Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

01 11 12

 

Beatrix, nee, nim my net kwea ôf, net sa populêr,  eeeh keninginne Beatrix hat justerjûn Rutte al op besite hân, hat it dus hjoed oan tiid en iepenje it nije teater yn Snits, it Theater Sneek. De measte minsken út de omkriten ha der trouwens al west, want fanôf begjin oktober wiene der allerhande foarstellings. De keninginne krijt net in foarstelling. Wat hie’t net moai west at ek Rients Gratama no ris in kear wat spesiaals foar de keninginne dien hie, nei de foargongers Paul van Vliet en Jos Brink. En de keninginne en Rients se bin ek noch sawat like âld, o wat hie dat moai west. Yn it Frysk, noch moaier, en dat hie se dochs net ferstien en dan kin je noch wol efkes wat skerps sizze, dat doch je wat smeulsk en dan  laket se dochs wol. Gesellich. No en Tryater hie ek moai spylje kinnen, nee net sa’n ein, in stikje. En dan hurd stiekem noch efkes in petysje oanbiede oan de keninginne, sa fan, frou, we ha in noch in lyts  swierrichheidsje, sju Rutte en Samsom ha’t hiele Frysk fergetten. En sy de hannen breed, ik mag ook niet meer meedoen Jan en Marijke. No ja dan moat Siep noch mar efkes in stikje sjonge, dan ha je de hiele Fryske kultuer ek wol wer hân, en wit je dat Snits yn tsjinstelling ta Ljouwert net klear is as kulturele haadstêd. Mar it crême de la coeur fan de Fryske kultuur is der net, de keninginne sjocht inkel wat bern oefenjen yn dûnsjen, wat wy friezen hielendal net iens kinne, fierder neat. Ik bin benijd trouwens hoe folle minsken at der yn de seal sitte, ik tink net iens safolle, in lyts ploechje blaue jaskes, Jorritsma, Apotheker, Sinnema de wethâlder en de direkteur fan it teater, Ben van der Knaap. En eins is sa’n lyts ploechje al ferkeard hè, de keninginne soe der sitte moatte tusken, hoefolle kin der yn dy seal, tusken de folle seal fan 620 man. Dan kin se nammentlik sjen hoefolle belangstelling der is foar sa’n teater. Al dy sudwesthoekers dy’t oars nei Drachten, Ljouwert of Dronten touterje moasten, kin no moai yn eigen teater sitte. En in soad lju kin ek noch mei de trein, ik bin benijd at dy tsjinstregeling ek oanpast wurde sil op it teater. Theater Sneek hyt it en ik tink net, ik ha ’t ek net yn it draaiboek lêzen, dat it noch in oare namme krijt. En dat hoecht ek net want de namme Snits, Sneek bedoel ik, hat in eigen ferneamde klank. Yn hast alle kranten hiene se it yn ferbân mei dy bekerfuotballerij werby de Snitser teams útlotte wiene om te ferliezen fan Aax en AZ, oer it gedoch fan tefoaren ûnder de titel Sneekweek. Ik ha der efkes fernuvere nei sjoen, dy Snitswike is folle mear sûpen as silen, mar dy ferslachjouwers ha fansels as jonkje hjir ea wol omsyld. En kommersieel bin de Snitsers up to date hear. Fuotbalgebakjes. Ja noch slimmer, frou Joustra kaam mei fuotbalbeerenburg. Mar it wurdt allegear fretten en sopen as hie’t krekt oarloch west. Feest yn Snits en dat neame se allegear Sneekweek. Yn dat stik fan saken is dy besite fan keninginne in hinderlike ûnderbrekking fan sokke fuotbalfeesten, Apotheker sit ek leaver op’e tribune as dat er mei it ketting om in moarn efter de keninginne oansjoue moat, want dan ropt net ien Sneekweek. No it wurdt wer in hiele seremony, ik ha it draaiboekje lêzen wat de media krigen. Dêr stiet yn dat dy measte sjoernalisten opsodemieterje moatte of yn in hoekje út it sicht  stean. En je moat fyftjin wike fantefoaren al opjûn ha wa’t der komme want dan kin se skreend wurde fan de ûnderste tean oan it krúntsje. En at der immen siik wurdt, spitich dan, jim dogge hjoed net mei. At je it lêze dan tink je dit is in folslein ûnSnitser draaiboek, sa formeel stiet it der allegear. En dêrom allinne al is de iepening fan it teater troch de keninginne ek folslein wat oars as it fuotbaljen yn de Sneekweek,

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s