Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

24 10 12

 

De FNP reizget hjoed nei it bûtenlân. Steatelid Sybren Posthumus sil nammentlik trije dagen nei Italië omt se dêr twa provinsjes wer’t ek in pear Slovenen wenje, opheffe wolle. Je soenen  sizze dat skaalfergrutting sa linkendewei gewoan is, mar de FNP seit dat it opheffen fan Triëst en Gorizia in technokratyske politike maatregel is dy’t gjin rekken hâldt mei de minderheid fan de Slovenen. Posthumus sil de Slovenska Skupnost, de sloveenske FNP, stypje. En at Mario Monti net docht wat Posthumus seit, dan komt der in fraach fan de EFA yn it Europeeske parlemint. Oeeeeh. Hoe ist mooglik net. It is hjir yn Fryslân ien grutte rotsooi, mar Sybren Posthumus giet nei Italië om Slovenska Skupnost te stypjen. De FNP slagget der mar net yn om dúdlik te meitsjen dat se nei 60 jier no eindelik yn deputearre steaten sitte. Doch dat ris. Nee, parsekonferinsjes hâlde yn Italië oer Slovenen. No sadré at Posthumus dêr is, skoue se Fryslân stiekem hurd ûnder Grins. Lekker puh. Oer dy provinsje praat trouwens. Dy soe dwaande wêze moatte mei krimp, kulturele haadstêd, de ekonomy, wat doch je mei in miljard, de grûnpolitiek, de sintrale as, en wit ik net wat der allegear noch mear mis giet, mar wit jim wat se hjoed dogge: se organiseare op de Galemadammen in  kongres omt se har mei sân oare partners om de Noardsee hinne soargen meitsje at der wol foldwaande duorsem fearn  wurdt op skippen. Nee dus en dus wol Fryslân de skipsyndustrie ferduorsemje. En dan komt it: hybride sylskippen, net mei seilen mar mei fleugels, mar dy sile dan wer net, nee dy farre op elektrisiteit. Hooplik reitsje op de Noardsee net alle kabels yn elkoar. Sulveren Marrit Bouwmeester huppelt der by om en ek Reid, de âlde aartsvader fan de strontrace sil der wat mompelje, op syn Reids, dat ferstiet net ien. Dat komt ek omt it hiele kongres fierder yn it ingelsk is. Ik sil jim de swiere termen besparje, dêrsûnder kin jim ek wol freegje werom at Fryslân sân partners hat om it Noardseegebiet hinne oer duorsem farren, wylst we oan de Waadsee en de Iselmar lizze en dêr ha we earst toch wol genôch drokte mei. Of ferjitte we dat mar, krekt as al it oare en ferlieze we ús yn grutte mearke-eftige projekten. Mar ach, je bin der moai efkes út en je hoege al wer in dei net oan de echte problemen te tinken. Reid giet trouwens gau wer nei Warkum wer werom. Want dêr is it gesellich. Doede Bleeker feilt de twa snoekbearzen dy’t de jollefiskers fong ha, der is fan alles kultureel, en ik tink dat de earste strontracers weromkomme. En dat is fansels it aldergeselligst, de riedsleden fan súdwestfryslân rinne der om. En dy lju kin je samar oansprekke. Hiel aardich, de earste kear yn Snits goed slagge, it wurket goed, want dy riedsleden bin werkenber, se ha in pears jaske oan. Pears. It sit by de CDA-ers wat ûnwennich om de lea, mar alla, se moat mar tinke dat je dêr noch mei opfalle. En sa kinne de minsken hjoed yn Warkum alle klachten en gedachten kwyt by dy riedsleden. Alle dingen? No dat no ek wer net. At je al freegje nei it Houkepoort projekt, dan hâlde se de mûle stiif ticht. No ja se sizze da’s ûnder de rjochter. Mar at we trochfreegje dogge se it pearske jaske út en gean yn de minsken op. Ferdwine. Stjêrrende benaud dat se tefolle sizze yn sa’n eventuele korrupsjesaak. Noardhollân en benammen Roermond wize út dat soksoarte saken safolle mooglik yn stilte ferwurke wurde troch justysje en dat der pas nei in lange tiid wer in ein oan makke wurdt. Sûnder al tefolle reboelje. Dan hat net ien der safolle lêst fan. En dat korrupsje dêrom folle faker en mear dien wurdt as at we tinke. En at it gesellich is freegje je dochs net nei de Houkepoort?

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s