Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

18 12 12

 

Jongens, famkes, der is wat geweldigs bard. Ljouwert is twadde. Twadde!!! Moat jim jim foarstelle. Twadde yn Nederlân. Lykas Jehannes Rypma. Twadde. Ja, nee net earste, dat is wat spitich. It mear dan geweldige Veenendaal gie Ljouwert foar, ja dy wiene net te ferslaan. Logysk fansels , Veenendaal, 62.000 ynwenners. Der kom je as suterich stêdsje mei 90.000 minsken fansels net gau by, net te ferslaan. Weryn? Wit jim dat net iens? No moat it net raarder. Wit jim net dat 40 ûndernimmers, winkellju seine we eartiids, dat 40 winkellju út Ljouwert al trije kwart jier dwaande binne mei ús nije winkeljen. Se ha dêr jûnen en jûnen oer praten en no ferskynt hjoed de website Nieuw Winkelen. Yn Leeuwarden, net yn Veenendaal. In website. En wethâlder Henk Deinum sil dy website iepenje. In wethâlder dy’t in website iepent, moat jim jim foarstelle. En at er him iepene hat dan draagt hy dy website ek noch oer oan de stichting nieuw winkelen yn Ljouwert. It twadde plak yn Nederlân dat efter Veenenedaal, los giet mei nij winkeljen. Wat sit jim der hieltiid tuskentroch te âldehoeren….. wat wol jim? Wat Nieuw Winkelen is. Tsja. tsja. Eeeh. Tsja. No sju jim, nee wy, geane net mear nei de winkels yn de binnenstêd fan Ljouwert. Dat komt neffens ús om je dy binnenstêd net yn en net út komme kinne, mar goed we soenen ek mei de trein gean kinne, of de bus. Mar ja, tús, jo sitte yn jo noflike stoel, efter jo kompjoeterke. Moai byld fan wat der te keap is, kin de frou ek noch efkes mei sjen at de kleur fan de sokken har wol oanstiet, en je kin moai fergelykje. De nije gjalp is, ooh bol.com is twa tientsjes djoerder as Zalando. Boppedat jo dogge dat knopke op ja, jo fulle it nûmer fan it kreditkaartsje yn en hup moarn skoue se in nije tillefyzje, of in jas of skuon by jo troch de doar.

Wy rinne hjir yn yn Fryslân noch wat efteroan as je nei it hiele lân sjogge, mar sa linkendewei wurdt dit ús winkeljen. It nije winkeljen is dat de winkellju der foar soargje dat jo noch wol efkes by harren lâns komme. Werom en werfoar, dat is folslein ûndúdlik, mar dy 40 ûndernimmers ha útfûn dat at aanst dy website troch in wethâlder iepene wurdt dat wy dan ynienen wer nei harren winkels komme want we kin har fia ynternet fine, krekt as alle oare winkels yn de wrâld, en dan tink ik dat nij is dat dy winkellju dat god wat wy ha wolle dan fia de kompjoeter by ús krije, in pear dagen letter. Dy winkels bin dan, sa lês ik it, allinne mar útstalkasten, en jo springe dêr by om en wurde deasmiten mei muoilike terms. Stel je foar , in âld mantsje fan de Legeaen komt sa ’n Nieuw winkelen-winkel binnen. En hy seit: dy sokken dy’t dêr hingje, dy wol ik graach ha. O seit dat mokkeltsje yn dy winkel, wat is jo QR code. Dat mantsje hat noch nea fan in QR code heard, dy seit, ik ferstean jo net, dy sokken, dy’t dêr hingje, pak se mar efkes. Nee dy kin jo net ha, ik ful efkes wat yn , dan krij je wol in QR coade fan my, wat is jo e-mailadres. De man wit net wat e-mail is. O, mar jo ha dochs wol foursquare op jo kompjoeter? It mantsje giet holskodzjend fuort, giet nei Specsavers om in nij gehoarapperaat en komt de winkel wer yn en freget jitris om dy sokken. Sju, dy winkels ha de slach mist yn it winkeljen op ynternet, in pear grut wurden bedriuwen ha dat dêr rêdden, kin ridlik goedkeap ynkeapje en binne benammen goed yn it gau spul nei de minsken ta te bringen. No wolle dy winkels yn Ljouwert dus dat wy harren ek fine kinne op ynternet en miskien ek noch by harren bestelle, út nostalgyske oerwagings dus. Se wolle dus gewoan konkurreare mei dy grutte bedriuwen. Dat rêdde se fansels net op, ek net yn Veenendaal. En dy pear sokken hingje der noch, der hat net immen mear foar west.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s