Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

15 11 12

 

Ik soe juster in grypspuit ha, mar der koe’k net hinne want ik hie gryp. Jim moasten dus ek in dei sûnder my. Mar alle âlde beammen stean noch oerein hear. Se stean lâns de binnendykjes fan Fryslân. Dêr ride hiele brede trekkers tuskentroch, sadat de auto’s óf tsjin de trekker óf tsjin de beam oanride. Dat moat feroarje. En wat blykt, it ienigste plak op de wrâld wêr’t linkse partijen goed gearwurkje kinne, dêr komt soks no fan de grûn, yn Littenseradiel. SAM. De gearwurkjende linkse partijen organiseare jûn in debat yn It Reade Hynder fan Wommels. Net tsjin in trekker oanride at jim hinnegeane, want deputearre Sietske Poepjes komt ek. En wethâlder Douwe Willemsma, FNP er yn ieren en sinen. Dus ek goed op’e hichte fan it Fryske plattelânslibben. Alles krimpt dêr, behalve de trekkers en wat der efteroan hinget. It nimt allegear op dy lytse mar handige dykjes, want oars soe der neat wêze tusken de doarpen, in ferskriklik soad plak yn. No ja de auto’s skoue wol op, grouwélich flokkend, mar de fytsers, en benammen de fytserkes, dy ha dêr goed lest fan. Dêr in diskusje oer hâlde, prima, hartstikkene goed. Ik ha altyd noch de fraach wa hat dy boeren ea de tastimming jûn om mei ark breder as de helte fan de dyk dêr dochs op te riden. No dat moat CDA foargongers fan Sietske Poepjes west ha, mar ik moat sizze se jout goed andert. Se hat in pear stellings opskreaun poeh, dat mien ik. En tink der om Sietske komt út it CDA, noch altyd de boerepartij. Mar wat seit se, trekkers moat hurder ride as 40. Net stadiger, nee hurder. Ja dan sit je net it hiele ein te stinnen achter sa’n 20 ridende trekker wer’t je net om hinne komme kinne sûnder in pear jonkjes oan te riden. Want we sitte dêr ek al faak efter dy kloaterich ridende molkweinen, de molke mei net skodzje, of efter bussen dy’t te betiid binne en dan sa hiel langsem ride. Poepjes seit ek trekkers moat gjin frachtweinen ferfange, ja dat sil wol technysk wêze, mar at it betsjut dat dy dyksbrede efterhingsels net mear meie, dan hat it myn segen. Mar dan komt it, trekkers mei net mear troch de doarpen. Sju doe’t dy ruilferkavelingen ophâlden binne ha dy boeren de oare deis gewoan wer grûn rûnom kocht en ride no oates en toates hin en wer, en de measte wegen yn Fryslân gean gewoan troch de doarpen. At se dêr net mear trochmeie dan gean de boeren gau oer op frijwillige herferkaveling sa’t SAM wol, yn it optimisme dat alle ellinde fan de ruilferkaveling Wommels dy’t fan de 1974 oant 2003 duorre, no wol fergetten is. Forget it. Mar de stellings fan Sietske Poepjes joue it Fryske plattelân wer de hope, plus it tal boetes dat yn de ôfrûne wiken útdield is oan trekkers dy’t mei tefolle ark of net goed ferljochte útdielt is. De ynbring fan SAM yn de diskusje is fierder meager, se ha it oer mienskiplike ferantwurdliokes fan provinsje gemeenten en ûndernimmers, no dêr is noch nea wat fan op de hispel kaam. En se wolle ek dat fuotgongers en fytsers foarang ha op lânbouferkear. Dat klinkt as in oerkommen hollânske Grien Linkser dy’t yn SAM telânne kaam is en net yn’e gaten hat dat je net in swiere heawein samar stopje kinne. Mar it is wol te hoopjen dat SAM trochset en dat it ynisjatyf op mear plakken oernaam wurdt. Sietske Poepjes fertsjinnet dat. Trekkers net mear troch de doarpen. Wauw.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s