Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

08 11 12

 

It sil hjoed need gean yn Harns. Wat frjemd dat ús betide ferslachjouwer dêr net delstrutsen is, want de minsken rinne dêr no al de strjitte op. Oeral bin lytse groepkes oan it gear-skoaljen, samenscholen. De measten sjouwe de spandoeken mei noch drippende ferve teksten der op mei. It is ek hiel yngewikkeld, want al dy groepkes ha oarskleurige jassen en heskes oan. En se raze en se tjirgje har allegear, je kin der hast net iens mear wiis út wurde. Ik ha al sjoen dat waarnimmend boargemaster Sluiter ier en betiid yn Harns wie op syn fytske fanút Ljouwert en hy stiet sa no en dan op it bordes foar it gemeentehûs en makket delbêdzjende gebaren, rêstich jongens en famkes, neffens my ha’k it allegear goed yn de hân. Mar dy groepkjes tjirgje dan noch hurder, en dan roppe se efkes itselde, nee Roel, dat leauwe we net. O nee, dat roppe se net,  se prate ommers oars yn Harns, nee Roel we gelove jou om de sodemieter niet. Se rinne troch de lytse strjitsjes en roppe de minsken op om mei te gean. Dan gean se om in oer as acht mei al dy groepkes, it bin der sa’n acht , njoggen, nee tsien groepkes, dy gean nei it grutte parkearterrein fan de fearboaten, dat is no hielendal leechhelle fan auto’s, want dy groepkes moat net al te ticht by elkoar stean. Se bliuwe roppen en razen en fan njoggen oere ôf gean fan dy groepkes hieltyd ien man of frou nei in folksweintsje kever wat der stiet, en wêr’t no musyk út de lûdsprekkerkes komt. Mar aanst dus hurde taal. En de oaren sille dat hieltyd wer ûnderbrekke mei “jo doge net, jo sjogge it ferkeard, wy witte ek net hoe’t it moat mar net sa’t jo sizze dat it moat”. Ja it bin hiele teksten, dêrom begjinne se ek sa betiid. De wethâlders fan Harns Maria le Roy en Peter Verbeek strune der hiel fersichtich tusken troch, nee se bliuwe wat oan de kant ûnder plysjebewaking sjoch ik wol, en belje om de fiif menuten mei Roel Sluiter dy’t ferbeten efter syn buro sit en fan elke ûntwikkeling op de hichte hâlden wurde wol. En dan skriuwt er wer troch oan twa redes, ien foar at it slagget en ien foar at it net slagget. Wat slagget? No minsken yn de rest fan Fryslân, jim wite dochs wol dat hjoed  de takomst fan Harns op it spul stiet. Ja oer in pear jier bin se de haven fan Ljouwert, mar yn dy twa jier dêrfoar moat Harns dochs fierder. Der is immers in polityke krisis yn Harns. Sju en dêr by de reade ploech rint Kuiken, Henk Kuiken, fan de PvdA , dy sieten net yn it kolleezje mar dy hat no sels mar in programma skreaun. Nee, dêr stiet fansels neat ferrassends yn, itselde as it foarige, inkel it rigeltsje oer de ôffaloune is der út helle. No ja en no moat eins alle oare partijen, no ja de measten it ûnderskriuwe. En dan moatte dy wethâlders ek noch sizze dat se akkoard binne en de boargemaster ek want dy hat ek portefeuilles. No ja en dêr prate en raze se no oer. Want it is yngewikkeld, de PvdA siet net yn it foarige regearakkoart, mar skriuwt no út himsels in nij. Sju en dêr is ek noch in ploechje dat der al is, en in soad raast, mar it is der net echt, want dy trije fan har dy’t foarop rinne moasten, sitte tús efter de geraniums. Oan in nije flesse wyn betelle fan riedslidmaatskipssinten. En dy oaren fan de Frisse Wind mei net ûnderskriuwe. Mar krijt Henk Kuiken jûn de rest fan de ried mei yn syn plannen. Wa wol en wa net? Net ien wit wat der yn stiet. It publyk kin pas wat sizze at se witte wat der yn stiet. Mar Henk Kuilen giet net nei it keverke. Watte, it earste oere fan de riedsgearkomste  is besletten, dêr mei wy hielendal net by? Dan kin elkenien daliks ek wol nei hûs, dan ha wy neat mear yn te bringen, dan regelje de partijen it wol ûnderling. Mar dan kin ’t ús ek neat skele wat der yn  stiet.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s