Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

12 10 12

 

Fannemiddei wurdt de dr. Obe Postma Priis útrikt. Obe Postma, in Fryske dichter dy ’t libbe fan 1868 oant 1963, mar die ek in soad fertaalwurk en dêrom hat de provinsje dy priis nei him neamd. In priis, dy’t yn hannen kaam fan mannen as Gerben Brouwer, Douwe Tamminga, Jabik Veenbaas en sa. Ien kear is de priis net útrikt, doe krigen sân man de priis foar it fertalen fan toanielstikken dy’t Tryater spile, mar dêr woenen de measten gjin priis foar ha, dat wie al betelle. Tsja, en der wie noch in kear wat mei dizze trijejierlikse priis, yn ’96 doe’t Jarich Hoekstra en Harke Bremer ‘m krigen, foar harren fertalingen fan Maarten Toonder, Bommel dus, stripboekjes,  ja doe klauden se har wol oan de kop oer de kwaliteit. Hjoed krijt Anne Tjerk Popkema de priis. Hy hat yn Grins in fertaalburo, it is goed dat Grinzers fertaald krije wat wy betinke, mar no ist oarsom, Popkema krijt de priis foar it boek fan de grutte Tolkien, The Hobbit. Hobbit? Wit jim net wat hobbits binne?  Ja, no hie Tolkien dan lêzen, no ja, dat is in betocht folkje, fan dy healgrutte minsken, tusken kabouters en gewoane lju yn. Der bin trije soarten hobbits, de Stoerders, de Vavels en de Bruivels. It binne bourgondiërs, se dogge neat oars as frette, sûpe en smoke, it bin eins súdwesthoekers. Mar guon gean op it ferkearde paad en Bilbo Balsma wurdt ynbrekker en sil in skat stelle dy’t ûnder in draak leit. No ja ik sil de útkomst net fertelle, lês dan mar Popkema syn fertaling. Mar jonges, at Jannewietske de Vries ferline wike net sein hie dat se dy Obe Postma priis opheffe wol, dan hiene we dit allegear net witten. Der hie dochs nimmen útsein de famylje nei de útrikking gien. In lyts stikje yn de krante. Wylst it dochs sa is dat inkel troch it winnen fan ien of oare priis je as Fryske skriuwer wat yn de publisiteit komme moatte. En mei it opsizzen fan de Obe Postma priis, en de Fedde Schurer priis foar debutanten, ferdwine twa fan de sân Fryske literêre prizen. Trowens, dát is ek net folle mear. De Rink van der Velde priis yn Smellingerlân, ach wer in byldsje fan Anne Woudwyk yn de tun. De Rely Jorritsmapriis seit de media ek neat mear, dy ha de lêste tsien jier inkel skreaun en praat oer it lege nivo. De Simke Kloostermanpriis is wat foar de bern en de Piter Jelles priis fan Ljouwert is sa algemien, dat je dêr ek wer net fan skrikke. Bliuwt oer, en dat wol Jannewietske, de Gysbert Japicxpriis. Ja en dêr moat we wat fan meitsje. Eins soe’k de Fryske skriuwers dy’t hjoed by de útrikking fan de Hobbitpriis aksje fiere sille, wat freegje wolle. Jim aksje is deadelik foar de fryske skriuwerij. As aksje sil jim nammentlik jim eigen wurk foarlêze. Wa hat dêr belang by. Dat yn de krante stiet Durk van der Ploeg lies syn eigen wurk foar? Wa skrikt derfan. Hoe sa aksje. In aksje om jesels yn in deadlik hoekje te setten. Aksje is Jannewietske helpe, want it jierrenlange gekloat en hieltiid wer feroarjen fan kriteria en prizejild fan dy pear súterege prizen, (der bin tusken heeakjes mear prizen as skriuwers)  it moat feroarje yn in geweldige  jierlikse Gysbert Japicxakopriis. De tsien boeken dy’t elk jier útkomme wurde allegear nomineard, Omrop Fryslân skillet by de nominearden oan op de postcodeloterij wize. Of nee, dat liket op  hollânsk, nee, Frysk, efterom, suver wol benijd by Eeltsje Hettinga of Knilles van derWal, ja dat is de guts dy’t de fryske skriuwerij nedich hat. Dan moai oanklaaie foar it grutte boekebal, in daverjend feest. En dan Jannewietske de priis útrikke, nei it sjueryrapport fan Foppe de Haan, Doutzen Kroes en Wiebe Wieling dan al dy ynterfjoes mei lokkigen en teloarstelden. Spanning, sensaasje, styl. Aaaah. Eeeh de ynhâld fan de boeken? Ja , dat is hielendal net wichtich.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s