Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

13 12 12

Wittenskippers bin no al hast twa dagen dwaande om te witten te kommen wat dy twa dikke klappen wiene dy’t de minsken tiisdei sa om ien oere hinne opskrille ha yn Fryslân. Ierdbeving tochten guon en doken ûnder de tafel, want net elk hûs is like goed bout hjirre, yn de goeie tiid moast it der wolris hastich efkes tusken troch omdat de lju dy’t it hûs kocht hienen al mei de ferhûswein foar de doar stienen wylst de oannimmer der noch graach in pear spikers ynhoue woe. Mar der kaam neat del. We ha noch efkes op de dyk by Harns stien, nee ek net in tsunami dy’t Skylge al oerrompele  hie. Mar wat wie it dan foar gedonder? Hee wittenskipper. Mar wittenskippers, ornaris tige selsbewust de skuldigen yn de wrâld oanwizend, hellen no de skouders op. We witte it net. En se witte it noch net. Lûdstrillingen yn de loft, dat moat it west ha mar fierder komme se net. Foar de wissichheid bellen se noch efkes mei de fleanbasis. Mar dy beweare dat alles oan de grûn stie. Beweare, want definsjelju lige eins altyd. Mar ja, ek de spotters ha net sjoen dat der in F16 fan de grûn kaam is. Ek net in JSF oankaam om te oefenjen? Neuh, dy makket safolle lûd, dan hienen se it yn Den Haach wol heard. Wat hat it dan west? It wie te hearren oan de noard en de westkant fan de provinsje. Drachten en Wolvegea wiene der frij fan.  Miskien bin de sâltkoepels fan Frima yn de grûn wol ynelkoar dondere, en sakket hjoed in part fan Frentsjeteradiel de boaijum yn. Of leit it gasplatfoarm dêr oan de noardkant fan it Amelân mei de peallen  omheech te skodzjen. Hat dy wittenskipper der al hinne west?  Elts seach trouwens in bytsje nei de kant fan Dutslân en Denemarken, mar ek justermoarn stie der neat yn de Tillegraaf dat dêr in seksbom of wat oars ûntploft wie. Sûnt 2001 roppe we by soks altyd Al Quaida, mar der is allang bekind wurden dat dy besluten ha Fryslân net oan te fallen, wy bin yn it Frysk noch fundamentalisker as sy sels, dêr kom je net oan. Mar wat hat it dan west. Samar in lûdstrilling, no ja se sykje it mar út mar ik leau der net yn. Soks komt toch altyd earne fan. Immen skille my en sei, dy guozzen, der bin hjir no in pear miljoen, dy bin allegear tagelyk opflein want der rûn in wezelinkje yn´e buert fan Peinjum. Dy guozzen joechen my dochs in klap. Hiel fersichtich ha´k de tillefoan tusken tûme en wiisfinger pakt en hiel suntsjes dellein. Dy man hear ik noait wer. It is ek net sa dat der ynienen twa oaljefrachtweinen op elkoar botst binne yn de bare romte, want dy romte ha we yn Fryslân net mear. Je stopje wolris op in hiel stil dykje en dan sjoch je efkes hielendal gjin libben, mar in sekonde letter is der al wer ien. En noch altyd bin dy wittenskippers oan it sykjen, Se ûndersykje oft dy botsingen fan kjeld en waarme lucht , dochs wol tsien graden ferskil sa no en dan de klap jouwe, mar de jongens fan de KNMI skodden de holle, it wie yn Grins altyd folle mear hin en wer no en at der guon  leven meitsje kinne dan  binne it Grinzers wol. Nee se fine it net. Sil ik it dan mar sizze? Tusken Beltsum en Minnertsgea wenje twa jonkjes, twa broerkes op in buorkerij. Ik siz net hokker, dan is de wille derôf. Dy jonkjes, 12 en 13 binne superyntelligint. Dy witte al folle mear as harren skeikunde leraar. Fia ynternet kinst tsjintwurdich in atoombom meitsje. Se makken him in bytsje lytser en sûnder atomen. Dy dienen se yn de carbidbus fan harren heit. Se ha earjuster ien kear besocht. Se hienen koptillefoantsjes oer de earen, se wisten it wol sawat. De knal wie noch swierder at se tocht hienen. De jonkjes ha de carbidtonne wer oprêdden en lake om de wittenskiplike konkluzjes. Se ha elkoar in hantsje jûn. En seinen, it wurdt in moaie âldjiersdei.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s