Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

31 10 12

 

Ik ha no 3.741 reaksjes heard op it pvvdaakkoart. Opfallend, eins fûn elk wol dat der wat aardichs yn siet en dat der moai snel en hurd wurke wie. Alhoewol de Tillegraaf op de foarside snijakkoord delsette, moasten se yn de binnen pagina’s dochs hjir en dêr wat posityfs heare litte. Mar tusken dy 3.741 reaksjes wie der ien dy’t my wat tsjinfoel. Tjeerd van der Zwan. Boargemaster fan Hearenfean en foarsitter fan de Feriening fan Fryske gemeenten en hy is dat omt Crone it de kommende jieren fierstentedrok hat mei fan Ljouwert in kulturele haadstêd fan Europa te meitsjen, da’s in bealch fol wurk. At se Van der Zwan no frege hienen nei de finansiële posysje fan de legere oerheden, dan hie hy yn de mande mei syn grutte nasjonale foargongster Annemarie Jorritsma noch wol wat te behaffeljen hân, al wie der by Pauw en Witteman justerjûn net ien dy’t har begripe koe. Mar van der Zwan hoegde inkel mar yn te gean op de stelling fan Rutsom dat we fierstentefolle jild útjouwe oan al dy gemeenten. In gemeente moat neffens Samrut 100.000 ynwenners ha, en we moat fiif lânsdielen oerhâlde. In lânsdiel is wat oars as in provinsje, Fryslân kin yn sa’n noardelik lânsdiel sûnder de Stellingwerven en Harns lekker himsels wêze.  Mar gemeenten net ûnder de 100.000. Wat sei Van der Zwan: sa’t we der hjir yn Fryslân oer âldehoere, dat wurdt dus neat. Dan wurdt it neat? Bliksem, oan de gong Tseard. Simpel rekkensomke, we ha no sa’n 100 wethâlders, as we fiif gemeenten krije bliuwe der 20 oer. Da’s in besparring, ik ha rekkene mei gemiddelden, fan 6 miljoen oer jier. No se ha ek noch allegear in siktaresse , noch in kear sa’n bedrach. 21 boargemasters minder, da’s pak ‘m beet 2 miljoen per jier foardeliger. De wereld amtners minder, wat soene de fergoedingen foar riedsleden wol net oan besparringen opsmite kinne, ik doar net mear te rekkenjen. En dan ha we it noch net iens hân oer de onkosten en it ivige geâldehoer, wat soe dat wol net kostje, dat is in mannichfâld fan dy bedragen. En ja Tseard, ik wit wol, as je dy gemeenten by elkoar smite giet it earst net sa hurd, der bin allerhande saken dy’t noch net goed rinne, it bin ommers gemeenten. En ja, al dy lju moat wer goed ôfkocht wurde, oars komt it fakbûn fan boargemasters wer mei spandoeken en petsjes foar de doar. Leave Van der Zwan, dit mei je allegear net wichtich genôch fine, dat mei. Elkenien mei elke miening ha. Mar je meie net sizze we ha der hjir yn Fryslân al sa lang oer seurd, we komme der net út en dus sil hjir wol neat wurde. At it neat wurdt neat, komt dat omt we leaver inkele hûnderten miljoenen tefolle útjaan wolle, da’s in oerwaging. Mar net dat we it net kinne soenen, dat it net mooglik is of sa. It is sa simpel. En eins moat jo it regelje as straf foar dat je net woenen. Jo belje aanst mei Hoornstra. Willem jonge, Gasterlân Sleat giet per direkt nei Súdwestfryslân, leverje it ketting moarn mar yn. Dan efkes nei de Jouwer, Friese meren giet net troch, jim komme by ús, kom nei de kofje mar. Dy Stellingwervers sliepe dochs, at se wekker wurde sitte de amtners al by jim. Dyn nije freon yn Smellingerlân wit toch net hoe’t hjir giet, jim ferdiele Opsterlân en hy moat fierder sels mar belje mei dy jongens yn Tytjerksteradiel en Achtkarspelen. Dan bellest noch efkes mei Marga Waanders, dy regelt alles sels wol, mar se molat noch efkes witte dat se de eilannen der ek by krijt, ynklussyf Teksel, wat moat Almere en Annemarie mei in eilân. No ja en dan moat Crone it oerbleaune guod mar opstofsuigje, it kin him toch allegear net safolle skille, mar ek in kulturele haadstêd hat efterlân nedich, oars bin je net haadstêd. En at Grins hjir de baas is, moat je earne oars haad fan wurde. Dat regelst toch aanst efkes Tseard. En wat is it moai Tseard, aanst mar fiif boargemasters mear dy’t fechte om dy iene plysje dy’t yn Fryslân noch oer is.

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s