Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

23 11 12

 

Wy Friezen, wy moatte hjoed nei de Post Plaza oan de Twabaksmerk yn Ljouwert. Om ien oere. Wy moat dêr dan nammentlik mienskiplik yngean op de fraach: bestiet Fryslân noch wol yn 2034, of de moaie titel fan it gedoch, ik wol it wurd sympoasium net neame, hellet Fryslân 2034. Wy Friezen heukerje in hiel soad, ek noch yngreven sels, op ús skiednis om. Dêr ûntliene we foar it grutste part ús identiteit oan. Eigen taal, eigen lân, eigen wei, eigenwiis. Mar Goffe Jensma dy hat yn de Vrije Fries yn 2010 al in ferhaaltsje skreaun, ik wol it wurd essay net neame, dat we dêrom net goed dwaande binne mei hjoeddedei en benammen net mei de takomst. Want dan docht dy skiednis der neat mear ta. Mar sûnder dy skiednis is Fryslân ek wer neat oars as de rest. Werom at dan it jier 2034 helle wurde moat dat is my net dudlik, mar at jim fannemiddei der efkes hinne gean komt dat wol klear, want Goffe Jensma lêst dat ferhaal nochris foar. Plus fansels wat hjoeddeiske oanfullings lykas de plannen om yn’e mande mei Ljouwert Europeesk kultureel haadstêd te wurden. Jensma sil sizze dat soks Fryslân tekoart docht, Fryslân hat folle mear te bieden as dat. No en dan komt Geart Mak, waarom krimpen de Friezen, ik sjoch ek wol guon wat útdijen, mar alla, hy rêdt dêr wol mei en dan komt geograaf Hans Renes noch oer it lânskip en dan komme de sprekkers en Janny Vlietstra en Hajo Apotheker yn diskusje. Hearlike middei. It 185 jier âlde Keninklik Frysk Genoatskip organiseart it. Guon fan de lju dy’t dêr sitte moat dernei as in sprekwurdlike hazze nei it Abe Lenstra stadion. Net om te fuotbaljen mar om it 50 jierrich bestean fan de FNP te fieren. No ja sa feestlik bin Friezen no ek wer net, soks heart net by ús skiednis. Se wurde lykwols al ûntfong yn de Bavaria seal en se dûnsje letter op de Tsjirmerij, mar dertusken in gewoane algemiene ledegearkomste. No ja opjrochter Pyt Kramer krijt dêr in spjeldsje as earelid, neffens my is dat it earste earelid fan de FNP. En fansels wurdt Germ Gerbrandy yn triomf op de skouders rûnsjout. Mar it wichtigste is fansels fragen stelle oan depuearre Jehannes Kramer en de steatefraksje. En dan moat de lju op dy gearkomste freegje nei de fraach dy’t de middeis fansels yn Post Plaza net beandere is, fertuteaze yn de foarumdiskusje omt elk eigen nuanses hat, hellet Fryslân 2034. Krekt de politisi fan de FNP moatte ús de wei wize at we dat wol rêdde wolle, no ja dêr gean ik by dy FNP-ers dan mar fanút, en hoe’t we dat dan  oprêdde moatte. Moat we ús identiteit foar in part ferlieze om yn dizze skaalfergruttings en ekonomysk minne tiid noch meidwaan te kinnen. Of is it handiger om aanst mar wat te skûljen ûnder Grinzer bewâld , en dan lekker ûnder dat fryske flagge parapluutsje wat op ús eigen identiteit sitte te brieden. Ik bin hiel benijd nei dy wiizjende finger fan de FNP, mar ik bin bang dat ik him net sjen sil. Nee, want wit jim, Jehannes Kramer sit net by de skiednisjongens yn Post Plaza. Dy stiet dan oan de rûnwei yn Snits gatsjes te dollen, yn’e mande mei CDA-er Willem Hoornstra en PvdA-wethâlder Wigle Sinnema om ypen te plantsjen oan dy rûn wei. Ypen yn Fryslân, yn it iepen lânskip yn Snits. No dan bin je dus absoluut net dwaande mei de takomst fan Fryslân. Ja o sa wichtich dat nei de ypsykte wer ypen plante wurde. Lit ypefoarsitter Willem Hoornstra dat mar dwaan. Mar as deputearre net yn it bewende krinkje fan PvdA en CDA lju wêr’t je je blykber wol op je gemakje fiele, gatsjes dolle nei ûnderen, del. Want de echte Friezen wachtsje net op dyn yp, dy wachtsje op dyn wiizjende finger, nei in takomst weryn we mei behâld fan ús identiteit dochs folweardich meidwaan kinne yn de wrâld.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s