Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

 

28 11 12

 

Eartiids hie hast elk doarp syn eigen brânspuitsje. In lyts karke, of auto, mei wat fan dy slangen deroan en in pomp. Gâns brânwarfrijwilligers lieten har sjen yn de doarpsfilm, se spuiten elkoar en de tastreamde jongerein wiet. Mar at der brân wie, wiene se der ek, it is hast net mear foar te stellen foar ús mobile tillefoanminsken dat eartiids elk op tiid wie, mar doe wie’t noch sa dat at der immen brân raasde yn in doarp, dat hiele doarp fuort wekker wie. Elk fleach út bêd of efter it wurk wei derhinne, blus, blus, klear. Neiprate, borrel, oprêdde. Fierder wie de frijwillige brânwar fansels altyd oan it oefenjen, en dan blusten se meastentiids grouwélich harsels, de brânwar wie doe wat no de biljert- of klaverjasklub binne. No, sa linkendwei is dat allegearre ferdwûn. Je kin no wol brân roppe, mar dan komt der net ien, jo moat no 112 skilje, en dan net brân mar brand roppe, en dan is der nei in kertier wol ien, de rest komt ek gau. Ik bedoel dêr neat mei, inkel dat je altyd it gefoel ha, kin it net wat tichterby. Nee. Dat blykt, it materiaal is spesialisearder wurden, mar ek djoerder, alles is folle better regele, mar……… ek mear formalisearre. Oan de iene kant betsjutte dat eartiids dat se wolris in buorkerij brânne lieten en inkel dat wat der om hinne stie beskermje koene, oan de oare kant dat de organisaasje foar in part oergie fan frijwilligers op professionals. Net helendal, it soe der net sûnder kinne. Fryslân hat no 180 professionele minsken en noch altyd 1180 frijwilligers. At harren pieperke giet komme se fan hot en her oanfleanen, se kinne harren gebiet goed, witte wer’t de wetterputsjes sitte, oefenje noch omraak en ha it noch altyd gesellich. Mar hjoed yn de gearkomste veiligheidsregio fryslan sil it organisaasjeplan besprutsen wurde foar de regionalisearing fan it brânwarkorps yn Fryslân.

Alle lytskes komme no by elkoar. Ien baas, dy hat fjouwer man/frou ûnder him, de ôfdielingshaden. Want Fryslân wurdt opdield yn fjouwer ôfdielingen, yn dy ôfdielingen bin dan wer fjouwer klusterhaden ferantwurdlik foar fakbekwamens, risikobehearsing, planfoarming en de wichtigste it materiaal behear. No fierder sil’k it net útlizze, it organisaasjeplan hat 52 siden, mar rekkenje no mar dat dy 21 man/frou mei alle oaren soargje sille dat safolle mooglik de brantsjes blust wurde. Mar dy ôfdielingen he, Fryslân ferdield yn fjouwer partsjes. Wat ûngelokkich mei Littenseradiel dat ynienen wer by de súdwesthoeke sit, en Boarnsterhim wat knoffelich der tuskenyn. Mar yn it organisaasjeplan stiet dat dizze reorganisaasje nedich wie, wetlik oplein, mei as eftergrûn de yntergemeentlike fuzjes en gearwurking. In brânwar wie de lêste tiid nammentlik gewoan in gemeentlike taak, wer’t op de gemeentehûzen, tichtby, sjoen waard wer’t de brânwarweinen it bêste stean koenen. Organisatorysk soenen dy fjouwer ôfdielingen noch altyd gemeentes wêze moatte. En no ha se in skets makke fan Fryslân yn fjouweren en eins liket it net iens sa raar, sa soe de weryndieling der likernôch útsjen moatte, útsein dus Littenseradiel en Boarnsterhim, mar dat kin je wol útgomje. It singeliere is dus dat dy brânwar jongens al in weryndieling op papier sette, dy’t yn realiteit noch lang safier net is. At je sjogge nei hoe stadich at it yn Ljouwerteradiel giet, hoe’t Harns de saak fersiket, hoe’t Hearrefean en Drachten net doare troch te pakken, dan komme we dus no telânne yn de sitewaasje dat de brânwar aanst as ienige ynstelling yn Fryslân ree is mei de weryndieling en dat de befolking der in hiel ein efter oan komt. Folle mear as in kertier.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s