Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

13 11 12

 

Fryslân hat earnstich te lijen fan de oergong fan it kabinet Rutte-ien nei it kabinet Rutte-twa. It skynt dat net inkel Friezen der fan te lijen ha. It wiene en bin trouwens noch de heegtijdagen fan Hans Wiegel. Hy is wer ris kompleet lieder fan de opposysje, dizkear binnen syn eigen partij de VVD. It is singelier dat nimmen yn dit lân dit kabinet ek mar ien kâns jaan sil, neidat de Telegraaf oankundige hie dat it dreage flut wie. Spitich. Der is neat mear oer fan it bouen fan brêgen nei elkoar ta om te besykjen mei syn allen sa goed mooglik út de krisis te kommen. En net inkel Wiegel is net mear by de tiid, want der hie mei wat opbouende krityk folle mear te berikken west, nee ek al dy oare âld politisi dy’t we net leauwden doe’t se politikus wiene, dy leauwe we no ynienen wol, en dus is it ek oerstom dat dy âlde walnuten har der wer mei bemoeie, mar se fiele har krekt se wichtich as Wiegel, wy wol ek wol wat sizze. Dy ter Horst, sa stom, PvdA no einliks by syn punt fia de nivelearing binnen de belêsting. Stomme tutte, neat sizze, stil. Of nee, gewoan lûdop sizze, jonges we ha mei syn allen op Rutte en Samsom stimd, dus doe hiene we dêr betrouen yn, lit se mar ris efkes oan de gong, en smyt dy Tillegraaf yn it rekje fan de failliseminten. Mar in kabinetskrisis meitsje foar it in kabinet is, bin we no sa dom. Ja, want we folgje in pear sjoernalisten dy’t inkel besteane by nocht oan ûnnocht en dêr sa ryklik foar betelle wurde dat sy no ek oantaast waarden troch de nivellearjende syktekostenpreemje. Mar dat we in pear dagen eins gjin kabinet hienen, dat wie ferdikkemme in ekstra lêst foar Fryslân. Op 2 novimber soe de steatssiktaris foar wetter prate mei wetterskip Fryslân oer it gemaal by Lauwerseach. Joop Atsma is lykwols net opdaagjen kaam, hy romme syn buro leech, no dat wie net sa fol, mar netwerkJoop moast fansels elk in hân jaan en dy wetterskipslju dy komt er hjir wol wer tsjin. De nije steatssiktaris, hoewel…….. we ha net ien spesifyk foar wetter mear, da’s ûnbelangryk wurden, mar ik tink dat Wilma Mansveld fan infrastruktuur en miljeu dat dwaan sil. Ja, mar dy hie noch net verklaard en beloofd oan de keninginne dat se sa har bêst dwaan soe, ek mei wetter, dus dy kaam ek net. Sonde foar Fryslân, se hat hjir ek noch oan de hege skoalle stien, dus se hat wol wat mei Frysk wetter. Mar wit jim no hoe’t wetterskip Fryslân dat nirwana oplost hat? No, jûn dan stelle sy by  de evaluaasje feiligheidsplan op de algemiene gearkomste, dat omt de steatsiktaris de ôfspraak ôfsein hat, het dagelijks bestuur van wetterskip Fryslân nu de konklusie heeft getrokken dat er geen Haags geld komt voor een ten behoeve van de natuur gewenste versnelde bouw van het grote gemaal Lauwersoog. No kin ik yn it hiele feiligheidsplan neat fine oer in gemaal dat dêr ten behoeve fan de natuer komme moat, logysk soks moat net yn in feiligheidsplan stean mar yn in natoerplan, en dat hat it wetterskip net. Mar goed wat earder op grûn fan de natoer. Want feiligheid:   dan stiet der dat it opheegjen fan de dykjes wat no bard en 100 miljoen kostet, dat dan mar ôfwachte wurde moat as dat gemaal dan noch wol nedich is. Want wat sizze se: de feiligheid is goed mei dy hegere dykjes, we sitte oant 2030 droech, en een gemaal zal tot een nog veiliger boezemsysteem leiden. Feilig, dat wol we graach wêze en in gemaal makket it noch feiliger. Ja amme hoela, Ljouwert wer op in terp smite, da’s noch wer feiliger. No dan is it mar goed dat Joop Atsma der net hinne west hat en dat Wilma Mansveld aanst net de beskikking oer sinten hat. It wie dus gewoan in handige set fan it kabinet Rutte 1.5

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s