Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

22 11 12

 

Ik ha hjoed neat oan tiid, hjir hinne dêr hinne. Aanst earst hurd it gewoane wurk ôfmeitsje en my ek noch tariede. En dan ga gau nei it schaatsmuseum. Yn Hylpen, dêrom hyt it ek schaatsmuseum, want at je dêr prate oer reedriden, dan tinke se dat je fize wurden brûke. Yn dat museum ferskynt aanst in nij boek oer de alvestêddetocht fan 1963. No sil jim sizze: nij boek, we witte dochs alles al fan dy alvestêddetocht fan 1963, en ek wat der allegear net barde want dat sit wol yn de film fan Steven de Jong. En no komt Jehannes Lolkema toch wer mei in nij boek? Ja nij. Ja, Reinier Paping, Jan Uitham en Jeen van der Berg binne fansels wol yn Hylpen, mar yn it boek is der benammen omtinken foar in fergetten groep. Sju der wienen doe toerriders, 69 dy’t oankamen, der bin toerriders by Frentsjer en Dokkum tsjinhâlden, der bin guon eintsjes mei de auto gien, en der bin in hiel soad útfallen. Witte we allegear. We witte ek dat der 568 wedstriidriders wiene, in hiel soad útfallers. Der bin úteinlik 57 oankaam. Dy kin we allegear. De ferhalen ek. Mar der bin ek wedstriidriders dy’t wol oankaam binne, mar gjin krúske krigen, dy wienen letter as twa oeren nei de winner Reinier Paping binnen. Geweldige prestaasje, wol útriden, mar fergetten. Dy fergetten groep komt dus no oan it wurd. Motto: ferdomme hienen we mar by de toerriders starten, dan hienen we it wol rêdden. Dat boek ferskynt dus aanst. Ja, fansels eins soe it 13 jannewaris útkomme moatte, de datum fan dy alvestêddetocht, mar de útjouwers en boekhannels ha it al swier, dat dit moast foar sinterklaas fansels op de merk lizze en dus wurdt alles hjoed nei it schaatsmuseum sleept. No foardat je dêr útpraat binne, George Schweigman wie doe krekt foar tolven binnen en foardat dy oan goeie ta is. No dan moat ik hurd  nei Ljouwert, nei it WTC. Want dêr sil de Friese eksportklub en de CCZF, de kommersiële klub Súd Fryslân wat organiseare. Wêrom at Súd Fryslân dan yn Ljouwert sitten giet is net dudlik, want eins soenen se dat net wolle moatte sjoen it probleem wat de dyk Ljouwert Snits hieltyd mear oan it opsmiten is, mar hawar. De eksportjongens en de CCZF biede ûndernimmers in kâns om te netwurkjen, mar dat neame se in inloopborrel. Ynrinslokje. Leden, yntroducé’s en at je in tientsje jouwe mei jo der ek yn. En no ha’t ien fan dy mannen útfûn dat der sûnt 1872 der in podium yn Londen yn it Hyde Park stiet. Hyde Park Speakers Corner. Formidabele namme, mar it is  net mear as in bakje. Dêr kin je op stean gean at je tinke dat je wat te sizzen ha wêr’t de minsken nei harkje wolle of wat oan ha. No en dat dogge se no ek yn it WTC. The World Trade Center Speakers Corner. Yn it ynrinslokje. Yn Hyde Park mei je alles sizze, mar gjin obscene taal brûke, mei hjir dus ek net. No en ik ha hiel wat te sizzen, dus ik klim aanst op de World Trade Center Speakers Corner, op dat ynrinslokje fan al dy ûndernimmers. Mar dat doch ik fansels yn it Frysk, oars kin ‘k mysels net wêze. En dan fertrel ik oer dy alvestêddetocht, dat in ûndernimmer as George Schweigmann dy’t eins faillyt wie, troch syn prestaasje fan it útriden fan dy 11stêddetocht, dat dy der dêrtroch wer boppe opkaam is. Leed, wrede ynspanning, prestaasje, moed, betrouen. Dat ha ús ûndernimmers yn dizze tiid ek nedich, dat ha se optheden temin, se gean inkel nei ynrinslokjes. Mar ik bin fansels stom, want ik begjin: ik wol it mei jim efkes ha oer reedriden en hup fan liz ik al yn de kelder fan it WTC. Want de measte ûndernimmers bin net Frysk dus ik wurd beskuldige fan obsceen taalgebrûk op The World Trade Centre Speakers Corner.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s