Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

04 12 12

Ha jim it ek fernaam. Ja want jim lêze ek kranten, sjogge ek tillefyzje en harkje nei de radio. Of jim sjogge op ynternet. En wat heare of lêze jim dan. Dat we hjir yn Nederlân sa korrupt as de hel binne. En wy Friezen meie altyd o sa graach fertelle dat wy better binne as dy gewoane Nederlanders, dat is absoluut net sa, ek wy bin in korrupt folk. It bart hjir ek. Hiel Nederlân is ien grutte korrupte bende. Allinne we neame it yndividualisearing. We ha jierren dien om te fertellen hoe korrupt at oare lannen wol net binne, en dan moast dêr dus ûntwikkelingshelp hinne en dan koenen we goed sjen hoe’t se dat jild dan wer korrupt trochslûzen nei de lju dy’t de macht yn hannen ha. Dêr ha we fan leard. Safolle, dat wat blykt no: wy bin like korrupt. We ha in tal jierren  safolle sinten fan de wente-hierders ôftroggele dat de wennningkorperaasjes genôch jild hienen om lekker te ynfestearen. En dy bin dus no op de bek gien. No ja en doe moasten de direkteuren nei hûs, en no blykt dat se dan fierder yn Mallorca libje. En om it saldo fan de korperaasje wer wat op te fizeljen ha we de hieren wer omheech dien. Ach, se hienen de ynfestearingen net goed yn’e hân, no dat kin de pensioenjongens ek al net. Jierrenlang wie der blykber net in sint yn de kas fan skoalbedriuwen. Mar sa blykt no, dat kaam omt de direkteuren yn trije lease-auto’s riden. Wat moat in direkteur mei trije auto’s, no sju, hy naam dy lytse Smart mei at er nei de minister gie om te fertellen  dat der te min jild is foar syn skoalle. Dat nije jild koe dan moai brûkt wurde om yn it begjin fan it skoaljier mei de ôfdielingshaaden efkes nei Frankryk of miskien wol Curacou foar it tarieden. Moai út de drokte, o sa noflik. En o nee, de studint net sintraal stelle, dy moat sa dom mooglik bliuwe, dan betelje syn âlders de stúdzje wat langer. Wittenskip. Alles wat by elkoar skarrelje út in oar syn boeken en  oars sels mar wat betinke. Ach, sorry. Sûnenssoarch, sels de lju mei in persoansbûn bedzjet bedonderje de oerheid, mar it bin benammen ynstellings dy’t dat foar ús memmendy dogge, sogenaamd foar de pasjinten mar je moat sels al wat opstrike net. Fansels hienen we, gewoane lju , wol yn’e gaten dat it net hiel goed gie. Dus wie der al tafersjoch oansteld. Njonken de rieden fan behear, fol fan dy folmolken kommissarissen, ek noch rieden fan tafersjoch. Mar wat blykt no, de lju yn dy rieden fan tafersjoch ride no ek yn leaseauto’s. En no moat der dus wat oars barre yn dit korrupte lân. Hielendal oars. Wit jim wat we dogge, we beneame ynspekteurs, in hiel soad, en dy moat alles neigean. Nee, net wat der bard is, mar wat der noch barre kin. Nee minsken gean mar lekker sliepen, wy rêdde der wol mei. Wy stelle gewoan noch in hiel djoer tasjend tasicht oan op alle tasichthâlders. Dat bin we teminsten wis dat it hjir in likese grutte rotsooi bliuwt sa’t we dy hjir al hienen.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s