Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

12 11 12

 

Yn Amerika sitte guon minsken noch sûnder stroom nei de orkaan Sandy, want alles is dêr omwrotten. Alle stroom giet dêr ek boppe de grûn. Nederlân hat al ûntwikkelingshelp oanbean, om te fertellen dat je stroom ek bedobje kinne. Dat dogge wý nammentlik. No kôget der hjir wolris in  mol op om, en dan duorret it hast twa, trije dagen, want foar dy tiid ha se soks net fûn en opdobbe, mar alla, de wyn hat gjin fet. Der bin  ek oannimmers by de rûs dy’t sa no en dan by it wrotten yn’e grûn âlde mar ek wol nije stroomkabels meinimme, ik leau dat se op dy sjofels sels in stikje yn de kraan ha dat alle stroom fuortgiet, want oars wurdt dy sjofelman ek noch rustere. No ja en dy Amerikanen moat ek mar net sjen hoe’t wy de iene wike de grûn iepensmite, elektrisiteit ynlizze, wer ticht dogge, de wyks dêrnei de gasbuizen, of it rioel, of de tillefyzjekabel of, wêr’t we no wer mei dwaande binne,  de coaxynternetkabel ferfange troch glêsfezel. Mar goed dat fine dy Amerikanen sels wol út, sa dom bin se net. Boppedat sjogge se ek dat hjir yn Nederlând de swiere stroom noch altyd troch de loft giet, we neame dat dan  ek mei in moai dûbeld wurd heechspanning. Dat kin 110 kv (kilovolt) wêze en dêr stopje se dan elke kear twa triedsjes fan yn jo stopkontakt want jo ha ommers allegear 220 produkten en at jo moarns net skeare of stofsuigje kinne raze jo moard en brân, noch lûder at dy minsken yn Amerika om stroom freegje. Der bin dus ek al grutte stikken 220 yn’e loft. Mar der moat no benammen 380 kv yn. Swiere stroom. En der moat no in kabel rinne fan de Eemshaven nei Ens, yn de Noardeastpolder en dan fierder nei Lelystêd. Dat is omt der elektrisiteitssintrales yn de Eemshaven komme, mar my is net dudlik dat de stroom der dan wei komt, of hinne moat, om dy dingen draeie te litten. Mar goed, hege spanning oer fansels ek Fryslân hinne. We wiene oars in moai soad fan dat gedoch kwyt, yndertiid hat it âlde PEB sels nei de measte buorkerijen alle stroom bedobbe en we ha dat mei syn allen betelle en de rykswei Ljouwert Hearenfean der ek noch oan oerhâlden, dus dat koe wol út, sterker wy ha dus fierstentefolle foar dy boeren betelle, mar hawar Fryslân learde doe al earlik partsjen doe’t Samsom it wurd noch útfine moast. De Noord West ferbining 380kv fan Eemshaven nei Ens. Fierder bin se noch net skriuwe se, want Grinzer stroom moat fansels nei de rânnestêd.

Ik ha’t stik lezen en foel fan ûnbegryp fan de stoel, hjir begryp ik neat fan, der stiet: dan skoot dy swiere line wer op de 220 ferbining en dan moat der wol in stikje 110 yn’e grûn. Mar wat der meast stie, en dat begryp ik wol, dêr ha we gjin romte, dêr ha we te min romte en dêr moat we mear romte ha. En krekt wy Friezen hâlde fan de romte, ús romte. Dus jonges, nei de ynrinjûnen, jûn yn Akkrum, moarn op de Jouwer en nije wike moandei yn Burgum. Der komme allegear minsken om jim te fertellen hoe’t allegearre komt. Gjin gemeentlike of provinsiale lju, nee, lju fan allerhande ministeries, wol fan in stik as fiif. Ynrinjûnen, jo krije ynformaasje, mar hee ik les nearne dat je ek noch beswier meitsje kinne. Se fertelle je inkel mar hoe’t sy regele ha dat it komt. Wat jo der fan fine, dat kin harren helendal neat skele. Ik miende dat we hjir yn Nederlân wennen.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s