Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

29 10 12

 

Ofrûne sneontemoarn. De froast leit wat oer it lân. De autoruten moat skrabe wurde, it hat fearzen. Efkes rûke. Nee, it is noch wiete winter, net echt. Hjir en dêr hat it wat sneit, seit de radio. Wiete snie. Likegoed oer it fjild sjende, de kleur fan it gêrs is oars, beammen ha in frjemde gloed. Juster yn Langwar leine de blêdden tûmmendik oer de buorrensdyk, in wiete bende. Wat nuver dat se dy kloatebeammen dêr noch stean  litte, ôfsjoen fan dy blêddetroep, hoe moai soe de simmer op de Langwarder terrassen wêze kinne sûnder dy beammen. Mar ja, se bin histoarsyk en nostalgysk. No ja, en dan bliuwt it yn Nederlân stean. Yn Aldegea komt noch in man út it lûk fan in motorboat. Hy sjocht suver kâld, skrousk. Efkes fierder lizze de skippen al yn de winterjas, en de middeis leit dy lêste hjerstfakânsjegonger, faaks in ûnderwizer, der ek al net mear. Yn Nijesyl hat it skûtsje fan Jehannes Hobma al it plastik oer de liere en de ûnderkant fan de mêst, hy hat fan’t jier net wer meidien oan de strontrace en is no in wike earder mei it winterklear meitsjen fan syn skip. Yn Tsjerkwerd fart in fiskersaakje wat meidien hat oan de de fiskôfdieling fan de strontrace nei hûs. It lêste eintsje fan it jier, de brêgen gean wer ticht. Warkum nimt ek ôfskied, it drokke gedoch fan in moaie wike is wer oer, yn ien dei ferwynt alles wer nei eigen homaeije. Hylpen hat de lêste dei fan de fiskerijdagen, mar efkes fierder op is de rekreaasjehaven skjin leech. Noch ien boatsje oan de wal, wer’t trije man by stean te âldehoeren, dy bin ek dwaande om fuort. Yn Hylpen sels toutert in bus fol Frânske lju om, mar de frou fan de VVV docht al net mear al te bot har bêst om de buorden oeral del te hingjen, it is ommers dien fan’t jier, oare jier bestean se net iens mear. Frjemd, ien nacht fêrzen en krekt hjoed al komme de reünisten fan de manljuskoartebaan yn it reedridersmuseum, se prate de hiele dei oer de winters fan eartiids wylst de sinne bûten noch folop skynt. Mar it is in oare sinne as it waarmerke fan de simmer, at je net better wisten fan noardelike en sudlike streamings yn de loft soenen je hast sizze we krije winter. En eins is dat ek sa, it is ommers fannacht ien oere langer op bêd, of letter derop, de wintertiid giet yn. En dan hat Fryslân ynienen de winer yn it hier, dan moat alles oprêdden wurde, it hat gjin doel mear simmerske dingen stean te litten. Ik stapelje de stuollen op de feranda op, kleedsje der oer hinne, barbecue yn it hok riden. Nije wike at it droech is noch efkes de goaten en de griene rommel fan de tegels spuitsje. Hoewol, nije wike trouwens wol fiif fergaderingen, want dat giet no wer folop los. We ha hjir sa linkendewei yn Fryslân in werkenber patroan. Om 1 novimber hinne falle we yn de rest. Desimber famylje feest, jannewaris bekomme, febrewaris en maart wer gearkomme, en dan begjint de simmer al wer. No efkes rêstich, yn de wintersliep….

Mar potdikke sil jim it dan no ris in kear wat oars dwaan. Net yn de wintersliep, plannen meitsje, meielkoar prate, net alles op it lêste momint, de flaters fan de ôfrûne simmer útwaskje. Ja ik wit wol, sei Kroes eartiids ek al oer de alvestêddetocht, yn de simmer kin we der net oan tinke. Mar we moat winters no wol oan de simmer tinke. We ha sa’n moaie provinsje, jim hearden myn toan sakrekt. Hâld dat dan yn stân en lit sa folle mooglik lju der goed fan genietsje. Dus net sliepe, dêr oan arbeidzje. No.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s