Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

14 12 12

 

Wolkom iisfreonen. Bliid dat jim der allegear binne op dizze jierlikse algemiene ledegearkomste fan de alvestêddeferiening, hjir yn de Harmonie. Om healwe fiven bin jim der ynkaam, o sa fleurich en jim ha al pratende oer iiswille dizze seal berikt. Wat seine jo ? …. Nederlânsk….? Nee, nee, wy sille ús tenei inkel mear yn it Frysk hearre litte, dat hat syn reden, wy dogge in stapke wer werom yn kommunikaasje, dat fertel ik jim aanst.  De gearkomste op himsels hat fierder nammentlik net al tefolle om’e hakken. It wichtigste is dat Hein Dykstra en ik, Wiebe Wieling, wer keazen wurde  kinne ta bestjûrslid fan de Vereniging der Friesche Elfsteden, sa’t wy offisieel noch hieltyd hiete. No en jim passe der wol foarop om jim foar in bestjûrsfunksje op te jaan, dat Hein en ik moatte noch mar wer in kear. No en fierder sil der aanst by it finansiële ferhaal wol wat ge-eamel wêze fansels, mar dat damje ik no fuort mar efkes yn, ja we ha in bulte jild útjûn foarich seisoen, dit jier  ferbrewaris, we moasten alles wol ree meitsje, mar it smiet net in sodemiter op fansels. Mar dat jout ek neat, at der in tocht komt dan betelje de lju dy’t him dan ride dûbel en dwers wer werom, sa kinne wy ivich bestean bliuwe ek yn krisistiden. Der is in kwak leden bykaam, dy dogge ek net mer as beteljen, mei net meiride.Dan dy kommunikaasje. Wy ha oerwoegen om in foarstel op tafel te lizzen om de funksjes wat better te ferdielen. Sju we ha yn febrewaris sjoen hoe moai at it wurket, ien saneamd rayonhaad, ja hy wie mar assistent, mar witte dy media folle. At sa’n man no it gedoch mei de parse foar syn rekken nimt, dan kin de oare moai it wurk dwaan. Auke Hylkema, noch hartstikkene betanke foar de sjootsjes dysto opfierd hast mei troch it iis te sakjen  en de Luts sa gefaarlik te meitsjen, moai , moai, it helle de druk by elkenien wei. Dus wy tochten dat yn elk rayon te dwaan, ien gewoanen , dy’t it wurk docht en regelt en in clown dy’t foar de parse dûnset. Mar we ha sjoen wat der begjin desimber barde, en we ha dochs mar oare foarstellen. Hjir sitte net safolle media yn de seal want dy ha oer de holle sjoen wat op de konvokaasje stie, media moasten har opjaan om dizze gearkomste by te wenjen. Dat betsjut dat der bûten seis kameraploegen en 30 skriuwende sjoernalisten stean te wachtsjen, dy hiene har net opjûn, en Immie is strang.Wy wolle it sels folle mear yn hannen hâlde. Wat der yn febrewaris barde, der stie al mei 50punts letters op de foarside fan de Tillegraaf Elfstedentocht, wylst it noch net iens frear. En alle media binne der efteroan toffele, dat hellet ús tefolle fan dy earste oardel wike ôf en dy tiid ha wy wol nedich. Wy wolle dat net wer. Mar je hâlde dat net tsjin, want doe’t in ferdwaalde waarman in pear wike lyn sei dat der miskien wol nachtfroast komme soe hat de Wereled draait door  al wer rom tiid oan de alvestêddetocht jûn, en  dat gie fansels hieltyd mei it op ferkearde foet setten fan de minsken. Ik wol op’e nij myn tankwurd útsprekke oan Auke Hylkema, dy’t wegere hat yn dy útsending te ferskinen. It hie moaier west at er him ek de bek hâlden hie oer dy skerms dy’t we dêr by de Luts delsette soenen. We wolle it net wer dat idoate doelleaze mediagedoch, we wolle oan it wurk bliuwe.  Dus wy sizze neat mear tsjin de media, oars stean je de hiele dei yn mikrofoans te praten en op it lêst wit je net mear hokker ferhaal je betocht hienen om mei te begjinnen. We bin der net. Lit se Piet Venema en Henk Kroes mar ynterfjoe-e, we bin der net, der wurdt ek neat regele mei deistige parsekonfersinsjes. En at de tocht der is, bin wy der ek ynienen en is alles klear en  dan  kin we fuort los en miskien dat we dan wol sizze wolle  dat der in moaie dei riden yn Fryslân oankomt. En mei dy wurden ha ik de gearkomste iepene.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s