjen en nei de tillefyzje te sjen, en betelje safolle dat  we net mear in pak molke foar 49 sinten by Albert Heijn weihelje, sadat dy de boeren noch wer minder jild jaan wol. Heijn wurket ek mei in bidbook, mar deryn sette se inkel har eigen wetten en sifers. Mar de boeren ha gjin kar, se kin de molke net oan in oaren kwyt. In bidbook is een pospektus, seit Van Dale, en it wurdt brûkt by in bedriuwsoername. Hokker bedriuw wolle de gemeente Ljouwert en de provinsje Fryslân oernimme? Want sij komme hjoed mei in bidbook. It bêste wat se oernimme kinne soene is in bedriuw dat dwaande is mei grûnoankeapen, want dêr bin se sels net goed yn. Mar se wolle gjin bedriuw oernimme , nee se wolle yn 2018 kulturele haadstêd fan Europa wurde. Jim witte sa linkendewei hoe’t ik dêr oer tink, mar ik kin ek net mear tsjin it entosjasme op. Jim ek net, hè? We litte de bern mar gewurde. We smite der dan mar in soad sinten yn, oars hâlde se net op fan seuren. Want jim  witte hoe’t we de bern opfoede tsjintwurdich, at se mar lang genoch seure krij se altiten en oeral har sin yn, we kin net tsjin seuren. It is no ek net sa dat we allegear stean te hippen en te razen: heu heu heu we wurde kulturele haadsted, mar we litte de minsken dy’t it wol wolle gewurde, sterker se krije genôch romte om yn te boartsjen. Mar ja, sa ist ek altyd mei boartsjende bern, sa no en dan meitsje se in tekening, net dat je by bern en Ljouwert sjen kinne wat der op stiet en wat it foarstelt, mar o wat beare jo, ja jonge dat hat hy moai tekene hear, en silst no ek noch ien foar beppe meitsje….. Yn Ljouwert en Fryslân hyt sa’n tekening in bidbook, want de jeugd brûkt no ienris ingelske termen, oars kin se elkoar net ferstean. Se skriuwe net in plan om kulturele haadstêd te wurden, nee se skriuwe in bidbook. In prospektus. At we der hjir allegear omraak oer beard ha, stjûre se him op en twa jier letter krij we in bryfke wer werom dat we de bern mar fertelle moatte dat it neat wurdt. Mar dan is geseur by jo oer, dan seure se europeeske minsken oan de holle, mocht europa oer twa jier noch bestean. No ja, hjoed dus mar beare he. O ja de bern ha ek noch leaf  iten klearmakke by de oanbieding fan it te bebearen bidbook. Stamppot. Kulturele stamppot neame se it. En se noegje elk út om der yn om te haffeljen en mei te iten, want der moat sa folle mooglik minsken beare. Ja soks kostet allegear wer jild, sonde jild, mar ja lit de bêrn no mar efkes, se boartsje sa leaf en oars ha je inkel mar wer allegear geseur.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s