Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

07 12 12

 

Snie. Snie raast oer ús provinsje. Juster wie’t in plaatsje, werklik sa skitterend at je dy moaie wite laach oer de greiden en beamkes seagen. O Anton Pieck wie der hielendal neat by. Mar… we seagen it net. We hienen der gjin tiid foar. It Sinteklazeslokje siet noch wat dwers, earst marris besykje de auto iepen te krijen. Skuorre oan de doaren, ja de iene liket los. Moter starte, skrabberke pakken. Ja, mar earst de snie fuortfeije, jasses, iiskâlde hannen. Earst wat op blaze, dan besykje it iis fan de ruten te skraabjen. Dan ride, mar ferdikke se hiene noch net struid.  No ja wol sei dy man fan de provinsje foar de radio, we ha wol struid, mar no moatte de auto’s der oer hinne ride oars wurket it bytsje sâlt net. Mar man, de auto’s kin net ride want jim ha net skood mar en heal struid. No dan moat jim mar efkes wachtsje oant der genôch minsken oer hinne riden ha, want sokke idioaten bin der altyd wol, en dan wurdt it miskien wol wat better. De befolking fan dit Fryske lân is ûnfoldwaande op de hichte dat de oerâlde wearden der net mear binne. Dy oerâlde wearden fan sjen dat je de dyk skjin krije, want dan kinne de minsken wer op it paad. Nei it wurk. Of om in krystbeam. Yn de sniewinter fan 79 stode it lykas no, inkel it kaam doe út Dutslân en dêr lei noch folle mear snie as by ús. En dy snie stode hjirhinne en Fryslân wie ien grutte snieprakke. Oeral wer’t it heake kamen wâlen fan wol meters heech. De gong nei de doarpen waard troch de snie fersperd, je koene nearne mear komme. Mar de lju fan de struiweinen ha har fiif dagen ward om it wer safier te krijen krijen dat alles wer sawat berikber waard. Se hienen doe ek sizze kinne, we gean wer op bêd, hjir is gjin krûd tsjin woechsen. Dan hienen we doe noch tsien dagen langer yn de ellinde sitten. Mar goed dat dogge se dus net mear en dat moat wy efkes witte. En rekken mei hâlde. It is wat in oare filesofy, mar it kin bêst hear. Snieflokken twirrelje om it hûs hinne, de jûns tefoar, sis mar Sinteklazejûn. Noch wat wyn der by, dus it hope hjir en dêr ek wat. Wat we net dienen, mar soks moat al, dan maile of sms-e jo daliks jo baas, it wurdt moarnier gâns letter. Tsjin de tiid dat dy struiers nei de kofje it allegear yn de rin fan de moarn wat ûnder kontrole hienen skarrelje jo nei it wurk. Dan moat je eins healwe de middei al wer gau nei hûs. Want Piet Paulusma is wreed, de hiele neimiddei en jûn snie sei’t er. Dus jo melde alfêst he baas moarn  bin ik der net. Dat is goed. Guon fan de lju kin tús op harren kompjoeterke wol wat dwaan, der bin wurkjowers dy skrasse wat frije dagen, en oars dan moat je it mar aksepteare as oermacht, it is net oars. De klanten wurde ek ôfbelle, we kin net komme, dy stean ek oant de nekke ta yn de snie, dy begripe dat. En Rutte en Samsom rêdde mar mei de ekonomyske skea dy’s soks allegear hat, noch in miljardsje besunigje kin der noch wol by. Mar it wurdt wol dudlik dat de lju dy’t yn de grutte plakken wurkje, en lyts wenje dêr no ek mar wenje moatte. Dit is in lêst, dit bestean fan it plattelân yn Fryslân.  Dat gedoch mei dy diken, dy bussen, dy skoaltsjes, dy lêste winkeltsjes, dy lege tsjerkjes…… en dan mei de snie alles dûbeldop….fuort mei de rommel. En al kin je Ljouwert en Drachten eins ek net trochkomme fanwege de snie, dan mar rinne, in oere earder fan hûs, mar jo komme teminsten op it wurk, de bern allegear nei skoalle, net mear  plattelânsgedonder fan dit kin net en dat kin net. Nei de stêd, de boargemasters stean al klear om de hegere salarissen foar mear ynwenners yn de beurs te tropjen. De wentebou is stiekem al begûn. O ja, dat miljardsje, je smite dochs gewoan it plattelânsbelied derút. En de struiweinen kin dan nei de Sahara.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s