Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

16 11 12

 

Sil’k it ris oars as oars dwaan. Miskien helpt dat. No dan begjin ik no: Eins soe’k it efkes ha wolle tsjin dy jonges en famkes dy’t yn dizze provinsje no al wer seure oer de bedragen dy’t nedich binne om in nij goed iisstadion Thialf te krijen. Of eins wol ik it nearne mei harren oer ha, want se binne doof, eastyndysk doof yn de diskusje. Mar ik soe jim útnoegje wolle om hjoed, moarn of snein nei de Thialf hal yn Hearenfean te kommen. Ha jim dêr alris west? Nee. No dan seker. Ik soe jim ris útnoegje wolle, inkel mar om te sjen. Te sjen nei de Fryske ynfloeden yn it riden fan de wrâld. Want op Thialf bin de earste World Cup reedriderswedstriden fan it seisoen. Dat is ynternasjonaal in hiel o heden en tagelyk wer hiel gewoan foar al dy bûtenlanners, want de riders en riidsters yn sa’n lân gean altyd wol hinne, se ferdiele dat wat en eins is dêr gjin kwalifikaasje nedich. Yn Fryslân, sis mar Nederlân wol, dêr ha se ferline wike by de ôfstânskampioenskippen sa alderoatmoedigst oan it knokken west om harsels te kwalifisearen, dat de druppen der no noch ôffleane. Mar se hysje hjoed it pakje mei de moaie nammen wer oan en batste wer los. En de Friezen en ek Friezinnen dy ride foarop. Want it is ús sport en we bin al lokkich dat it yn Nederlân wat fuotten ûnder grûn hat en dat it bûtenlân ek aardich meidogt. Mar wy wolle foarop rinnen bliuwe, dus we meitsje hieltyd nije minsken dy’t de findels wer oernimme. Fansels, fansels, ús beide foaroprinners dogge dat echt wol oan de Olympyske Spelen ta, Sven Kramer en Ireen Wüst, ja Ireen is ek Friezinne, hat Fryske âlders, oars wie se dêr yn Brabân net begûn te riden. Mar at je aanst op de 3 km sjogge dan sjoch je in famke fan 17 jier út Rottum yn dit foarname selsskip riden, Antoinette de Jong. 17 jier en se sit Wüst al op’e kont. Se ride fleurich alle ôfstannen mei ofrûne wykein  en straalde dy blidens út dy’t Friezen ha at se mei dat iis oan’e gong binne. Iis, de kachel yn it hok, allegear der omhinne, ride dat it sta seit en dan wer gesellich om de kachel. Mar it seisoen is lang, hokje noch net iepen, dy kachel noch net oan, no moat we ynternasjonaal ride. Mei koartebaanster Thijsje Oenema, mei dy kâlde kant Friezen , hjir ynrelateard soenen je sizze kinne, Jan Smeekens en fêste wearde Margot Boer.  Trouwens it measte fan it spul wennet hjir oates en toates, dit is ommers de trainingsbaan wer’t benammen jonges en famkes út it noarden, dus ek út Fryslân de traingstoutsjes yn hannen ha. Jorrit Bergsma, de ienige wisse gouden medaile foar Nederlân, is in echten. Krekt as Twellegeaster Sjoerd de Vries. En Marrit Leenstra riidt hurd en rint ek noch foarop by ien fan de ploegen, skandalich dat dy noch gjin sponsor ha. Anice Das, opgroeid yn Snits, no yn it Fean, fantastysk der tusken riden. Der klopje ek noch gans Friezen oan de poarte, Rixt Meijer de Dryltse mei nije wike yn Kolomna al los. En sil dan sizze, tsjong, dit is in moaie baan, woe dat wy dat hienen. We dogge sûnt de Thialf baan iepen is op dizze wize mei, de helte fan it ynternasjonale riden is Frysk of wurdt Frysk. At jim dan jim neat oanlûke fan de KNSB, tink dan dat yn elk gefal dy Friezen rjocht ha op de bêste reerderidersbaan fan de wrâld. Ach, dan komt dy KNSB der wol efteroan. …..   Soe’k sa miskien wat berikke kinne? Hoopje it.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s