Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

19 10 12

 

De ombudsman, Brennikmeijer, ôfstammeling fan de rykste minsken fan Fryslân, komt hjir hjoed in kear hinne.  Neuh, net om mear jild, om syn baan. Ombudsman hè, dat is immen dy’t de minsken oanheard at dy tinke dat der  wat oan’e hân is, en ien kear yn de twa moanne dan seit: miskien hiene jo wol gelyk, mar ik bin bang dat je dat no net mear krije. Mar meast seit er, sorry sa bin de rigels yn dit lân en de wetten komme dêr noch in kear oer hinne. Mar goed, wy hysje de flagge want Brennikmeijer komt hjir, radio, tillefyzje, kranten, se folgje him op de foet: de ombudsman giet nei de minsken, de provinsje yn en dan ek noch earst nei Fryslân. Hy docht sa’n publisiteitskampanje, want mear is it net, wol wat hastich, in pear oerkes hjirre, in pear oare perkes dêrre. Kom gau nei my ta, ik bin sa wer fuort. We moat dat foarkomme, e kalis it ûnder wurktiid, we moatte him in pear saken foarsette, dêr’t er net trochhinne komt sadat er hjir de kommende fiif jier bliuwe moat. Kom op jongens, wy ha toch allegear lijen mei oerheids en heale oerheidsynstânsjes? Kom op, hup. Ja hup, we moat begjinne mei de fuotbalklubs yn de nij weryndielde gemeenten, bygelyks de sudwesthoeke. Dy wurde ferskillend behannele, want meast telle dêr de sportrigels noch fan de foarige gemeente wer’t se yn sieten. Net alles telt mear, want krigen je oars as skûtsjekampioen 1000 euro, dat is nei ûnderen drukt oant 125 euro. Mar dat is fansels ek it probleem sil Brennikmeijer sizze, want at se in gelyk belied meitsje, dan moat guon  ek wat ynleverje en dan komme dy wer te seuren, dus lit Wigle Sinnema noch mar efkes prutse, hy komt der wol in kear út, it duorret wol efkes want hy moat acht en in heal ton besunigje op de sport, mar alla. Daag. Tsja. Dus moat we wat slimmers betinke, yn de dûbele betsjutting, we moat dy man hjir wat hâlde, der bin hjir dochs wol mear misstannen yn Fryslân. Hee Brenny, at we it no ha oer it Frysk yn de meldkeamers hè. We roppe moard en brân en dy Grinzers en Drinten dy’t hjir yn ús Drachten wurkje fersteane ús net en dan stoue de brânwarren en plysjes nei it noard en it strân. No, dêr hat Brenny wol oan, temear dêr’t de polityke bazen fan sa’n alamrsirkus sein ha dat der altyd wol ien wêze sil dy’t frysk ferstean kin. Mar ja, je kin net tagelyk oan de tillefoan, dy sit nei in Drint te harkjen dy’t it hat oer in  lyk yn it hunnebêêêd, en dat  ferstiet dy Fries wer net. Brennikmeijer bliuwt dan efkes sitten, mar dan is hy ynienen tûk, want hy wol hjir wol wei. Hee, dy Friezen ha toch hollânsk op skoalle hân, at dy dan braaand roppe at der brân is. Se witte toch ek dat jild geld is. En foardat we wat sizze kinne is hy Fryslân al hast út. Mar trije reedriders lûke him oan de jas. Hee Brennikmeijer, at der moarn in alvestêddetocht is mei wy net meidwaan. Werom in oar wol en wy net. En jo hoege ús dat systeem fan de alvestêddetocht net út te lizzen, mar wy wolle ride, krekt as in oar dat mei. It is mar ien kear yn de tsien, tolve jier dat we kinne, wy wol ride. Dêr komt hy net út, en dan giet hy ek noch nei Wiebe Wieling en dy fertelt him dat hoewol it net kin, dy minsken toch gelyk ha. It is ûnearlik. Mar in ombudsman lost toch alles op?  Brennikmeijer giet yn de nacht fuort at de reedriders sliepe. Hy komt net wer yn Fryslân. Idioaten.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s