Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

30 10 12

 

No we ha in regearakkoard. Moai he. Ja, nee it is net moai, want we betelje ús it scompus, mar Rutte en Samsom ha ús útlein dat se dit ferantwurde fine, dat it nedich is, en dat elk in  bytsje neidiel en in bytsje foardiel hat. Dat hyt in lekken oer de seare plakken lizze. Mar it mei. Alles mei. Sels de keninginne útskeakelje, no dy die  oars ek net folle mear as it formeel by elkoar roppen fan alle popkes, no at je de mearderheid ha kin je dat sels wol. Al sil der fan dy earme lju wêze yn ús lân, dy’t sizze, dit kabinet ha we te tankjen oan dat de keninginne net meidien hat.  Earme lju.  Want Samsom en Rutte ha tegearre de measte stimmen krigen en de lju dy’t net stimt ha, roppe no it lûdst, mar ha net meidien, dy moat har de bek hâlde dus. Alles mei. Ek dat minsken sizze dat we in kabinet ha wylst we noch net in kabinet ha. We ha allinne in akkoard fan Rutte en Samsom, wat de fraksjes fan VVD en PvdA ûnder applaus oernaam ha. It meast fermakelike dêryn fûn ik dat de gemeenten sa gau mooglik, binnen een paar jaar, dus yn twa jier, nei in minimum fan 100.000 ynwenners moatte. Hearlik, ik ha’t altyd al sein, Fryslân moat ta op fiif gemeenten, ik soe mar gau alles oerdwaan. Opheffe dy te djoere, te lytse, tefolle tiid en minsken fergjende gemeenten. Sa gau mooglik. O wat skilt dat in jild aanst.  No ja yn de rest fan it akkoart stiene de punten dy’t je  by VVD en PvdA fine koenen , jim sykje der mar út wat jim net oanstiet, kin jim dêr oer seure en oars docht de Tillegraaf dat wol. Want alles mei. Rutte en Samsom hiene de hannen frij. Radiostilte. Allinne yn Nederlân bin der media en at alles mei mei de media ek alles. Dus der wiene allegear betroubere bronnen yn Den Haach. It measte wie logysk út de programma’s opsocht, de rest ha de sjoernalisten sels betocht. Frjemd dat de sjoernalisten altyd sizze dat der neat oan de Nederlânske polityk is, mar dat se no ynienen sa yngreven by elk yn de skuon stienen dat dy har amper skeare koenen. Alles moast derfoar, elke skeet dy’t Samsom liet wie nijs, elke dei sei Rutte u moet nog wachten,  ik zeg niks en dan wol allegear wylde ferhalen. It slimste wie noch dat alle minstersnammen al yn de kranten stienen foar dat it akkoart der wie. No mei dat om my hear, at it sa is dat Samsom en Rutte tiid hân ha om dy minsken ek noch te beljen en op in listje te setten, dan mei dat, se tinke dan beide noch hurder as at se prate, mar at de  media no dat listje blykber publiseard  ha en deryn leauwe, dan mei net wat de kommende dagen dochs likegoed barre sil. Hee meneer  Plasterk, wat brengt u bij de formateur, de heer Rutte? Dat weet ik niet, hij heeft mij uitgenodigd, en verder doe ik geen mededelingen. Maar het is toch logisch dat u minister van binnenlandse zaken wordt in het kabinet van VVD en PvdA? Ik heb werkelijk geen idee waar u het over heeft. In het akkoord staat dat de gemeenten heringedeeld moeten worden, en dat wordt uw werk, hoe ziet u eigenlijk de situatie van Littenseradeel. Daar heb ik nog nooit van gehoord, goedendag. Aaah meneer Opstelten, u blijft minister van veiligheid toch. Dat weet ik niet. Ja maar waarom komt u hier dan langs. Dat weet ik niet, maar u staat hier en ik denk ik loop even langs. Dat soarte ûnsin. Dat hoege we allegear net te hearen. Of dy lju ha al ja sein en dan hoege se al dy saneamde moaie petearen net te hâlden, noegje dan de hiele bende yn ien kear út alles, dan hoech je mar ien kear alles út te lizzen. En at dy lju noch net iens witte oft wat yn de krant oer harren stiet wier is, rop dan ris hiel lûd jim media ha wer alles ferkeard foarsein. Ik wurd minister fan ûnderwiis en hef dus alle skoallen fan Littenseradiel op.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s