Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

16 10 12

 

It wie sawat kertier oer fiven justermiddei en ik tocht it falt wat ta, ik gean lekker nei hûs, lekker ite, dit stikje skriuwe en dan yn bad, want de radio sei der bin lang sa folle files net as oars want it is hjerstfakânsje.No, ik siet noch mar krekt yn’e auto en doe seach ik it al, dy lju bin hjir oan it hjerstfakânsje fieren, wy ha gjin hjerstfakânsje, dus koenen je Ljouwert hielendal net mear útkomme. Seker wy net, wy sitte yn it sudeastlike bedriuweterrein de Hemrik, dat sit hielendal opsluten. Want at je nei in heal oere oankomme by it Drachtster plein blykt dat dy stopljochten ynsteld bine troch twa jongens út Goutum en Suderbuorren. Moarns sjoch je dat at  dêr mar ien auto weikomt, en hup 740 auto’s stean stil en dy iene fan Goutum kin der op komme, rjochting Drachtsterplein. En jûns alles wat dêr rjocht troch giet kin gean, fan de sydkanten kin net ien in kant út. Moarns stean se oan de Froskepôlle ta.  Al dy wiken dat der gjin ljochten wiene op it Drachtster plein koene je gewoan trochride en no, himeltergjend, meterke foar meterke. It wol fierderop net fuort hè, en op it middelste rychje dogge de onbehouwen hurken krekt as gean se rjocht troch, mar dan op it lêste stuit nei links ritse, no ja it is mear gean oan de kant jonkje, ikke. Dat ik woe juster ek mar rjocht troch, mar doe moasten wy ynhâlde want der kamen twa brânwar weinen fan it kazerneterrein, dy hienen blau ljocht en diene oehoe. Alles yn’e hobbel, de programearde ljochten wisten it hielendal net mear. De brânwar stode nei it noarden, mar dat ha se fêst ferkeard ferstien, dy man rôp brân yn Boazum, asbest, en no wiene se fia Grins op wie nei Assen west. Mar miskien hat dêr ek wol wat yn de brân stien. No nei’t de ljochten  wer op’e rige wiene, en we it wachtsjen op de hurk dy’t gewoan op ús rychje stean bleau mei de kniper ikke ikkke wol nei links en jim kin my neat ferhippe, doe’t we dat hân hiene, koe’t  troch. Nei de Van Harinxmabrêge troch it MCL ferkear. No is dat gjin haar better, at Ljouwert oer 26 jier de akwadukten iepent bin se fêst ek net breed genôch, se komme altyd efteroan. Mar doe stienen we dêr. Ee, dêr  kamen alwer blaue oehoeljochten oan.  Ambulânse en twa plysjeweinen. We skouden hiel ticht nei de kant ta dan koenen se der miskien tusken troch. Deun tsjin de fangrail en yn’e de berm, it wie noch al tyskjen, want der bin hurken dy’t je op de bumper stean en je moatte al wat romte ha. It koe op haren en snaren, de ambulânse wreau wat lans ús spegeltsjes en hup fierder. Efterôf hie’t net hoecht want der wie no in Fries by de alarmtillefoan sitten gien, en dy hie se doe’t er Himrik hearde nei   Himrik by LIppenuzen stjoerd, se hienen gewoan nei it Ljouwerter yndustrieterrein kinnen, mar goed. Je bin al mei al in trije kertier dwaande om út Ljouwert te kommen en  de lju dy’t hjir wol wenje moat net seure “dan wennest hjir ek mar”, sy moatte ek oer dy wegen en dy wegen stean smoarfol. Auto’s. En hurken. Sa smoarfol, dat yn de spits dy brânwar  en ambulânses gjin kant útkinne. Dat soenen se eins dochris besjen moatte, miskien is it sentralisearjen yn Ljouwert mei syn drokte wol net goed om dêr ambulanses te hawwen. It is noch gefaarliker as in plysje dy’t it wurd Boazum net ferstean kin. Want dy Fries hat ek Nederlânsk leard, mar Ljouwert hat noait leard hoe se mei it ferkear omgean moatte

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s