Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

09 11 12

 

It mei dan sa wêze dat de moaiste en spannendste 5 kilometer fan it hele reedridersseizoen hjoed riden wurdt op it âlde Thialf, dêr sil gjin mins nei sjen. Alles tôget nei haadstêd Ljouwert om dat op te tillen yn de rjochting fan kulturele haadstêd fan Europa yn 2018. Ferd Crone hat it goed sein, dêr moat we nó mei begjinne. Dus daliks los. Op nei it Media Art Festival. At jo nei de Designfabryk ……..  je moat ek alles útlizze, de Designfabryk is de âlde ambachtskoalle oan de Ampèrestrjitte, no en at je dêr hinne gean dan meitsje jo kennis mei wat yn 2018 foarop rinne sil yn de kulturele wrâld. It is ommers in mjuks fan expo, performance en talks fan de nijste talinten op it mêd fan de media keunst, digitale kultuur. Ja wat is wit ik ek net, mar we moat der hinne, kennis meitsje, Crone in oanmoedigjend mailtsje stjûre, digitaal dwaande bliuwe bedoel ik, want it is dochs in dúdlike ûntwikkeling yn design, moade en keunst. Jo kin net ûntbrekke. Mar rukt it jo te bot nei weake stront,  gean dan nei it Notfall Film Festival, dat begjint  hjoed ek. Ek al op sa’n hearlike nije lokaasje, de bewende lokaasjes foldogge net, it eardere ekspedysjeknooppunt fan de PTT oan de Snekertrekweg. We hiene altyd in Noardelik Filmfestival, mar dat slacht in jier oer en no bin der, wy soenen sizze in pear dwerse, mar sy sizze   in tal ambysjeuze Ljouwerters dy’t dochs in filmfestival organiseare. Op in lytsere skaal fansels, mar wa wol net in pear moaie films sjen yn in âld ekspedysjeknooppunt. Under oaren ek in film oer Fryske skokhorror, wa’t dat wurd betocht hat is al kening. Ik bin bang dat James Bond it winne sil fan it Notfall, mar Crone stiet yn elk gefal by de doar om te sjen at der genôch minsken ynkomme om aanst wer in setsje te jaan foar in noardelik festival. Dat dan wer sinten kostet, dit net, dit is betocht yn it Oranje Bierhûs, dus wurdt it makke troch frijwiliggers en dat makket it miskien wol moaier. En at jim net fan skokhorror hâlde, dan kin jim ek nei de film De Centrale Haak. Dy film wurdt jûn draeit yn Japikshuus efter de Groate Kerk yn St Jabik. Dy draeit al, dit is efkes ekstra foar presintaasje. Want it is in projekt fan de Stifting Frija, dy’t him ynset foar de leefberens fan Fryslân en mei de Centrale Haak in oanset jaan wol ta diskusje. Yn de film sjoch je minsken dy’t lêst ha fan de oerheid, en dat hat ynfloed op ús leefberens. Ik ha de film net sjoen, de sintrale as yn it ferhaal is fansels de man fan de stifting Frija, âld PvdA steatelid Jehannes Spyksma. De diskusjes nei ôfrin bin dus yngreven yngewikkeld en einigje elke jûn mei de stelling fan Jehannes dat it oars moat, de oaren bin dan al wurch. Mar de presintaasje op it plattelân is wichtich, kulturele haadstêden moat ek sjen litte wer’t se haad fan bine. De lju dy’t de kulturele haadstêd promoate moate, ha namentlik útfûn dat der no ynienen ûnwissens oer de Fryske identiteit is. Wy ha altyd miend dat dy bestie, mar ynienen sil dêr jûn oer diskussieard wurde yn de Ark. Dat is in farrend debatsintrum oan de Sudergrêft yn Ljouwert. Frjemde lokaasjes allegear, mar miskien bin je dan earder kulturele haadstêd. Yn elk gefal sille Rudi Wester kultureel adfiseur en Bert Looper fan Tresoar gear oer de allesomhingjende fraach wer’t wy mei sitte en wêr’t we hopelik sa’n bytsje yn 2018 in andert op ha en at we net kulturele haadstêd wurde krije we der fansels ek gjin andert op, op in fraach dy’t foar ús toch wol hiel wichtich wêze kin. Bestaat de Friese identiteit eigenlik wel. Yn it nederlânsk, kin we sa nei Grins. Wat noch slimmer, de prangendste fraach wer’t it jûn om giet. Bestaat de Fries eigenlijk wel?

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s