Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

19 11 12

 

Nei Hearenfean-RKC sieten we wat nei te praten, mar it gie net oer it fuotbaljen, dêr koenen je net oer prate sûnder lulk te wurden en dêr hienen we gjin sinne oan. It wie dochs al ferbaazjend hoe gau at it Abe Lenstra stadion leech wie, at it fuotbaljen sa min is wurdt it net mear gesellich. Mar ach der bliuwt altyd noch in ploechje oer, je kin altyd noch efkes netwurkje. En foar de safolste kear foel my op yn ditsoarte praat hoe gau at it oer de ekonomy giet. Der wie in man fan de Veluwe, hie de middeis noch efkes by it reedriden west, no efkes Hearenfean sjoen, en súntsjes konstateart dat Marrit Leenstra better riidt as dat Hearrenfean fuotballet, mar dy man hannele yn hout. Fan dat tinne larikshout, en  dêr makket Gamma dan fan dy fuort te waaien skutsjes fan. Mar dy man sei dat er sa bliid wie dat er yn dy minne soart hannel siet, want dat waard noch kocht. Mar dat djûre spjul, jong der is niemand die daar nog een bek op zet, die hele handel is naar de kloten. We konstatearden mei syn allen somber dat dat foar al dat spul jilde. En dat no alles wat efter de hûzehannel oankomt, ynrjochting fan huzen en tuntsjes nei de bliksem gean soe. Gjin droech brea mear yn te fertsjinjen. Mar wat út sa’n petear blykte, en in hiel soad oaren dy’t ik de lêste wiken hie, is de ûnmacht dy’t der út sprekt. Je kin ek konstateare dat at der yn de krante stiet dat it noch allegear mear del giet dat je dan suchte, dat je dan mei syn trijen seure, mar dat net ien wat docht. Miskien ek  net dwaan kin? Miskien wol. Dêrom soe ik dizze nije wike begjinne wolle mei in aksje. De aksje  hâldt op en doch wat. Ofrûne moandei, 12 novimber begûn it. De dei nei Sint Maarten. Doe begûn it feestlik gedoch. De pipernuten leinen al sûnt augustus yn de winkel, mar no lei de hiele  sinteklaas en krystbrot der al njonken. Myn aginda stiet oerfol mei allerhande saneamd gesellige gearkomsten, famyljefeestjes en wat al net. We gean de tiid wer yn dat we twa moanne neat oars dogge as frette, sûpe, âldehoere, pakjes, fersiere mei ljochtsjes, krystbeammen, foar de helte fan Rutte syn besunigingen as fjûrwurk opbrânne, carbid sjitte no ja ik kin wol trochgean. Allegear domme dingen, de measten bin ek noch ûnfrysk, krekt as al dy kommersiële feestferljochting yn de buorren, mar it moat aldjiersjûn wol wer fuort wêze, want dan brekke we foar noch in miljard wer ôf. Hâldt dêr mei op en doch wat. Wurkje gewoan dizze twa moanne troch. Net allegear dat gedoch. We ha it net oan tiid en we kin it ek net betelje. Je slepe dochs net foar 40 euro in krystbeam yn’e hûs, of foar 700 euro oan sinteklaseflauekul. Hâldt op. It is allegear net noadich, no doch it dan ek net. Gean op 7 july ek ris nei je mem, dat hoecht net inkel op de moarns fan earste krystdei. Doch wat Ultsje Hosper seit, alle lampkes út, begjin der mei om dy rommel út de winkelstrjitten te skuorren, hjoed noch, set it op Markplatz, en stjûr de hiele soai nei Beieren. Krystbeammen, riidt mar troch nei Noorwegen. Of de Veluwe. Mar net nei Fryslân. Fryslân wurket gewoan troch, Fryslân smyt ûnnedich feestgedoch, al dy einde- en earste jierborrels, alle 16 sinteklazejûnen, al dy 26 krystdagen, de hiele âld en nijjierswike  en alle oare gedoch derút. Aksje. Hâldt op, Doch wat.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s