Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

30 11 12

 

Tiden binne oan it feroarjen. En somtiden soargje de nije tiden sels foar de feroarings. Ik neam in foarbyld. Yn Nederlân wurdt net mear bout, mar doe’t er noch bout waard is altyd hiel omsichtich omgien mei wat er bout waard. O wat wienen we foarsichtich. En we libje yn Nederlân, dus dy fersichtigens moast ek regele wurde. Der kaam  in schoonheidskommisje, dy’t yn elke gemeente oer de nijbou fan alles wat te sizzen hie. Hiel langsem waard dat oardiel fan de schoonheidskommisje wichtiger, de politisi dy’t altyd wol dwers woene, dy hantearren dan it ferhaal fan de schoonheidskommisje om yn de ried te âldehoeren. Op it lêst fûnen de bestjoerders it goed, en bepaalden  de schoonheidskommisjes  alles. No ja en dêr kaam ek wer krityk op fansels, en doe draaiden se it net wer werom, mar dan gienen se in stapke fierder. En dus waard der in nij soarte schoonheidskommisje oprjochte. Dat krige allerhande titels, welstandskommisje is noch wol dien. Mar der is trochreguleard en yn Fryslân hiet it no Hûs en Hiem. In strang orgaan wie’ t altyd. Dan sieten der wat arsjitekten by elkoar oer sa’n plan fan in fjirde arsjitekt te praten en dan hienen se der fansels fan alles op oan te merken. Want werom bin je arsjitekt, dat is omt je oars tinke as in oare dy’t al arsjitekt is. Oars hoegde der mar ien arsjitekt te wêzen en der bin in hiele soad. Mar no sit der dus hieltiid oarstinkende arsjitekten yn de kommisje fan Hûs en Hiem, dus in hiel soad plannen waarden net oannaam, omt de tinkwize oars wie. Itselde mei iten of in lânskip, de iene fynt it moai of lekker, de oare fynt it neat. Der bin ek sat lju dy fine dikke reinbuien yn in swiere stoarm hiel moai en der bin  lju dy’t der fan oer de nekke gean. Der is wol wat sleet kaam op dat gedoch fan Hûs en Hiem, mar at der dan wer in nije arsjitekt komt, dy moat geestlik fansels wol efkes op de bealch ha. En de amtners fan de gemeente dy’t der by sitte en tsjin de ûndersochte bewenner en arsjitekt sein ha at jim it no sa en sa dogge dan komt it goed, mar dy krupt yn syn hoekje en biedt gjin wjerstân. De  sentimeters fan de dakkapel waarden by my letter útmjitten at it wol kloppe hie mei de tekening, dat wie fansels net sa en eins hienen se wollen dat ik it wer ôfbruts, ôfbrekke liet dus. Ik mei bygelyks gjin glêdde glazuurde dakpannen op myn dak ha.  Miereneukers. Dat tink je dan, dat siz je net lûd op, dan krije je nea jo dakkapel. It wurdt wol wat soepeler, se bin my by grutte gebouen wolris te maklik, smyt it oeral mar tusken, wylst dy gebouen yn de sa’n soart oanwêzige romte yn Fryslân stean moate soenen, dan soenen se folle moaier útkomme. Harmonie yn Ljouwert, Teater yn Snits, nije Fries Museum eins ek.

Mar no komt de grap. No bin de sinnepanielen foar it ljocht kaam. Wy hâlde net fan wymnûnen. Dus sinne-enerzjy. Net te djûr, binnen fiif jier bin je oan de winst ta, en ienfâldig spul. Mei subsydzje fan de oerheid, want dy is o sa geil op it wurd duorsem, en dat ha se der op set. Mar no klapt elkenien dus fan dy skerms op syn dak. Samar. Freegje se Hûs en Hiem of de  schoonheidskommisje net nei. En wurde dêr ek net ta twong troch de gemeenten. Nee, bats, hjir ien, dêr ien, o jong ik kin wol acht kwyt op myn dak. Hoe mear hoe better. Dus we ha in swiere striid hân om dat dak en dy dakkapel sa kreas mooglik derop te krijen, neffens algehiele schoonheidsnormen en no klappe we dy lilleke dingen der op. Dat moat ek want o wat is it duorsum. Mar dan kin toch ek dat hiele oare gedoch fan Hûs en Hiem tenei wol fuortsmiten wurden. Kinne dy arsjitekten einliks wer har eigen wurk dwaan. Bygelyks dakken tekenje werop at der it measte plak is foar sinnepanielen.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s