Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

05 11 12

 

Fryslân hat 419 doarpen. Guon derfan bin net grutter as in hûs as fiif, oaren ha noch in hiele goede kroech mei in boppeseal, dus der bin no sa’n 230 doarpshûzen yn Fryslân. Da’s in respektabel oantal. En it tsjûget ek fan in soad mienskipssin. It doel fan in doarpshûs is dúdlik: op al de âlde doarpsfilmkes soch je dat der in tritich froulju mei elkoar sitte te breidzjen, dat de bern haske oer dogge op it plein en dat de frijwillige brânwar in spuitoefeninkje hâldt. We dogge in soad dingen mei elkoar, en at it reint dan dogge we  dat yn in doarpshûs. Gearkomme, kaartspylje, kultuur snúve, mei elkoar breidzje. At je der ek noch sportdingen yn dwaan kinne en der stiet in lyts tonieltsje yn, dan neame se it al gau in multi funksjoneel sintrum, mar dy term is yndertiid inkel betocht om de oerheid te bewegen hjir ek foar te beteljen want dy wiene nei de earste 100 doarpshûzen wol útrûpele. Mar in doarpshûs is fan flinke betsjutting foar in doarp, seker yn dizze krimptiid, je litte net sa mar in doarp ploffe, want dan is der altyd wol ien dy’t seit mar wat moat we dan mei it doarpshûs. En dan giet it opheffen fan it doarp net troch. Fannemiddei om fiif oere wurdt it earste streekhûs yn Fryslân iepene. It stiet oan de Florynwei yn Burgum. It wurdt iepene troch trije minsken. Trije iepeners!! In deputearre, Jehannes Kramer, boargemaster Eric ten Keurs fan Tytjerksteradiel en Henri Geursen , foarsitter fan de ûndernimmers yn noardeast Fryslân. Want fersin jim net, it streekhûs is net fan Tytjerksteradiel of wer in oare namme foar in doarpshûs fan Burgum, nee, it is in hûs foar hiel noardeast Fryslân, dit is in heel o heden. Mar ik moat earlik sizze, ik siet der al mei, want wat is in streekhûs, wat dogge se dêr?? Ik wist it net. Ja, it is it earste yn Fryslân, mar ik hie’t witte moaten, mar ik moast sykje. It is foar de útfiering fan de aginda foar it netwurk noardeast Fryslân. Eeeh, fierder sykje; In de agenda Netwerk Noordoost zijn door de partners keuzes gemaakt in projecten die een regionale meerwaarde hebben en daarmee bijdragen aan de versterking van de regio. O. Je moat echt noch efkes trochskoffelje en dan blykt dat oerheid en ûndernimmers en hjir en dêr ek de gewoane minsken elkoar fûn ha yn in gearwurkingsferbân, en dat se no fjouwer froulju ha dy’t dat netwurk oan elkoar breidzje en dy sitte no yn Burgum. O ja it heart moai, it streekhûs noardeast Fryslân is dwaande mei nije projekten op it mêd fan lânskip leefberens en ûndernimmersskip. Je kin dêr dus net hinne te skutjassen, dit is in hûske wêr’t stiekem de gearwurking fan noardeast Fryslân stâl krije sil. Se sizze dêr allegear dat se o sa goed selsstandich bliuwe kinne, mar dit hûske wurdt fansels úteinlik it gemeentehûs fan de nije gemeente Noardeast Fryslân. It is in truukje fan ter Keurs dat it yn Burgum komt, ik heb nog wel een pandje vrij, dêr is Marga Waanders hielendal net bliid mei. Mar foarearst regelje se dêr de sintrale as, moai ien  projekt wat se mei syn allen graach wolle. Mar ik doch it streekhûs al in bytsje tekoart, yn de Fryske histoarje kin it net oars it hat wat doarpshûs útstrieling. Want at dy trije pommeranten elkoar in de wei rûn ha by de  iepening gean se mei syn allen oan tafel en kins se efkes wiidweidich hiel goed ite.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s