Eelkesweblok

it each fan eelke

1 reactie

09 10 12

 

Jehannes Doedes de Jong wie fotograaf by de Friese Koerier. Dy krante is letter opnaam yn de Ljouwerter Krante, dus doe kaam de Jong dêr ek by telânne. Mar foar je gefoel wie der noch by de Koerier, de Hepkema fan alearen. Dat wie de sfear dêr’t hy yn paste. As Hylke Speerstra it skipperspear Douwe en Tryntsje Visser ynterfjoede foar de sneonskrante, gie Jehannes mei, sei net folle, ferdwûn eins út byld,  wylst Hylke it hiele roefke dominant folprate. Mar dan stie der de sneons in almeugend moaie foto by it ek hiel moaie stik fan Hylke yn de Koerier. Jehannes hie neat fan it drokke gedoch fan de Andringa’s dy’t altyd ljedderkes mei har meisjouwden en sadwaande foar it Friesch Dagblad alles wat mear út’e hichte fan boppe ôf  presintearden. Jehannes hie ek neat fan wat dy jongens fan de Ljouwerter foar útgongspunt en gewoante  hiene, de minsken  moat foar ús stean gean, sa’t wy wolle dat se steane, dan drukke wy wol ôf, en gean dêrnei mar fierder mei wer’t jim mei dwaande wiene. Nee Jehannes rûn om, de kamera op’e hân skeef nei boppe heal njonken syn holle en seach rûn, dan wienen je Jehannes ynienen kwyt, mar dan hie hy de foto al makke. In aardige rêstige man, at je him wer tsjinkamen die der net mear as efkes de wenkbrauwen omheech, mar sa alderhertlikst, it hie folle mear in kammeraadskiplik gefoel as it hantsje gedoch wer’t we no sa wyld mei binne. Jûn komt yn Tresoar de première fan de filmkolleksje fan Jehannes Doedes de Jong, want dat hie der dan wol gemien mei dy jongens fan it Deiblêd, hy filme ek. Mar wol oars. Miskien ha jim dy fotoboeken fan Jehannes  Doedes, yn de kollegamûle JD, al yn de winkel lizzen sjoen, ik fyn se skitterjend. It prachtige âldere Fryslân, ik bedoel Jehannes waard berne yn 1912 en stoar yn 1996, yn syn toptiid wie Fryslân in moaie, noflike, gesellige wurkseme provinsje, mei gâns omtinken foar it boerelibben (JD fotografearde ek foar it Fries Lanboublêd), wylst it wetter in folle wichtiger plak hie as earne oars en ek as no. Jehannes hat soks op’e foto en film set. Syn foto’s koenen we al, syn dochter hat koartlyn de films frijjûn oan it Frysk Filmarchyf. En dêr is dus jûn yn Tresoar it ien en oar fan te sjen. Wy ha tusken heakjes as Omrop Fryslân goede konneksjes mei it Archyf, dus fia de tillefyzje sil jim dêr fêst noch wolris it ien en oar fan te sjen krije. Mar ik hoopje dat de minsken dy’t jûn dêr  nei sjogge, dat dy mei grutskens sjogge en sizze, sa wie Fryslân. En dan ha’k it net oer langstme, ik ha’t mear oer realisme, sa wie’t. En dêr gie fan alles ferkeard yn Fryslân, en der wiene hiele aardige dingen, mar Jehannes Doedes lit ús gewoan in ko op’e keuring sjen, of in skip op it wetter. Sa wie’t. Mear net, gjin nostalgy, al wurd ik der wol nostalgysk fan.

Wit jim dat se yn it nije Fries Museum jûn in ynformele byienkomst ha tusken mediaminsken en oerheidslju en dat der immen dêr in ferhaal hâlde sil oer it neifolgjende Project XI gedoch oer facebook en sa. N et X m ar XI, alve. Hy giet der dan fanút dat der aanst by in eventuele alvestêddetocht, en dat immen dan op Facebook set kom allegear nei Snits, dêr is it gesellich. En dat de hiele wrâld dêr dan hinne giet en it net te hanthavenjen wêze sil. En it is nei wat der allegear bart is logysk dat je sokke fragen stelle, mar soe it ek net logysk wêze moatte dat dyselde lju har dan fan te foaren efkes ynintsje litte mei de bylden fan Jehannes Doedes de Jong.

Advertenties

One thought on “it each fan eelke

  1. Prachtich, Eelke. Moatst dy oan syn bylden oerjaan, lykas er seit yn ien fan syn gedichten: wêr is it bleaun, wy skowe ús lêste skip oan wâl en slomje yn, de streamen binn’ fierder dreaun.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s