Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

11  12 12

Op de skoalle foar fuortset ûnderwiis yn Balk, it CSG Gaasterlân wurdt it hjoed in moaie dei. Sju Jelle Bangma fan it mienskiplik sintrum foar ûnderwiisbegelieding dat net sa mienskiplik mear is dat it noch mienskiplik neamt wurde mei, mar ik ferpof it om de nederlânske titel te brûken, dy Jelle Bangma hat mei de learlingen in workshop hâlden, want it MSU brûkt hiel faak moaie ingelske wurden om it wurk wat se dogge te ûnderstreekjen. It wie in workshop ferhalen skriuwe. O sa moai. De learlingen ha har der hielendal yn smiten en de moaiste ferhalen skreaun. Eeeh, ja dat is my ferteld teminsten. Ik wit it fansels net, ik ha se net lêzen. Of wat noch moaier west hie, ik ha se net heard. Ferhalen moat je eins hearre. Dat dogge we fierstentemin. Wat is der moaier as dat immen in ferhaal ferteld. Ofrûne snein seach ik dat kunde tee naam yn it Abe Lenstra stadion en ik sei lêbjend, tee, wy ha kofje. Mei’k net sei er , en ek gjin bier. En doe begûn er in ferhaal oer, want hy is in sterke biljerter, in kroech yn De Ryp, dêr moast er biljette en dat dy kastelein hiel sneu wie dat er gjin bier en kofje mocht, want dêr libje biljerters op, mar dat er úteinlik safolle tee en colaatsjes mei ynhâld naam en rûnstruid hie oan de skiedsrjochters, dat hy nei twa dagen in moai bedrach ynlevere hie by de kastelein dy’t him no noch goed kin. No sa. Moai ferhaaltsje, mar ik stie te dûnsjen as moast ik pisje, want ik soe efkes hurd kofje helje, want ik moast nei de frou want we moasten noch …… en de wedstriid begûn sa daliks. We ha gjin tiid mear om ferhalen te hearren. Eartiids stienen je by de brêge. Dan kaam der in falkje mei in moai frommiske troch, en oer beide hiene je wol in  ferhaal. Je hoegden ek neat. Van gewest tot gewest begûn pas healwe sânen en fierder dreau der neat. Je dienen nammentlik alles wat je dwaan moasten earst en dan kuierjen je nei de brêge, Mar yn myn wurk ha’k it ek wol hân, dan wie’t rêstiger, ik wit net hoe’t dat koe, mar dan sieten je soms wol in oere op de leugenbank fan Lemmer nei de ferhalen fan de âlde mannen te harkjen.  En no sit je al wer daliks te riden, ik moat dit noch en ik moat dat noch. Mar no is sa moai dat se dat op dy skoalle yn Balk begrepen ha. Dêr komme Marijke Geertsma en Jan Arendsz hjoed om de bern te learen hoe’t je in ferhaal fertelle. Dat witte bern net mear fansels. Dy ha noait meimakke dat sa’n âlde Hylper fisker foar’t er de lêste sin fan syn ferhaal fertelde efkes lofts oer it skouder in prûmke spuide. Wat in effekt. No en Jan en Marijke binne folwoechsen en trochgroeide tonielspilers, dy witte presies hoe’t je in ferhaal fertelle moate, Sterker derfoar komme minsken nei it teater, ik ha sneontejûn noch sjoen hoe’t de trije Wittermansen harren eigen ferhaal noch al wat oerdreaun mar derom hiel moai en benammen yndrukwekkend fertelden. No Marijke en Jan kinne dat ek. Mar omdat se by Tryater dien krigen ha begjinne se no de bern op te fieden om ek soks te kinnen, dan hoech je net mear nei it teater, dan kin je gewoan nei je bern harkje. Want dat dogge wy fansels ek net he. Heit, Jan Arendsz fûn myn ferhaal hiel moai….. fijn famke, en heit dûkt wer efter de krante. Meeem, ik ha in moai ferhaal skreaun wol mem it ek hearre. No nee ik bin no efkes mei myn tablet dwaande, en  oars bin‘k it aanst allegear wer kwyt, asto de ierpels efkes skylst , dan kin we nei iten noch wol efkes.…. mar nei iten komt de buorfrou der yn want dy moat mei mem kryststikjes meitsje en heit stapt efter de kompjoeter om de betellings noch foar de kryst te dwaan. Yn de hoeke sit it famke mei har moaie ferhaal. Se wit no fan Marijke hoe’t se it foarlêze moat. Mar der is net ien dy’t harket. Want wat we de bern jierren ferwiten ha, dogge we no sels.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s