Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

06 12 12

 

Hjoed wurdt de Hanzelijn oplevere. Wat ik net wist is dat der yn Nederlân ek in keninklike trein is, ik tocht dat dy lju sûnt Bernhard altyd fleagen. De keninginne hat hjir dochs lêsten ek yn Heech  yn in helikopter west, ha jim ea de keninginne yn in trein sjoen? Mar se iepent hjoed mei har keninklike trein de Hanzelijn. Dat is allegear in bytsje bûten ús omgien, inkel moasten we by Swolle in ein rinne, mar it hie ús omtinken wol ha moatten. Wy Friezen stienen nammentlik oan de basis fan de histoarje fan dizze Hanzelijn. Sju we soenen in hiel snelle ferbining ha fan Grins oer Drachten en Hearenfean en dan Emmeloard, Lelystêd en dan sa nei de rânnestêd. Jawis, it Suderseespoar. Mei in supersnelle magneettrein soefjend oer grutte betonnen heechlizzende spoorbanen. Mar doe ûntdutsen we yn 2006 dat fiif jier letter der in geweldige krisis wêze soe en yn krississen bou je net. Ja yn Lubbers syn jierren wol en doe gie it ek ynienen folle better, mar we ha no blykber leard dat we dat net wer dwaan moatte dan giet it te gau wer goed. Dus it suderseespoar gie oer. No bin dy Grinzers wat tûker as at wy binne dus dy begûnen wer te seuren oer in âld idee, de Hanzelijn en ja hear, dy waard wol bout. Grins, Swolle, hapstee nei Lelystêd en nei Amsterdam, Grins soe tweintich menuten earder op Schiphol wêze. Dat blykt no net mear as fiif menuten te wêzen, mar dy ha je dan dochs mar wer, dêr kin je de keninklike trein foar noegje. Wy ha neat. Swolle is no it epysk sintrum fan it spoar, dêr komme no acht linen by elkoar, dat smyt ek noch wol wat op. Wy komme mei it boemeltsje Swolle binne, dan moat we oerstappe nei seis perrons fierder en  sa bin we dy fiif menuten dy’t de Grinzers noch ha ek wer kwyt. Dan mar mei de bus. De Arriva lit hjoed twa nije bussen ride. No ja it bin net mear as buertbussen yn de súdwesthoeke, mar se bin sa moai opkleure dat it moat bysûnder wêze om der yn te sitten. It moat sowieso bysûnder wêze om yn in bus te sitten op it plattelân, want sa linkendewei dûke dy hielendal op. It is gewoan in perpetium mobile. Se litte minder bussen ride, dan komt der minder folk omdat dy har op oare wize rêdde moatte, dan komme der wer minder bussen en dus komt der wer minder folk en sa hâlde we gjin bussen oer. Dy bussen dy’t hjoed presinteard wurde, komme aanst amper de garaazje mear út. De nije tsjinstregeling skynt in ramp te wêze, je sette jo bern moarns tusken seis en sân  oere yn de bus en hy of sy kin nei fiven werom komme, oars is neat mooglik. Dus mar mei de auto. Hjoed wurdt fansels ek mei gedoch, it Drachtsterplein yn Ljouwert iepene, foar de safolste kear. It is yn in dik jier tige fernijd. Der is ús 721 kear ferteld dat it dêr better fan wurde soe. No ja at al dy wurklju der moarn wei binne fan dy needstroken dan kin we dêr de auto’s kwyt, want je ride no soms troch grien mar op de midden stean je stil efter in soad oaren en dêr wolle oaren stromen dan ek lâns. Moarns stiet fanôf de Himrik alles muorrefêst rjochting MCL, middeis rjochting Drachtstere brêge. It stiet muorrefêst.  In brân yn Wergea sil fanút Grou blust wurde moatte, je komme it Drachtsterplein as branwarauto net oer, nimmen kin in kant ‘t, it stiet stil. It ienige wat der bart is nei in jier kloaien dat de fyters no oeral ûnder troch geane, dy bist kwyt. Mar dy fytsers bliuwe no stean om yn stomme ferwûndering te sjen nei al dy stilsteande auto’s mei flokkende sjauffeurs. Lêst wie der wer sa’n bestjoerder dy sei : no is it oplost. It blykt no dat hy der moarns om trije oere wie. Trije iepeningen hjoed, trein, bus en auto. Mar we komme der net in sentimeter mei foarút.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s