Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

 

27 11 12

 

At je in âlde Fries wekker skodzje en je freegje wat moat we hjir ha, dan seit er: ús âlde universiteit fan Frentsjer wer werom. Dan smyt je sokke lju mei sok dwaas praat werom yn de sliep en sjogge mei wolgefallen nei it heger ûnderwiis sa’t dat yn Ljouwert stâl krijt en ek folle mear libben yn Ljouwert bringt. En fansels leare wy dêr ek mei syn allen in hiele boel fan. Nim no Stenden. Ja wy sizze eins noch allegear de kristlike hegeskoalle, wy hingje graach sokke suilebuordsjes earne oan foar ús eigen dudlikens, mar dat is net earlik. Stenden. Stenden hat hjoed it diner fan de takomst. Je leare nije dingen te iten, dy’t yn de takomst hiem wurde sille. No ja Stenden krijt gjin Michelinstjêrren, mar earder koenen je der wol tige lekker ite. Ik wit net, ik wit net at dat hjoed ek sa is. Boerekoal, rûkt lekker, mar it is mei seewier, dy droege rommel, mar ek mei blaue Noardseekwal. Kwal. No dan mar wat oars ite, hite bliksem, ja lekker, eeeh no, mei hasjee fan sprinkhoannen en oare ynsekten. Ik wit net, it klinkt al net iens lekker mear. Se ha in lang menu, mar ik tink dat de lju hiel fersichtich kôgje sille op wytlof mei gekonfijte guozzemage of prei mei smolten bargebúk. Mar at jo foarôf dy bitterbal fan moalwjirm der trochkrigen ha, dan bin jo hielendal klear foar knolselderij mei bakte oksesturt en ko-ejaar. It jaar fan de ko. Ja je silt yn de frikandellen wol ris hân ha, mar dan wit je it net. Ik tink Stenden dat we hjir noch net klear foar binne. Mar gau earne oars hinne, en moai dat der mear is fan de hege skoallen hjoed, dit kear mienskiplik fan de University Campus Fryslân. In sympoasium, da’s folle better as ko-ejaar. It sympoasium giet ek noch oer leefberens, no dat is in fantastysk Frysk produkt, dus dat komt hielendal goed. Tsja, en dochs moat ik wer sizze ik wit net, ik wit net. Ja, wat it geâldehoer oanbelanget, dat komt ek wol goed. Mar we moat mei syn allen ek boartsje, serious game neame se dat yn geef Frysk. We boartsje foar tidens en nei it sympoasium en middels dat spultsje bou je mei oan de master leefberens streekje duorseme mienskip. Ik wit wol dat in master yn Fryslân ûnderwiis jout, mar net wat in master is, lit stean dat ik begryp wat wy kinne mei in master leefberens. It moaie is wol wer dat je net nei dat sympoasium hoege. Jo kin gewoan tus sitte en jo kinne jo persoanlike avatar…….. Wat is dat in avatar? No dat is in firtueel personaazje. Wat is in firtueel personaazje, nee lit mar, fertel fierder. No dan bin je yn in doarp en dan sammelje jo stellingen en dat bin dan de ynhâldlike boustiennen fan de master. O, no it liket my simpeler dat elk dy gewoan op jim sympoasium ophaffelt. Nee, serious game, jo moat in twitter account ha. No dan is twa tredde fan de Fryske befolking al útskeakele om mei te tinken oan jim master leefberens. It wurdt der miskien wol better fan dat dat wat minder minksen yn omhaffelje, mar at it sa presinteard wurdt wol je dochs meidwaan, he, op unyte en ynteraktive wize boustiennen krije foar it opbouen fan de master. En je kin ek noch ivige roem krije. Want oan de ein fan it boartsjen ûntstiet de master. Dat neame se yn de aginda fan it sympoasium de game wrap up. Dat klinkt like fiis as ko-ejaar en hasjee fan sprinkhoannen. Ik oerdriuw fansels, mar as ik soks lês dan seit myn gefoel, jongens en famkes fan de hege skoallen, at jim mei de mageynhâld en de leefberens fan de Fryske befolking dwaande binne, ferdjipje jim dan earst ris in bytsje better yn it soarte folk wat wennet yn de provinsje dy’t jim sa graach in plak jaan wol om goed ûnderwiis te krijen en dêr sels ek fan te learen. Sûnder game wrap up en ko-ejaar. Wluk.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s