Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

17 12 12

Tryst wykein. En dan ha´k it noch net iens oer it waar. Nee, sneontemoarn krige ik de Ljouwerter Krante, no ik wie der noch gjin tsien menuten yn ûnderweis, doe hie’k al in kwak mankelykens troch de bealch hân, ferskriklik. Ach, Syrië bin we al hast wer tsjin bestand, 100 deaden of mear, we wurde der net mear tryster fan. Mar neat komt ek mar yn de buert fan wat der barde op dy skoalle yn Amerika. Terjochte dat sa linkendewei no ek yn dat lân sein wurdt: soene we it net ôfskaffe moatte dat elk mar oan in sjitwapen komme kin. Mar we bliuwe fansels ek hjir, want se ha dy jonge yn Alphen dochs ek oan in wapen komme litten, we bliuwe benaud dat it ien kear bard op in skoalle werop ús bêrn of bêrnsbêrn sitte.  It famke yn Staphorst, foar de eagen fan har klasgenoaten. En alles derfan komt no boppe yn de media. Hoe hat elkenien dat oer de holle sjen kinnen, sizze wy dy´t der neat mei te krijen hiene. Mar dan begjin je dus sa’n tryst wykein te  betinken wat wý net oer de holle sjogge, werom rint buorfrou eins hieltyd mei de holle del, mar ja we wolle ús der ek net mei bemoeie. Of wie dat sosiaal ôfhinklike belied fan eartiids ek wol wat, elk tocht om in oar. No ja en at je safier binne dan wurd je ek tryst fan de lytse dingen dy’t yn Fryslân barre. Sa´n tryst ferhaal út krimpfoaroprinner Holwerd, de ûnmacht fan de lju dy´t der dan om hinne rinne. Of it ferhaal dat no de hiele súdwesthoeke fan Fryslân fallyt is omt de lju hieltyd boppe harren tillefoanrekken gien binne mei sms-kes foar Jehannes Rypma, dy´t inkel mar meisong hat om hieltyd dudlik  hearre te litten dat de oaren folle better sjonge koenen. En it tryste sit dan yn dat lju har sa meislepe litte troch dit soarte kommersiele gedoch. Of it kloaterige gedoch wermei Fryslân omgiet mei Thialf, eindelik wurdt de parse posityf oer in goed Thialf ferhaal en no lizze de bestjoerders dwers. Ik ha sels begrepen dat der steateleden binne dy´t sizze dat it reedriden oer 5 jier neat mear foarstelle sil. Tagelyk sipelt op de radio it berjocht troch dat Hein Ottespeer twa hûnderste efter Shani Davis einigt. Of stelt dy ek neat mear foar?  Ja en dan wurdt ik sels tryst fan de meidieling dat je no njonken jo fakbûnsspeldsje en keninklike ûnderskieding ek it alvestêddekrúske op jo jaske ha meie. No ik ha ferline wike dy dokumentêre sjoen oer de gesneuvelden fan Nederlân yn Afghanistan. Dan wurdt je mislik fan dy hege militairen mei al dy lintsjes op it boarst en mar sizze, it is slim mar it wie allegear nedich. Mar it ûnderskied is der no wol fansels, inkel de lju dy´t neat op it revêr ha dy doge  No ja en hielendal tryst wie fansels dat ferhaal oer SC Hearenfean. Tryst omt net ien sizze wol wat der oan de hân is. It hat namentlik allegear mei itselde te krijen. Minsken bin inkel mar mei harsels dwaande. We gean net aardich foar elkoar de kryst yn. Ik fernuverje my om de lêste positivisten. Dy sizze mar dat it allegear wer better wurdt at je wer respekt, begryp en betrouen foar en yn elkoar ha. O ja en leafde fansels. In fergese oprop nei in  grutter sosiaal gefoel fan dizenige wolwêzenswurkers en fêstrûne CDA-politisi. Skyt omheech. Wy ha gewoan gjin inkele belangstelling foar in oar yn de mienskip. Dêr  komt myn measte trystens wei. En yn sa’n tryste tiid stiet der dan ek noch yn de sneonskrante fan de LC dat  se sels ek rêdden wurde moate. It makket sa’n wykein suver wat minder tryst at blykt dat der twa boaden dien wurde op de Ljouwerter en dat Grinzer krantsje. No der moat ien fan slagje. Want it soe net goed wêze at it ferdwynt. Ik bedoel der moat dochs ien wêze dy’t ús yn dizze tiid fertelt wat der oan de hân is, en dus tryst makket.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s