Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

15 10 12

 

We wenje mei syn allen yn de provinsje Fryslân. Dêr ha we hert foar, dêrom wenje we hjir ek, der is earne oars mear te fertsjinjen, mar wy bliuw hingjen op it âlde lân. Mar wat leit dat âlde lân der ronfelich hinne. Ja, ik ha’t oer provinsiaal belied. Nee, froulju en manlju, no net daliks wer lulk de knop útsette, jim as bestjoerders fan no bin echt net skuldich oan it belied sa’t dat eartiids útfierd is. We fertelle inkel hoe’t it kaam is en freegje fan jim: rêdt it no op, asjeblieft, oars komme we yn in fisieuse sirkel en draeit alles nei ûnderen. Foarbyld, Hearenfean, dat sit yn de jildpine. Eins moast Hearenfean dat te djûre, foar yndustrie bedoelde en mar net yn te fullen stik grûn oan de noardeast kant wer kwyt. Mar dat slagget net en no kinnr se net mear meibetelje oan de nedige dingen om de ôfslaggen om de rykswegen hinne, en dat is nedich , want net feilich genôch. Se hiene in ôfspraak mei de provinsje oer dy neamde yndustriegrûn, mar de provinse skynt dêr wer foar weirûn te wêzen fanwege dat rekkenkeamergedoch. Mar Hearenfean moast yn de jierren 90 dy grûn wol oankeapje, want de provinsje woe op de grûn oan de eastkant in ynternasjonaal bedriuweterrein ha. Dêr soene allegear grutte bedriuwen komme. Noait ien kaam. En Hearrenfean moast wol foar de lytse echt Fryske bedriuwkes in plak ha. Sa wiene de foarútsichten doe. Mar dy bedriuwen kin no op dat ynternasjonale terrein, dêr soarget de provinsje wol foar, dan hâlde se der noch wat oan oer. Mar it is dus de skuld fan de provinsje dat Hearenfean no skuld hat. Realisear je dat no, fertel dy rekkenkeamer dat, regelje it, rêdt de rotsooi op. Jim ha, ik sis it foar de 100ste kear in miljard op de bank stean, Samsom en Rutte ha’t der al oer hân. Mar wat set bygelyks it Christen Unie steatelid Anja Haga op twitter sneon, no at Hearenfean net meibetelje wol oan de krúsings dan moat we mar wer ryksjild oanfreegje. Altyd mar wer nei in oar sjen, hâldt dêr no asjeblieft mei op. De grûnpolityk fan de provinsje sil fannewike Jehannes Kramer de kop kostje. Nee, net letterlik, PvdA en CDA, bloedsbroeders en susters yn de grûnpolityk hâlde him wol oerein, al ha se it wol hiel handich yn syn skuon skout troch te sizzen dat it no ûnder ien deputeare falt. Mar nei it publyk ta sil Jehannes troch de knibbels moatte. Nimmen hat mear boadskip oan dat fêststelde belied, mear grûn oankeapje om oan  gebietsûntwikkeling dwaan te kinnen. Nee Jehannes moat krûpe foar de lytse net meibeslissende partijtsjes. En wat ik no graach wol, is dat de oare trije no gewoan sizze, it yntereseart ús net wat jim fine, wy wolle dit belied. It geseur, Otto van der Galiën, de PVV-er, twittere sneon dat hy yn de krante lêzen hie dat de provinsje dwaande wie om grûn fan Hearenfean oan te keapjen. Hy kin blykber net lêze, der stie dat se it ek wer ôfsein hiene, mar it jout oan dat Van der Galiën inkel mar belang hat by it troch de drek krûpen fan Jehannes Kramer. It hat neat mei provinsiaal belang te krijenm. En at de Kramers en oaren dêr oan tajouwe komme we dêr dus ek net oan ta. En da helpe we elkoar en Fryslân nei de bliksem ûnder it motto: it is mýn skuld net hear. No it is jim en myn skuld wol at we no net sizze dat we alles wat net goed wie en dus noch net is, dat  romje we op, belied wat goed is set we troch, belied wat oars moat, nije koers. Al kostet it ús dat miljard, kin ús dat skille. We bin dochs Fryslân. Mar gean we sa troch mei jeuzeljen  dan bestiet Fryslân oer fiif jier net mear.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s